(flnr) Erik de Boer, Arjan Hut (presintator), Gabriëlle Terpstra, Eelke Veltman, Sigrid Kingma, Marije de Lange, Jetze de Vries, Alexander Moto, Aggie Meijer, Meindert Talma en Kesanova. Foto: Natalia Balanina
De Frysk/Biltske dichter Aggie Meijer stie mei Kesanova (Kees de Vries) yn de finale fan de tredde edysje fan de Fryske Poëzyslam. Yn in spannend duel namen se om bar de mikrofoan om it publyk mei har wurdkeunsten te ferlieden.
Nei’t it publyk yn it smûke Kafee De Gouden Leeuw mei blommen har foarkar foar de winner oanjûn hie, die bliken dat Aggie mei in minym ferskil ta slamkampioen útroppen wurde koe. Neist ivige rom krijt se in wikselbokaal, in sjek fan 500 euro en in bosk blommen.
Tsien dichters dienen mei oan de slam: neist de finalisten wienen dat Alexander Moto, Eelke Veltman, Erik de Boer, Gabriëlle Terpstra, Jetze de Vries, Marije de Lange, Meindert Talma en Sigrid Kingma. Nei de earste ronde gienen seis troch nei de twadde ronde en dêrfan twa nei de finale. Dichter fan Fryslân Arjan Hut wie de presintator.
Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer, kultuer en/of letterkunde. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde. Kandidaten fan alle dissiplines en nasjonaliteiten binne wolkom. Alle ynteressearren foar de 2026-ronde kinne fan no ôf in útstel yntsjinje.
Utstellen meie yn it Frysk, Nederlânsk of Ingelsk opsteld wurde en moatte foar freed 7 novimber 2025 per mail stjoerd wurde nei ynfo@tresoar.nl.
Mear ynformaasje oer it Fellowship is te finen fia de link ûnder dit berjocht. Ast fragen of opmerkings hast, noegje wy dy út foar in online ynformaasjegearkomste foar de Fellowship 2026 op tongersdei 3 july 2025 om 16.00 oere.
Betingsten
De Tresoar Fellow is in ôfstudearre akademikus dy’t heart by in nije generaasje ûndersikers (dat wol sizze ôfstudearre nei 1 jannewaris 2015)
Fan de Fellow wurdt ferwachte dat hy/sy fernijend ûndersyk docht nei in (diel)ûnderwerp út ien fan de haadtema’s fan Tresoar (sjoch hjirûnder) en dêrby aktyf gebrûk makket fan de kolleksje fan Tresoar
De Fellow jout in publykslêzing yn Tresoar
De Fellow skriuwt in artikel oer de resultaten fan it ûndersyk en biedt dat oan by ien fan de Fryske wittenskiplike tydskriften, lykas Us Wurk of De Vrije Fries
By dizze en oare publikaasjes dy’t fuortkomme út it fellowship wurdt fermelding fan it Tresoar Fellowship ferwachte
Haadtema’s
Tresoar ûntwikkelet syn kolleksje fan in oantal haadtema’s út:
Fryske skiednis
Fryske literatuer
Fryske kultuer
It ûnderwerp fan de Fellow slút by ien fan de boppesteande tema’s oan. Tresoar en de Freonen fan Tresoar kinne in foarkar foar ien fan de tema’s útsprekke.
Stipendium
Tresoar en de Freonen fan Tresoar stelle yn ’e mande in bedrach fan € 12.000 bruto beskikber as honorarium foar de útkiesde fellow. Dêrnjonken kinne reis- en ferbliuwskosten yn rekken brocht wurde oant in maksimum fan € 1500. It stipendium kin takend wurde as in zzp-fergoeding oan de fellow sels (derfan útgeand dat dy as zzp-er oantsjutten wurde kin) of as in fergoeding foar it detasjearjen oan de wurkjouwer fan de fellow (as dy ree is dêroan mei te wurkjen).
