Liet presintearret: Satelliet húskeamerkonserten yn Aldebiltsyl en Grou

As ûnderdiel fan de nije Liet-organisaasje begjint yn oktober in nije ûnderdiel: Satelliet. Yn twa spesjale húskeamertours troch Aldebiltsyl en Grou binne yn trije húskkeamers jong Fri(e)s talint te hearren. Ek trede dichters fan kollektyf Rixt yn ien fan de húskeamers op. De fergese rûte wurdt ôfsletten mei in gruttere akt.
De húskeamertours binne op 4 en 11 oktober. Op beide freedtejûnen kinne maksimaal 100-120 persoanen oanslute. De tours binne fergees, oan it ein fan de jûn wurdt de besikers om in eigen bydrage frege.

Continue reading “Liet presintearret: Satelliet húskeamerkonserten yn Aldebiltsyl en Grou”