Franeker Diktee, Trinus Riemersma-dei en Franeker Woordeboek nominearre foar Taalpriis Waadhoeke

It Franeker Diktee, de Trinus Riemersma-dei en it Franeker Woordeboek binne nominearre foar de Taalpriis Waadhoeke. Dat hat de sjuery fan de priis bekend makke. De earste Taalpriis fan de fjouwertalige gemeente wurdt op 21 febrewaris, de UNESCO Dei fan de Memmetaal, útrikt op de Waadhoekster Taledei yn de biblioteek fan Frjentsjer.

Dy dei is der yn de biblioteek fan Frjentsjer fan 20.00 oant 22.00 oere in feestlik programma om de meartaligens fan de gemeente – mei neist it Nederlânsk ek ryk oan it Frysk, Bildts en Franekers – te fieren. De priis bestiet út in keunstwurk fan keramist Paulien Ploeger, spesjaal foar dizze priis makke.

De sjuery bestiet út trije minsken dy’t in protte mei taal en meartaligens dwaande binne: Jitske de Hoop (beliedsadviseur Fryske taal en kultuer en meartaligens by Omrop Fryslân), Sannah Debreczeni (trainee Frysk en meartaligens by Provinsje Fryslân) en Gerard de Jong (meartalichheidskoördinator by gemeente Waadhoeke).

“’t Idee achter de jaarlikse taalpriis en taaldâg is ’t ferskiet an ôns talen te fieren en sien late hoefeul at d’r gebeurt an taalpromoasy en -inisjativen,” seit De Jong. “En dat is best slaagd. Wij hewwe soafeul mooie, inspirerende en orizjinele nominasys kregen; ’t waar ’n hele haister om d’r drie út te pikken.”

Nominaasjes

Ut alle ynstjoerings binne trije nominaasjes keazen dy’t kâns meitsje op de taalpriis:

  • It Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers, foar it yn novimber 2022 hâlden Franeker Diktee;
  • de Academie van Franeker, foar “In dei mei Trinus Riemersma” (oktober 2022);
  • Wim Aalbers foar it skriuwen fan it Franeker Woordeboek, dat ein 2021 presintearre waard.

Feestlike jûn

De nominaasjes wurde taljochte en yn it sintsje set op tiisdei 21 febrewaris, yn de biblioteek fan Frjentsjer. Fan 20.00 oant 22.00 oere (ynrin fan 19.30 oere ôf) is der in feestlik programma mei û.o. in meartalige pubkwis troch Douwe Gerlof Heeringa, en fansels de útrikking fan de taalpriis oan de winner, troch taalwethâlder Jan Dijkstra.

Elkenien is wolkom, de tagong is fergees.

Ferklearring Skriuwersbûn

As Skriuwersbûn binne wy bot skrokken fan de deadsbedrigingen oan ús Nederlânsktalige kollega Pim Lammers. It is skoan te begripen dat er him weromlutsen hat as dichter fan it ‘Kinderboekenweekgedicht’. Mar it ûnbegryp en de agressy dy’t him ta diel falt rekket ús as auteurs allegearre.

Skriuwers en dichters hearre yn alle frijheid beskriuwe te kinnen wat de ûnder minsken bart en barre kin. Yn ferhalen en gedichten giet it oer emoasjes en ûnderfinings fan echte minsken, bern en folwoeksenen. Ferhalen en gedichten kinne bydrage oan ferwurking, begryp, ferwûndering, fernuvering en hja liede somtiden ek ta ûnbegryp, argewaasje en sels lilkens. Dat is de treastende en de konfrontearjende funksje fan literatuer.

Lêze is ûnderfine, ûndergean, yn jin omgean litte, ferrast wêze, betiden huverje. Wannear’t dy huvering liedt ta haat tsjin de auteur, bart der wat slims. In maatskippij dy’t sokke haat tastiet, wêryn dat net korrizjearre wurde kin, ferkrampt, lit har wichtichste wearden fersleaukje, fertutearzet.

It minste wat alle skriuwers en lêzers dwaan kinne is iderkear wer fertelle wat de funksje fan de literatuer is. En dat dy funksje ûnmisber is foar in maatskippij dy’t plak ynrommet foar minsken – alle minsken.

Wa’t de moed even net opbringt om te skriuwen: dat is skoan te begripen. En foar it oare en de oaren: gjin belies jaan. Ferhalen betinke, dichtsje, rapportearje, spegels foarhâlde, sjen litte wat der yn en tusken minsken omgiet.

It Skriuwersbûn stiet folslein achter it artikel fan ús lid en berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen yn de LC fan 7 febrewaris. It is yntegraal werom te finen op ús webside: www.skriuwersboun.nl. En fanselssprekkend slute wy ús ek oan by de reaksjes fan de Auteursbond en PEN-Nederlân.

