Nij ferskynd by de Afûk: ‘Skearing en Ynslach’ fan Bouke van der Hem

Skearing en Ynslach is de nijste ferhaleroman fan Bouke van der Hem, ferskynd by Utjouwerij Afûk. Yn dit boek wurdt by biten en brokken benammen it opgroeien fan boeresoan Reinder Beetstra yn Fryslân beskreaun, syn wederwarichheden yn militêre tsjinst, it studintelibben yn Grins en de fersuterjende relaasje mei jeugdfreon Sipke.

Mar ek fierderop sil it misrinne: as sosjaal belutsen makelaar yn Nij-Seelân, wêrfan’t er úteinlik rillegau en sûnder frou weromkomt. Goed en wol wer thús op âlde grûn falt dat him no ek ôf. Fryslân is net langer wat it wie, syn bewûndere mem ferstoar, mar boppe-al ferkrommelje syn idealen, fan doarpslibben oant en mei sosjalisme.

Wat by dat alles grif meispilet, is de heabroei-brân by de Beetstra’s doe’t Reinder yn novimber 1956 noch in jong baaske wie. Mei de wittenskip fan no hat hy dêr in stress- syndroom fan oerholden. “Dochter Sytske, de noed fan de Beetstra’s, socht yn har karke dwers troch de reek nei in útwei, ûnderwilens in heech jankend lûd meitsjend, as soarge se sels foar de sirene. Alle minsken wienen der no út en helpers fan it doarp koenen op it lêste stuit noch wat kij rêde − folk, fee en it karke op in klútsje byinoar yn de jister − foardat de earste spanten delkamen en de hiele bliksemse boel yninoar stoarte.”

Boekgegevens

  • Skearing en Ynslach
  • Auteur: Bouke van der Hem
  • Utfiering: paperback
  • ISBN: 978 949 3318106
  • Tal siden: 199
  • Taal: Frysk
  • Ferkeappriis: € 18,50
  • websjop.afuk.frl

Oer de auteur

Bouke van der Hem (Tersoal, 1946) wurke jierrenlang as jurist/mediator yn Grins, wennet no yn Castricum. Hy debutearre yn 2002 mei de roman ‘Sloppe Opels’ en fan him ferskynden dêrnei ‘It Poadiumbeest’, ‘Stille Tochten’, en yn 2010 ‘De Fuery’. Hy siet yn de redaksje fan kultureel tydskrift De Moanne en skreau dêrfoar benammen kollums.

Presintaasje

Op freedtemiddei 22 septimber fan 15.30 oere ôf presintearret Bouke van der Hem syn ferhaleromanyn de Afûk-winkel yn Ljouwert (Boterhoek 3). Elkenien is fan herte wolkom. Nei in koarte yntroduksje troch útjouwer Ernst Bruinsma sil de skriuwer sels in taljochting jaan op syn wurk en in tal fragminten foarlêze.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *