Fedde Schurerlêzing 2024: De Friezen en harren ferhalen

Op sneon 16 novimber is by Tresoar de fyftjinde Fedde Schurerlêzing. Flip van Doorn en Sietske Poepjes jouwe beide in lêzing oer it tema De Friezen en harren ferhalen: de ivige paradoks. Piter Wilkens fersoarget it muzikaal yntermezzo.

Flip van Doorn
Yn syn libben en syn wurk mijde Fedde Schurer de paradoks net. Sterker noch: dizze dichtsjende politikus, aktivistyske pasifist en yntellektueel fan beskieden komôf ferienige frijwat utersten yn him. Dat lêste hat er mien mei Fryslân, de provinsje dêr’t er berne waard en dêr’t er foar op de barrikaden gie. Dat makket nijsgjirrich nei de wize wêrop’t Fedde Schurer sjoen hawwe soe nei de Friezen fan hjoed en de opjeften dêr’t dy foar steane.

Flip van Doorn (Zeist, 1967) is skriuwer en sjoernalist. Stof foar syn ferhalen fynt er op it snijflak fan reizgjen, kultuer en skiednis. Yn syn suksesfolle boek De Friezen leit er de ferbining tusken de hjoeddeiske provinsje Fryslân, dêr’t er wennet, de ferhalen fan syn Fryske pake en de skiednis fan syn heitelân.

Sietske Poepjes
Flip van Doorn stelt dat Fedde Schurer in man fan utersten wie. Hy ferienige yn himsels tsjinstellingen. Hy wie èn èn. Us tiid freget it tsjinoerstelde fan ús. Stânpunten en identiteiten binne swart-wyt. Men is folslein fóár of krekt der poer op tsjin. Foaral yn debatten oangeande konflikten yn it Midden-Easten, genderidentiteit of it miljeu liket gjin middenwei mooglik. Hoe ferhâlde dy stokramten fan gedachten har ta de Fryske identiteit? Lit de Fries him meislepe yn ritich snowflake gedrach of nimme de Friezen in oare ôfslach?

Sietske Poepjes (Harns, 1979), juriste en CDA-politikus, is sûnt febrewaris 2024 boargemaster fan it Oeriselske Olst-Wijhe. Fan 2011 oant en mei 2023 wie se deputearre yn Fryslân, mei ûnder mear ynfrastruktuer, kultuer en Fryske taal yn har portefúlje. Se is auteur fan it non-fiksje boek Eigenheid – Het belang van regionale culturen.

ôfbylding fia Storyset, Freepik

Piter Wilkens
Piter Wilkens (Ljouwert, 1959) is ien fan de pioniers fan de Frysktalige muzyk. Hy is skriuwer en sjonger fan humoristyske en filosofysk kleure ferskes yn tige útienrinnende stilen. Piter dielde ûnder oaren it poadium mei De Kast, Anneke Douma, Gé Reinders en it Noord Nederlands Orkest. Hy wurke ek mei oan teäterproduksjes lykas It geheim fan ’e Kânselier fan Tryater en teäterspektakel Salomon, het Kollumer Oproer.

Plak en tiid

De lêzing wurdt holden op sneon 16 novimber, by Tresoar, Bûterhoeke 1 te Ljouwert.. It programma begjint om 14.30 oere (ynrin fan 14.00 oere) en duorret oant 15.30 oere. Neisit oant 16.45 oere.

Tagong fergees, mar oanmelde is nedich.

Oer de Fedde Schurerlêzing
Fedde Schurer (1898-1968) wie in Frysk dichter en sjoernalist. Dêrneist siet er yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Jierrenlang wie Schurer haadredakteur fan de Friese Koerier; syn stilistysk briljante en skerpe artikels wiene bekend yn en bûten Fryslân. Sûnt 2010 organisearret de Ried fan de Fryske Beweging jierliks yn gearwurking mei Tresoar, Fryske Akademy en Ljouwerter Krante in grut opsette lêzing ta neitins oan Fedde Schurer.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *