Utnûging “Kataloanië Tichtby”, 27 novimber om 19.30 oere by Tryater

IMG_1966

27 novimber 2017, 19:30 oere

Tryater, Ljouwert

Kataloanië Tichtby

 In soad Friezen fiele harren solidêr mei de Katalanen. De emoasjes dy’t te krijen hawwe mei it sprekken fan minderheidstalen binne werkenber. Foar leden fan Europeeske minderheden fielt Kataloanië tichtby. Dêrom organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), Mercator European Research Centre, en de Ryksuniversiteit Grins (RUG), ôfdieling Minorities & Multilingualism | Frysk op 27 novimber in lêzinge- en diskusjejûn oer de Katalaanske situaasje.

Moderator fan de jûn is prof. dr. Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal en letterkunde en Director of Studies fan de stúdzjes MA Multilingualism en BA Minorities & Multilingualism oan de RUG. Hy sil in ferliking fan Kataloanië mei Fryslân meitsje, en ek mei oare Europeeske minderheden.

Dr. Eva J. Daussà, universitêr dosint taalkunde oan de RUG, sil koart sprekke oer de histoaryske, kulturele en politike kontekst. Dr. Tilman Lanz, universitêr dosint antropology oan de RUG, beljochtet it geweldleaze ‘civic’ nasjonalisme yn Kataloanië en de ymplikaasjes  fan it Katalaanske konflikt foar Europa. Studint MA Multilingualism Guillem Belmar hat de situaasje yn Kataloanië sels meimakke, en sil fertelle oer de emosjonele kant fan it referendum en de oanrin der nei ta. Daussà en Belmar binne fan Katalaanske komôf, Lanz is spesjalist op it mêd fan Kataloanië.

Frysk sjoernalist Sybrand Grasdijk (Harkema) hat in skoft yn Barcelona wenne en in dokumintêre makke oer de oanrin nei it referendum ta. In ynkoarte ferzy sil op dizze jûn toand wurde.

 

Beheind plak! Jou jo gau op!

Wêr:                      Tryater, Oostersingel 70, Ljouwert

Wannear:          27/11/2017, 19.30-22.00 (ynrin fan 19.00 oere ôf, skoft en neisit)

Tagong fergees, opjaan fia eblt@fryske-akademy.nl

English invitation here.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *