Duo-lêzing oer Gerbrandy en de biografy yn de regionale skiedskriuwing

De Fryske Akademy, it Friesch Dagblad en Tresoar organisearje op woansdeitejûn 26 novimber fan 19.45-21.30 oere (seal iepen: 19.30 oere) in duo-lêzing by Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert). Sprekkers binne prof. dr. mr. Cees Fasseur en prof. dr. Hans Renders oer de biografy fan Pieter Sjoerds Gerbrandy en de biografyske metoade yn regionale skiedskriuwing.

Pieter Sjoerds Gerbrandy (1885-1961) wie al rillegau bekend as in skerp, mar eigensinnich man. Dochs slagge er der yn om as oarlochspremier yn de Twadde Wrâldkriich lieding te jaan oan de Nederlânske regearing yn Londen. Oer dizze yntrigearjend Fryske ARP-politikus skreaun Cees Fasseur okkerdeis de biografy Eigen meester, niemands knecht. Continue reading “Duo-lêzing oer Gerbrandy en de biografy yn de regionale skiedskriuwing”

Seminar Multilingualism & Social Media

Op freed 28 en sneon 29 novimber fynt it ynternasjonale ekspert seminar ‘Multilingualism & Social Media’ plak yn Ljouwert. Sûnt 2008 organisearret it Mercator Kennissintrum en it SOAS geregeld kongressen en seminars yn Londen en Ljouwert.

It seminar biedt in ynternasjonaal foarum foar it bediskusearjen fan de ynfloed dy’t sosjale media en de bybehearende technologiën hat op taal, de taalmienskippen, taalhâlding, taalgedrach en –identiteit. De diskusje sil benammen har fokus ha op it mêd fan taallearen, meartaligens, minderheids-, regionale- en bedrige talen. Continue reading “Seminar Multilingualism & Social Media”

Fedde Schurerlêzing 2014

Foto: Tresoar
Op 15 novimber is foar de fjirde kear op rige de Fedde Schurerlêzing by Tresoar. De organisearjende partijen, De Ried fan de Fryske Beweging, Tresoar en it HCL, wolle omtinken freegje foar in tema dêr’t Schurer him mei dwaande hâlde. Dizze fjirde kear sil it gean oer sjoernalistyk mei as ûnderwerp ‘De regionale media nu en in de toekomst’.

Henry Beunders, heechlearaar oan de Erasmus universiteit, sil oer dit tema prate. Hy is ûndersiker en publisist op it mêd fan maatskippij, media en konflikt.
In reaksje sil jûn wurde troch Jan Koster, sûnt 2010 direkteur fan Omrop Fryslân. Continue reading “Fedde Schurerlêzing 2014”

ChristenUnie wol gjin besunigings op Omrop Fryslân

Foto: Omrop Fryslân
Der moat net besunige wurde op Omrop Fryslân. Dat seit Twadde Keamerlid Gert Jan Segers fan de ChristenUnie. Segers wol dat de Omrop bûten de besunigings fan steatssekretaris Dekker hâlden wurdt, fanwege it feit dat it Frysk de twadde rykstaal fan ús lân is. In totale, alsidige programmearring soe behâld fan it Frysk betsjutte, sa stelt Segers.

Tegearre mei it CDA hat de ChristenUnie mei in moasje de steatssekretaris oproppen om net te besunigjen op de Omrop. Continue reading “ChristenUnie wol gjin besunigings op Omrop Fryslân”

’Bildtse taal in UNESCO atlas van bedreigde talen’

De Bildtse taal moet worden opgenomen in de UNESCO atlas voor bedreigde talen. Een statusverhoging van het Bildts door de streektaal te laten erkennen door het Europees Handvest voor Regionale Talen moet het begin zijn van het ’bewaren en bewaken’ van de Bildtse taal. Ook moet de gemeente, voordat het Bildt opgaat in een fusiegemeente, ervoor zorgen dat er eindelijk Bildtse plaatsnamenvastgelegd worden. Continue reading “’Bildtse taal in UNESCO atlas van bedreigde talen’”

Tresoar wol him mear op jongeren rjochtsje

Foto: Omrop Fryslân
Nei in yngripende ferbouwing fan in pear moannen, hat histoarysk sintrum Tresoar tongersdei in tal nije romten offisjeel yn gebrûk naam. It gebou hat mear publyksromten krigen en wol foar de takomst benammen ek jongeren lûke.