Kritearia
Kandidaten foar de Fellow wurdt frege in eigen útstel yn te tsjinjen, dêr’t de relevânsje foar ien fan neamde haadtema’s dúdlik yn ûnderboud wêze moat. In ûnôfhinklike sjuery gearstald troch de beide finansiers sil út de ynstjoerde útstellen in kar meitsje. De sjuery let dêrby op de neikommende kritearia:
a. Kwaliteit ûndersiker, dat moat bliken dwaan út in cv en in publikaasjelist
b. De helberens fan it projekt
c. It ynnovative en kreative karakter
d. Oft it ûnderwerp oansprekkend is foar in breder publyk
e. Wittenskiplike relevânsje fan it útstel
f. Maatskiplike relevânsje fan it útstel
Fasiliteiten
Tresoar stelt ûnder de normale kantoaroeren in fleksplak ta beskikking as dat winsklik is en biedt ûndersyksfasiliteiten yn argiven
Fan Tresoar út wurdt in begelieder/kontaktpersoan oanwiisd
Mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer de fellowship en de ynformaasjegearkomste op tongersdeitemiddei 3 july is te finen by Tresoar.
Op freed 27 juny 2025 organisearret Tresoar in literêr sympoasium mei as tema Lêze is willewurk. Fan 14.30 oant 16.15 oere is der in ôfwikseljend programma mei sprekkers én muzyk.
De sprekkers op it sympoasium binne Alderik Blom, Joke Corporaal, Alex Riemersma en Joop Koopmans. Muzyk is der fan Janneke Warringa, Peter van der Zwaag en Andrea Meijer.
Yn it programma is ek omtinken foar Jelle Krol (spesjalist Fryske Literatuer Tresoar), dy’t dit jier mei pensjoen sil. Jelle Krol hat earder sit hân yn it bestjoer fan it EBLT.
Do bist fan herte útnûge om it sympoasium by te wenjen!
Reservearje hjir in sitplak (maks. 2 tickets de man)
Programma
14.00 oere
Ynrin mei kofje/tee
14.30 oere
Start programma
16.15 oere
Offisjele programma ôfrûn
16.15 – 17.15 oere
Neisit
Lokaasje
Doopsgezinde Gemeente Leeuwarden, Wirdumerdijk 18, Ljouwert
Komst mei de auto? Dan kinst parkeare yn Parkeergarage Zaailand.
Komst mei de fyts? Der is in fytsestalling op it Zaailand
Yn de Nationale Boekenweek (12-23 maart) komt skriuwer Durk van der Ploeg op sneon 22 maart moarns nei de Afûk winkel ta. Hy sil fertelle oer syn boeken, op fersyk foarlêze en syn wurk sinjearje. Ek is der romte om fragen te stellen. Tresoar-direkteur Arjen Dijkstra sil de moarn oan inoar prate.
Kom op sneon 22 maart yn ’e kunde mei de skriuwer en syn oeuvre. Durk van der Ploeg (Hoogkarspel, 1930) is ien fan de produktyfste Fryske skriuwers. Hy debutearre yn 1952 en skreau tal fan romans, ferhalen, gedichten en essay’s. Dêrfoar waard him yn 2011 de Gysbert Japicxpriis takend. Ek wûn er yn totaal 21 kear in Rely Jorritsmapriis.
Programma sneon 22 maart 10:30 oere – ynrin en kofje mei wat lekkers 11:00 oere – fraachpetear mei Durk 12:00 oere – sinjearje en boekferkeap 12:30 oere – ein programma Frije ynrin, oanmelde is net nedich.
Spesjaal foar de Boekenweek is de Afûk winkel dizze sneon de hiele dei iepen, fan 10:30 oant 17:00 oere!
Yn de Nationale Boekenweek (12-23 maart) komt skriuwer Durk van der Ploeg op sneon 22 maart moarns nei de Afûk winkel ta. Hy sil fertelle oer syn boeken, op fersyk foarlêze en syn wurk sinjearje. Ek is der romte om fragen te stellen. Tresoar-direkteur Arjen Dijkstra sil de moarn oan inoar prate.
Kom op sneon 22 maart yn ’e kunde mei de skriuwer en syn oeuvre. Durk van der Ploeg (Hoogkarspel, 1930) is ien fan de produktyfste Fryske skriuwers. Hy debutearre yn 1952 en skreau tal fan romans, ferhalen, gedichten en essay’s. Dêrfoar waard him yn 2011 de Gysbert Japicxpriis takend. Ek wûn er yn totaal 21 kear in Rely Jorritsmapriis.
Programma sneon 22 maart 10:30 oere – ynrin en kofje mei wat lekkers 11:00 oere – fraachpetear mei Durk 12:00 oere – sinjearje en boekferkeap 12:30 oere – ein programma Frije ynrin, oanmelde is net nedich.