Nije tentoanstelling ‘Rjocht of Unrjocht? – Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak’ yn Obe by Tresoar

Binne de trije bruorren Keimpe, Marten en Wybren Hogerhuis mei rjocht en reden feroardiele ta jierrenlange selstraffen of net? Op 16 febrewaris iepenet Obe by Tresoar de nije tentoanstelling ‘Rjocht of Unrjocht? – Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak’. Yn de tentoanstelling wurdt dizze ferneamde rjochtsaak oer in ynbraak ‘weriepene’. Untdek de ins en outs oer de ynbraak mei bewizen en tsjûgeferklearringen en oardielje sels: binne de bruorren skuldich of ûnskuldich?

De bruorren Hogerhuis út Bitgum wurde yn 1896 feroardiele ta jierrenlange selstraffen. Keimpe, Marten en Wybren moatte seis, alve en tolve jier sitte yn de Ljouwerter Blokhúspoarte. Se binne oppakt as fertochten fan in ynbraak, mar binne se wol skuldich? De rjochtsaak ropt in soad fragen op en tsjûgen jouwe tsjinstridige ferklearringen. It folk is ferbjustere oer it fûnis. Woe justysje in foarbyld stelle? Spile it in rol dat de bruorren sosjalisten wienen? Wie der sprake fan klassejustysje? De saak krige sels lanlike bekendheid doe’t advokaat en sosjalistysk foarman Piter Jelles Troelstra him dermei bemuoide.

De tentoanstelling ‘Rjocht of Unrjocht? – Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak’ is te sjen fan 16 febrewaris oant en mei 11 juny yn Obe by Tresoar, Heer Ivostraatje 1 yn Ljouwert.

Mear ynformaasje oer de tentoanstelling is te lêzen op tresoar.nl.

Anita Terpstra skriuwt Frysk Kadoboek 2023

Anita Terpstra (Hallum, 1974) skriuwt it Frysk Kadoboek 2023. Terpstra: “Ik bin ferrast en fereare dat ik frege waard foar it Kadoboek fan 2023. It is foar my in grut kado om it te skriuwen en ik hoopje dat in soad lêzers der wille oan belibje sille. Ik kin noch neat oer de ynhâld fertelle, behalve dat it ûnderwerp grif in soad Friezen oansprekke sil.”

foto: Jacob van Essen

Yn 2009 debutearre Anita Terpstra (mei it famyljedrama ‘Nachtvlucht’. De thriller levere har in nominaasje op foar de Schaduwprijs, foar it bêste thrillerdebút. Har boeiende boek ‘Samen’ (2016) waard nominearre foar de Gouden Strop. Neist suksesfolle thrillers skreau Anita Terpstra ‘The Challenge’, in spannend boek foar jongeren, yn it ramt fan it lêsbefoarderingsprogramma LêsNo. Ferline jier ferskynde fan Terpstra it famyljeportret ‘Al mijn moeders’, in konfrontearjende oade oan sân generaasjes froulju fan De Harkema.

Fryske Boekewike yn novimber 2023

It Kadoboek wurdt presintearre op freed 3 novimber by de ôftraap fan it Frysk Boekefeest. It Kadoboek is dêrnei de hiele Fryske Boekewike, fan sneon 4 novimber o/m snein 12 novimber, fergees te krijen by oankeap fan in Frysk boek. It Kadoboek fan 2023 wurdt útjûn yn gearwurking mei útjouwerij Afûk.

Yn 2022 skreau Ferdinand de Jong it Kadoboek. Dêrfan gienen der yn de Fryske Boekewike 1.500 eksimplaren oer de toanbank yn boekhannels rûnom yn Fryslân. It Kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân.

Ynternasjonale Memmetaaldei: filmfertoaning An Cailín Ciúin

Yn it ramt fan Ynternasjonale Memmetaaldei op tiisdeidejûn 21 febrewaris fertoane it Europeesk Buro foar Lytse Talen, Mercator Europeesk Kennissintrum en Slieker Film de Iersktalige film An Cailín Ciúin.

An Cailín Ciúin.

Caít (9) is in wat stil famke yn in grutte húshâlding, dêr’t se net folle oandacht kriget. As har mem wer in lytse kriget, wurdt Caít ûnderbrocht by fiere famylje. Séan en Eibhlin Cinnsealach binne hiel aardich foar Caít en it famke bloeit op, mar dochs is der ek in gefoel fan driging

trailer An Cailín Ciúin

Iersktalich súkses

It is in hertferwaarmjende film, mei in  moai ferhaal en treflike aktearprestaasjes fan de haadrolspilers. ‘An Cailín Ciúin’ (it stille famke) is de earste spylfilm fan de regisseur Colm Bairead. Net allinne hat de film hiele goede kritiken krigen en folle sealen lutsen yn Ierlân, de film hat it ynternasjonaal ek goed dien. Sa wie it de earste Iersktalige film op de Berlinale en gie it fuortendaliks mei ien fan de bearen nei hûs. Boppedat is ‘An Cailín Ciúin’  ek de alderearste Iersktalige film dy’t nominearre is foar in Oscar.

