‘This is my language!’ #TIML2016
No tongersdei 21 april is it wer feest op Twitter! Fan moarns betiid oant jûns let meitsje wy der wer in feestje fan op social media! Dochsto ek mei? Tsjek de spesjale Twitterdei-side!
Dit jier dogge ek allegear oare lytsere talen mei oan de Twitterdei! Organisaasjes út Kataloanië, Baskelân, Galisië, Ierlân, Wales, Skotlân en Cornwall hawwe al tasein dat se mei ús meidwaan sille. En om it ynternasjonale tintsje tidens dizze Twitterdei krêft by te setten, brûke wy allegear de hashtag #TIML2016: ‘This is my language’! Sa litte wy oan de rest fan ‘e wrâld sjen wêr’t in lytse taal grut yn wêze kin!
Meidwaan is hiel simpel: skriuw in Fryske tweet en brûk de hekstek #Frysk en #TIML2016! Net mear, net minder 🙂 En folgje ús fansels op Twitter fia @PraatmarFrysk om op ‘e hichte te bliuwen!
Frysk skriuwe?!
Bist net hielendal wis fan dyn Frysk skriuwen en wolst dochs in bytsje aardich foar de dei komme? Brûk de Praat mar Frysk-app, tsjek Taalweb.frl of brûk Google Translate! Kinst fansels ek noch gau in kursus by de Afûk dwaan!
Ynternasjonaal!
Bysûnder dit jier is it ynternasjonale tintsje. Wy hawwe organisaasjes út Baskelân, Galisië, Ierlân, Wales, Skotlân en Cornwall ek oproppen om mei te dwaan en harren lytsere talen yn de spotlights te setten. Neist de eigen taalhastag wurdt yn alle dielnimmende lannen de hastag #TIML2016 (This Is My Language) brûkt. Sa wolle wy mei syn allen it brûken fan lytsere talen op sosjale media stimulearje. Dochsto ek mei?
Net benaud wêze!
Net elkenien kin likegoed Frysk skriuwe; wy hawwe it allegear leare moatten, dat flaters meitsje is gjin punt! Dochs benaud foar de taalplysje? Tsjek hjir in pear foarbyldtweets dy’tst brûke kinst!
Boarne: PraatmarFrysk