Spesjaal foar de Boekenweek is de Afûk winkel dizze sneon de hiele dei iepen, fan 10:30 oant 17:00 oere!
It Keninklik Frysk Genoatskip (KFG) bestiet yn 2027 200 jier. Om dat te fieren komt it KFG mei in jubileumboek mei dêryn biografyen fan 200 Fryske froulju dy’t libbe hawwe tusken 1827 en 2027. De ôftraap wie tongersdei 19 desimber, oanslutend op in lunchlêzing troch Els Kloek yn Tresoar. Sy ynspirearre it KFG. De haadredaksje is yn hannen fan Tialda Hoogeveen. It stribjen is om it boek op 8 maart ’27, Ynternasjonale Frouljusdei, te presintearjen.
Els Kloek is troch har boeken 1001 vrouwen uit de Nederlandse geschiedenis en 1001 vrouwen in de 20ste eeuw foar it KFG it grutte foarbyld foar in soartgelyk projekt yn Fryslân. Fan no ôf stiet op koninklijkfriesgenootschap.nl in list mei 100 froulju, mei in oprop oan it publyk foar oanfoljende nammen. Sjoen it grutte sukses fan it wurk fan Kloek yn Nederlân, ferwachtet it KFG dat it projekt wis oanslaan sil. It is in kâns om froulju it plak yn de skiedskriuwing te jaan dy’t se fertsjinje.
Yn it boek wurde biografyen opnommen fan 200 froulju dy’t tusken 1827 en 2027 in wichtich part fan harren libben yn Fryslân wenne hawwe of in dúdlike (famylje)bân mei Fryslân hiene. It boek wurdt twatalich. Oft in biografy yn it Frysk of it Nederlânsk opnaam wurdt hinget ôf fan de oanbelangjende frou. De biografyen wurde ferdield oer tal fan maatskiplike tema’s. Sa wurdt de gearhing ferdúdliket en wurde frouljusmienskippen sichtber. Tresoar is út namme fan it KFG de pinfierder fan it projekt en is fan plan nei 2027 it projekt ek digitaal in plak te jaan.
Tialda Hoogeveen by it portret fan fersetsfrou en skriuwer Tiny Mulder. Foto: Natalia Balanina.
Nije rykdom oan ynformaasje It KFG befoarderet it ûndersyk nei en de belangstelling foar de Fryske skiednis en kultuer. It KFG-bestjoer hat it idee foar it boek fan genoatskipslid Alex Riemersma omearme om’t it genoatskip oant no ta benammen omtinken jûn hat oan manlju. Ek yn it KFG sels hawwe manlju lang oan it roer stien. Pas yn 2023 bestie it KFG-bestjoer foar it earst út mear froulju as manlju. It KFG-bestjoer beskôget dit projekt dan ek as in lytse ynhelslach. It sjocht dit projekt tagelyk as maatskiplik weardefol. Omtinken foar froulju yn de Fryske kontekst sil liede ta in nije rykdom oan ynformaasje en in better begryp fan de histoaryske ûntwikkelingen yn Fryslân.
Skiednissen opdûkelje Tialda Hoogeveen is skriuwer, sjoernalist en Berneboekeambassadeur. Se wie oant foar koart einredakteur fan ‘de Moanne’ en hat histoaryske boeken skreaun as als De geur van hooi en Alstublieft, mevrouw! Een geschiedenis van de Nederlandse dienstmeisjes. Hoogeveen: “Geweldich dat der op sa’n grutte skaal omtinken komt foar froulju dy’t wichtich west binne foar Fryslân. It liket my in moaie reis om de takom jierren mei in hiel team skiednissen fan froulju op te dûkeljen en wrâldkundich te meitsjen, sadat se sichtber wurde foar in grut publyk. It boek is hooplik in begjin fan in fierdere reis nei oare publikaasjes lykas dokumintêres, podcasts, artikels of biografyen.”
Op sneon 16 novimber is by Tresoar de fyftjinde Fedde Schurerlêzing. Flip van Doorn en Sietske Poepjes jouwe beide in lêzing oer it tema De Friezen en harren ferhalen: de ivige paradoks. Piter Wilkens fersoarget it muzikaal yntermezzo.
Flip van Doorn Yn syn libben en syn wurk mijde Fedde Schurer de paradoks net. Sterker noch: dizze dichtsjende politikus, aktivistyske pasifist en yntellektueel fan beskieden komôf ferienige frijwat utersten yn him. Dat lêste hat er mien mei Fryslân, de provinsje dêr’t er berne waard en dêr’t er foar op de barrikaden gie. Dat makket nijsgjirrich nei de wize wêrop’t Fedde Schurer sjoen hawwe soe nei de Friezen fan hjoed en de opjeften dêr’t dy foar steane.
Flip van Doorn (Zeist, 1967) is skriuwer en sjoernalist. Stof foar syn ferhalen fynt er op it snijflak fan reizgjen, kultuer en skiednis. Yn syn suksesfolle boek De Friezen leit er de ferbining tusken de hjoeddeiske provinsje Fryslân, dêr’t er wennet, de ferhalen fan syn Fryske pake en de skiednis fan syn heitelân.
Sietske Poepjes Flip van Doorn stelt dat Fedde Schurer in man fan utersten wie. Hy ferienige yn himsels tsjinstellingen. Hy wie èn èn. Us tiid freget it tsjinoerstelde fan ús. Stânpunten en identiteiten binne swart-wyt. Men is folslein fóár of krekt der poer op tsjin. Foaral yn debatten oangeande konflikten yn it Midden-Easten, genderidentiteit of it miljeu liket gjin middenwei mooglik. Hoe ferhâlde dy stokramten fan gedachten har ta de Fryske identiteit? Lit de Fries him meislepe yn ritich snowflake gedrach of nimme de Friezen in oare ôfslach?
Sietske Poepjes (Harns, 1979), juriste en CDA-politikus, is sûnt febrewaris 2024 boargemaster fan it Oeriselske Olst-Wijhe. Fan 2011 oant en mei 2023 wie se deputearre yn Fryslân, mei ûnder mear ynfrastruktuer, kultuer en Fryske taal yn har portefúlje. Se is auteur fan it non-fiksje boek Eigenheid – Het belang van regionale culturen.
Piter Wilkens Piter Wilkens (Ljouwert, 1959) is ien fan de pioniers fan de Frysktalige muzyk. Hy is skriuwer en sjonger fan humoristyske en filosofysk kleure ferskes yn tige útienrinnende stilen. Piter dielde ûnder oaren it poadium mei De Kast, Anneke Douma, Gé Reinders en it Noord Nederlands Orkest. Hy wurke ek mei oan teäterproduksjes lykas It geheim fan ’e Kânselier fan Tryater en teäterspektakel Salomon, het Kollumer Oproer.
Plak en tiid
De lêzing wurdt holden op sneon 16 novimber, by Tresoar, Bûterhoeke 1 te Ljouwert.. It programma begjint om 14.30 oere (ynrin fan 14.00 oere) en duorret oant 15.30 oere. Neisit oant 16.45 oere.
Oer de Fedde Schurerlêzing Fedde Schurer (1898-1968) wie in Frysk dichter en sjoernalist. Dêrneist siet er yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Jierrenlang wie Schurer haadredakteur fan de Friese Koerier; syn stilistysk briljante en skerpe artikels wiene bekend yn en bûten Fryslân. Sûnt 2010 organisearret de Ried fan de Fryske Beweging jierliks yn gearwurking mei Tresoar, Fryske Akademy en Ljouwerter Krante in grut opsette lêzing ta neitins oan Fedde Schurer.
Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer, kultuer en/of letterkunde. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde.
Kandidaten fan alle dissiplines en nasjonaliteiten binne wolkom.Alle ynteressearren foar it jier 2025 kinne fan no ôf in útstel yntsjinje.
Betingsten
De Tresoar Fellow is in ôfstudearre akademikus dy’t heart by in nije generaasje ûndersikers (dat wol sizze ôfstudearre nei 1 jannewaris 2014)
Fan de Fellow wurdt ferwachte dat hy/sy fernijend ûndersyk docht nei in (diel)ûnderwerp út ien fan de haadtema’s fan Tresoar (sjoch hjirûnder) en dêrby aktyf gebrûk makket fan de kolleksje fan Tresoar
De Fellow jout in publykslêzing yn Tresoar
De Fellow skriuwt in artikel oer de resultaten fan it ûndersyk en biedt dat oan by ien fan de Fryske wittenskiplike tydskriften, lykas Us Wurk of De Vrije Fries
By dizze en oare publikaasjes dy’t fuortkomme út it fellowship wurdt fermelding fan it Tresoar Fellowship ferwachte
Haadtema’s
Tresoar ûntwikkelet syn kolleksje fan in oantal haadtema’s út: Fryske skiednis, Fryske literatuer, of Fryske kultuer. Tresoar en de Freonen fan Tresoar kinne in foarkar foar ien fan de tema’s útsprekke.