Der binne wurkplakken makke dy’t it foar studinten oangenamer meitsje om te wurkjen. In groep studinten fan de Ryksuniversiteit Grins, dy’t Multilingualism studearret, krijt fan septimber ôf al trije dagen yn ‘e wike kolleezje yn it gebou fan Tresoar. Continue reading “Tresoar wol him mear op jongeren rjochtsje”

College in Gronings en Fries voor havisten Heerenveen

Foto: www.sevenwolden.nl
Om alvast te wennen aan het hbo, volgt een havo 5-klas uit Heerenveen deze weken colleges op de Hanzehogeschool. De eerste is in het Gronings.

De aftrap van het samenwerkingsverband tussen OSG Sevenwolden in Heerenveen en de Hanze was op 7 november. Zeventien havisten kregen een les marketing van hun docent Peter Groenbroek in het Gronings. En een college bedrijfskunde van Bertus Penning (Hanzehogeschool) in het Fries. Ze kunnen zo wennen aan het hbo.
Continue reading “College in Gronings en Fries voor havisten Heerenveen”

European Minority Film Festival yn Hüsem

Fan 20 oant en mei 22 novimber fynt yn Hüsem/Husum, yn Noard-Fryslân (Dútslân), it European Minority Film Festival plak. It festival begjint op tongersdeitejûn om 18.00 oere mei de film “Y Syrcas”, makke yn Wales. Ek sil toand wurde:
– in pilot fan “Bannan” (Skotlân)
– “Loreak” (makke troch de Basken)
– “I’m not famous but I´m Aromanian” (Roemenie)

Dêrneist sil der noch in Sorbyske film sjen litten wurde. Op sneontejûn is der in ôfslutend gala mei live muzyk.
Sjoch foar mear ynformaasje en it folsleine program hjir.
Continue reading “European Minority Film Festival yn Hüsem”

Earste searje kursus ‘Meartalich Opgroeien’ foar gastâlden in súkses

Yn de hjerst fan 2014 hat it Sintrum Frysktalige Berne-opfang de earste 4 kursussen ‘Meartalich Opgroeien’ oan gastâlden jûn. De organisaasjes SKIK, Stichting Welzijn Middelsee en Sisa hawwe de kursus oan har gastâlden oanbean en der hat ek in kursus yn Bûtenpost west mei gastâlden fan ferskate oare organisaasjes. Yn totaal hawwe 55 dielnimmers de kursus folge.
Der is teoretyske ynformaasje jûn oer de twatalige ûntwikkeling fan bern fan 0 oant 4 jier. Dêrneist hawwe de gastâlden leard hoe’t sy it Frysk en de twatalichheid in fêst plak jaan kinne yn har wurk. Sy hawwe wurke mei Fryske boekjes en ferskes en leard by hokfoar leeftyd hokfoar boeken en ferskes passe en hoe’t sy dat oan de bern oanbiede kinne om de twatalige ûntwikkeling te stimulearjen. Continue reading “Earste searje kursus ‘Meartalich Opgroeien’ foar gastâlden in súkses”

Frysk hâldt foar 99,93% itselde wurdbyld

De foarstelde staveringsoanpassing sil it wurdbyld fan it Frysk foar 99,93% yntakt litte. Dy yndikaasje jout de Fryske Akademy op basis fan berekkeningen fan de wurdfrekwinsje.

De Fryske Akademy krige yn 2011 de opdracht fan de Provinsje Fryslân foar it ûntwikkeljen fan in wurdlist dêr’t de foarkarsfoarmen foar it skreaune Frysk yn fêstlein binne, in nije staveringshifker, in wurdboekportaal en in automatyske oersethelp. As Provinsjale Steaten (PS) ein 2014 in posityf beslút oer it pakket nimme, sil it begjin 2015 op it webportaal Taalweb Frysk beskikber komme. Sa kriget de taalbrûker eigentiidsk digitaal skriuwark, dêr’t men Fryske teksten yn de krekte stavering mei opstelle kin. Continue reading “Frysk hâldt foar 99,93% itselde wurdbyld”