Tresoar bestiet dit jier 20 jier! De skatkeamer fan Fryslân traktearret dy yn it jubileumjier op allerhanne ekstra aktiviteiten. Mei de toer Tresoar komt nei dy ta! giet Tresoar de provinsje yn om de bysûndere ferhalen fan dyn wenplak nei dy ta te bringen. Dêrneist litte meiwurkers fan Tresoar alle wiken – it hiele jier lang – online har persoanlike topstikken sjen. En dat is noch net alles: Tresoar is nammentlik benijd nei dyn persoanlike ferhaal of topstik! Want ferhalen fan no fertelle ús letter mear oer ús ferline, ús wearden en ús hoop. Om dy reden docht Tresoar de oprop om safolle mooglik ferhalen te dielen mei de hashtag #mijnverhaalvanfryslan.
Tresoar komt nei dy ta
Untdek de bysûndere ferhalen dy’t yn dyn wenplak te finen binne. Tresoar bringt de Fryske skiednis nei dy ta! Bert Looper, âld-direkteur fan Tresoar, fertelt it ferhaal by dy op lokaasje en giet mei dy yn petear oer de rol fan skiednis foar de takomst fan dyn doarp of stêd. Dus bist benijd nei it ferline én wolst mei elkoar foarútsjen? Op tresoar.nl kinst dyn doarp of stêd oanmelde.
Diel dyn ferhaal of persoanlike topstik #mijnverhaalvanfryslan
Dyn ferhaal makket it ferhaal fan Fryslân fan eartiids kompleter, fertelt it ferhaal fan Fryslân fan no en foarmet it ferhaal fan Fryslân fan letter. Dêrom is Tresoar benijd nei dyn persoanlike ferhaal of topstik! Want ús hjoeddeiske Fryske mienskip is ferskaat en sit fol ferhalen. Ferhalen dy’t ferteld wurde moatte sadat se ûnderdiel wurde fan it takomstich kollektyf ûnthâld fan Fryslân. Dus diel dyn ferhaal of topstik yn in berjocht of fideo op Facebook of Instagram mei de hashtag #mijnverhaalvanfryslan en tag trije freonen om itselde te dwaan. Fleurige of fertrietlik ferhalen, ferhalen fan no of fan langer lyn, koart of lang: alles mei! As it mar in link mei Fryslân hat. Mei elkoar sjogge we mear fan Fryslân en mear fan elkoar!
Septimber feestmoanne: iepen dagen Tresoar én in kulturele produksje yn Obe
Altyd al witte wollen watfoar skatten yn de skatkeamer fan Fryslân ferburgen lizze? By de iepen dagen fan Tresoar op 10 en 11 septimber komme dy skatten foar it ljocht! Ek is de kulturele produksje Skatkeamer fol ferhalen fan septimber ôf te sjen yn Obe, mei yndrukwekkende ferhalen fan fiifentweintich bekende en ûnbekende histoaryske Friezen.
Mear ynformaasje oer de iepen dagen en de kulturele produksje Skatkeamer fol ferhalen wurdt letter dit jier bekend makke op de socialmediakanalen fan Tresoar en op tresoar.nl!
Koarte weromblik op 20 jier Tresoar
Yn septimber 2002 ûntstie Tresoar troch in fúzje fan de Provinsjale Biblioteek, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en it Ryksargyf. Dit jier is it 20 jier lyn dat de trije organisaasjes fusearren. Ryksargivaris Douwe de Vries waard de earste direkteur fan Tresoar. Bert Looper folge him yn 2007 op. Rien Vrijenhoek is sûnt foarich jier de hjoeddeistige ynterim-direkteur fan Tresoar.
Ien fan de earste hichtepunten fan Tresoar wie de besite fan prins Willem-Alexander en syn frou prinses Máxima oan Tresoar, begjin 2003. Se kamen om de nije ynventaris fan it stedhâlderlik argyf yn ûntfangst te nimmen. Der folgen mear hichtepunten lykas it projekt ‘Grutte Pier De Famylje’. Elkenien yn Fryslân en dêrbûten koe in kertiersteat ynfolje en útsykje litte oft hy/sy besibbe is oan de grutte frijheidsstrider. Mear as tûzen stambeammen út 31 lannen waarden ynstjoerd. Ek doe’t hûnderten minsken út allerhanne lannen Tresoar besochten yn it kulturele haadstêdjier yn 2018 en dat Obe, poadium foar Fryske kultuer, yn 2019 ûnderdiel waard fan Tresoar binne heuchlike mominten.
Tresoar hat as misje kultueroerdracht: it ferbinen fan ferline, no en takomst, fan kennis en ûnderfiningen, fan kultueren en generaasjes. Tal fan lêzingen, ekskurzjes, workshops, literêre jûnen, tentoanstellingen en grutte kulturele eveneminten en projekten foar in breed publyk hat Tresoar yn de ôfrûne jierren organisearre om oan dy misje te foldwaan. Troch de hieltyd fierdergeande digitalisearring is it mooglik hieltyd mear ynformaasje oer Fryslân online te ûntdekken en duorsum te bewarjen.