Op 6 juny organisearret Lingotell in ynspiraasjesesje foar boppeboulearlingen fan it fuortset ûnderwiis, studinten, dosinten en oare belangstellenden. Dy middeis wurdt yn Tresoar it ferhaal de Wylde Boerinne op ‘e nij ferteld. Dat wurdt dien mei presintaasjes en workshops fan Froukje Sijtsma (Ferhalemakker), Annalies Outhuijse (Makker fan histoaryske escaperooms), Ypy Zysling (Regisseur) en Douwe Kootstra (Folksferhalekenner).
Wylde boerinne
It ferhaal fan ‘De wylde boerinne’ is no, in iuw sûnt de útjefte, noch hieltyd aktueel. Wa tinkt net gelyk oan De Rijdende Rechter by twa buorlju dy’t bakkelje oer in stik grûn? Mar yn Holtrops ferhaal rint de kwestje wol hiel heech op. De buorlju, de boerinne út de titel, en de boer njonken har, dogge der alles oan om de grutste boer te wurden. Uteinlik kostet it harren alles. Ferskillende ferhalemakkers ha der troch de tiid al mei te set west, lykas in harkspulmakker, in striptekener, in regisseur, en der is sels in audiotoer fan. Wat makket dat dit ferhaal noch hieltyd oansprekt, en hoesa is it wichtich dat dizze ferhalen ferteld wurde bliuwe? Hokfoar keuzes wurde makke by it omfoarmjen fan it oarspronklike ferhaal?
Lingotell is in ynnovatyf, op minsken rjochte en foarútstribjend projekt, dat rjochte is op in echte feroaring yn hoe’t ferhalen beheard en wurdearre wurde. Dat wurdt dien út it prinsipe wei dat ferhalen ûnderdiel binne fan ús kultureel erfguod. Troch it fertellen fan in ferhaal yn eigen taal fersterket net allinne de Europeeske minderheidstaal , mar ek ús takomst as ûnderdiel fan Europa.
Lingotell ferkent hoe’t autochtoane en minderheidstalen ferterke wurde kinne troch de keunst fan it neifertellen. Dêrfoar wurde ferhalen op ‘e nij ûntwerpe en op ‘e nij definiearre. Dy ferhalen binne rjochten it Frysk, Súdsamysk en de Romatalen. It projekt hat as doel dy minderheidstalen te fersterkjen en ek it kultureel erfguod fan de mienskippen te beskermjen.
Frysk damje, ek wol ‘Oer Alles’ neamd, is in hiel âld spul. It wurdt al sûnt de santjinde iuw beoefene. It Fryske damspul wurdt spile op in boerd mei 100 fjilden en hat unike slachregels. Yn tsjinstelling ta it gewoane damjen meist by Frysk damje alle kanten op slaan: skean, rjochtút en oerdwers.
Lineboerd
Oait bestie it damboerd út linen en net út fjilden. It lineboerd – dat noch hieltyd brûkt wurdt – komt oarspronklik út Noard-Afrika en ken deselde slachregels as it Frysk damjen. Mar wêr komt it fjildeboerd wei en hoe lang bestiet dat eins al? Konkreet bewiis op dizze fraach bleau út en dêrmei ek antwurd op de fraach wêr’t de oarsprong fan it Fryske damspul leit. Oant no ta… In unyk histoarysk spylboerd yn it Rijksmuseum, fersierd mei mear as 280 sulveren plaatsjes mei prachtige gravueres, blykt it ûntbrekkende puzelstikje te wêzen yn de skiednis fan it Fryske damspul.
Undersiker en leafhawwer fan it Frysk damjen Marten Walinga besocht it Rijksmuseum en kaam dêr in unyk histoarysk damboerd tsjin, datearre tusken 1600 en 1650 en ôfkomstich fan de Ljouwerter keunst- en antykhanneler A. C. Beeling. It bestean fan dit damboerd – dat op it iuwenâlde spylboerd Alquerque út it Midden-Easten liket – wie by Walinga al bekend, allinne fertelde it byskrift him no dat de slachregels fan dit damboerd eksakt oerien lykje te kommen mei de slachregels fan it Frysk damjen.
Nei in yngreven ûndersyk docht bliken dat it boerd nei alle gedachten troch in Fryske sulversmid út Kollum makke is foar ien út de aadlike Botnia-famylje. Troch de datearring, it type boerdspul én de Fryske ôfkomst kin it net oars as dat dit damboerd it Frysk damjen yn syn alderearste foarm sjen lit. Mei dêrtroch wurdt ek oantoand dat de oergong fan it damboerd mei 64 fjilden nei it damboerd mei 100 fjilden in Fryske oarsprong hat en dizze kennis toant dêrnei wer oan dat it hjoeddeistige ynternasjonale damspul fan it Fryske damspul ôflaat is.
Foto: Tresoar
Publykslêzing en workshop Frysk damje foar jongerein
De útkomsten fan it ûndersyk presintearje we graach oan it publyk. Dêrom organisearje Tresoar en stichting WFD (World Championship Frisian Draughts) op 16 maaie om 20.00 oere yn Tresoar in publykslêzing dêr’t Marten Walinga oer de skiednis fan it Frysk damjen en de útkomsten fan syn ûndersyk yn fertelt. Yn de middei om 16.00 oere krije jongeren fan it fuortset ûnderwiis les yn Frysk damjen en spylje dêrnei online in toernoai. Mear ynformaasje oer de lêzing en workshop stiet op tresoar.nl ûnder aginda.
Tinksportkolleksjesintrum Tresoar
Tresoar – literatuermuseum, argyf en biblioteek Fryslân – beheart boeken, tydskriften en argiven op it mêd fan de fjouwer grutte tinksporten skake, bridge, go en damje (wêrûnder Frysk damje). Ut it Tinksportkolleksjesintrum wei fasilitearret Tresoar wittenskiplik ûndersyk, lykas it ûndersyk fan Marten Walinga nei it unike damboerd yn it Rijksmuseum.
Datum: Tongersdei 16 maaie 2024
Tiid: Workshop foar jongerein om 16.00 oere, publykslêzing om 20.00 oere
Op freed 17 maaie organisearret it Keninklik Frysk Genoatskip / Koninklijk Fries Genootschap y.g.m. Tresoar en de Fryske Akademy it folgjende KFG-Sieperda-sympoasium oer de fraach wat it ynhâldt om it UNESCO-logo fiere te meien.
Yn de ôfrûne jierren hat in opfallend soad Frysk erfgoed in UNESCO-predikaat krigen: de Waadsee, it Woudagemaal, de Aldfryske wetsteksten fan de Richthofenkolleksje, it Eise Eisinga Planetarium en Ljouwert City of Literature. Op de Frysk-Drintske grins lizze boppedat de Koloniën van Weldadigheid. Der is in grut ferskaat oan Frysk UNESCO erfgoed. Dat liket in hiel positive wurdearring, mar binne der ek beswieren? Kinne de predikaten bygelyks in lêst wurde? Weagje de foardielen op tsjin de ferplichtingen?
Programma
13:00 Ynrin mei kofje en tee 13.30 Iepening en wolkomswurd troch Joop Koopmans (foarsitter KFG en sympoasiumfoarsitter) 13.35 Yntroduksje ûnderwerp troch Arjen Dijkstra (direkteur Tresoar) 13:45 Kees Storm: Ir. D.F. Woudagemaal als UNESCO Werelderfgoed: voordelen en uitdagingen 14:10 Anne Popkema: UNESCO als aanjager van ambitie: het geval van de ‘Richthofenkolleksje’ 14:35 Arjen Dijkstra: Eisinga’s horizon: De steeds veranderende status van het Planetarium 15:00 Skoft 15:20 Heleen van Londen: UNESCO Werelderfgoed Waddenzee: voor- of nadeel voor wie? 15:45 Ernst Bruinsma: UNESCO City of Literature: voor een bloeiend en meertalig literair klimaat 16:10 Sieger Vreeling: Weg met werelderfgoed, ode aan het rijksmonument 16:35 Diskusje 16:55 Sluting 17:00 Buorrel
Wêr
Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert)
Opjefte
Uterlik 15 maaie 2024 fia info@friesgenootschap.nl (tagelyk mei betelling)
Kosten
€5,- foar KFG-leden en studinten en €7,50 foar oare belangstellenden, oer te meitsjen op bankrekken NL33ABNA0450289001 o.n.f. Koninklijk Fries Genootschap te Ljouwert.