Ynternasjonale Memmetaaldei

It is alwer de njoggende kear dat it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) yn de mande mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film dokumintêres of films oer en mei taalminderheden presintearje. Dat bart mei de Ynternasjonale Memmetaaldei op 21 febrewaris, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes dat taalferskaat en meartaligens yn it sintsje set.

It EBLT is in koepelorgaan dat him ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlân. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy ‘t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, Nedersaksysk, it Biltsk of it Papiamintsk.

Wês wolkom

De filmfertoaning is op tiisdei 21 febrewaris, om 20:00 oere yn Slieker Film, oan it Wilhelminaplein yn Ljouwert. Kaarten binne te bestellen by Slieker foar €11,-.

Lidorganisaasjes en gasten fan it EBLT kinne harren oanmelde fia de útnûging of by it sekretariaat.

De letterfretter is it nijste berneboek fan Lida Dykstra

By de Afûk is ferskynd: De letterfretter fan Lida Dykstra. Yn dit berneboek is Lida oan ’e slach gien mei alle lûden dy’t yn de Fryske taal foarkomme. Elk lûd hat syn eigen gedicht dêr’t it lûd sa faak mooglik yn foarkomt. Yn it boek steane 47 gedichten, fol taalrykdom en humor, mei de moaiste Fryske wurden. De prachtige yllustraasjes binne fan Berber van den Brink.

De letterfretter is in draakeftich bistke dat altyd en oerol op syk is nei letters. Hy is foaral sljocht op lûden (klinkers), sa as de Â, de OA en de EA. Fia de letterfretter learst boartsjendewei alle Fryske lûden. De letterfretter is foar elkenien (0-110 jier) mei niget oan taal.

Oer de auteur

Lida Dykstra skriuwt berneboeken yn it Nederlânsk en it Frysk en hat in lange list fan prizen en nominaasjes yn de wacht sleept: yn 2022 wie sy nominearre foar de Woutertje Pieterseprijs en de Boon (Flaamske literatuerpriis) foar De schaduw van Toet en yn 2007 wûn se de Simke Kloostermanpriis foar Lederwyntsje, bern mei krêften. Fan 2022-2023 wie Lida berneboek- ambassadeur yn Fryslân en hat yn dy funksje tal fan skoallen besocht en bern entûsjast makke om Frysk te lêzen, se wie ek aktyf as Schoolschrijver. Sy wit dan ek as gjin oar wat bern oansprekt en wêr’t se tsjin oanrinne by it lêzen.

Oer de yllustrator

Berber van den Brink (1982) wurket as yllustrator en grafysk ûntwerper. Nei har opliedingen Docent Beeldende Kunst & Vormgeving en Communicatie & Multimedia Design is sy fyftjin jier lyn mei har eigen studio begûn. Har wurk is kleurryk en konseptueel, grafysk en/of teatraal, mei humor.

Boekgegevens

  • De letterfretter
  • Auteur: Lida Dykstra
  • Yllustrator: Berber van den Brink
  • Utfiering: hurd kaft
  • ISBN: 978 949 3318007
  • Tal siden: 120
  • Ferkeappriis: € 18,99

Boekpresintaasje Testament van de ziel by Tresoar: in fraachpetear mei Hylke Speerstra, Douwe Draaisma en Geert Mak 

Testament van de ziel fan Hylke Speerstra is koartby ferskynd by útjouwerij Atlas Contact. It is  Speerstra syn eigen oersetting fan syn boek Testamint fan de siel (Bornmeer, 2021) oer twa widners mei Fryske woartels dy’t inoar yn Kanada by in rodeo moetsje en inoar harren libbensferhalen fertelle. De oersetting fan it boek sil presintearre wurde op freed 10 febrewaris om 16.00 oere yn Tresoar.

De presintaasje wurdt stal jûn yn de foarm fan in fraachpetear. Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar, sil de skriuwer freegje nei syn motiven om it boek te skriuwen en de tûkelteammen by it oersetten. Fierders sitte Douwe Draaisma en Geert Mak ek oan tafel. Mak sil benammen frege wurde nei de wearde fan it fertellen fan ferhalen en fan oral history yn it algemien, wylst Draaisma ynterviewd wurde sil oer ûnder oare de (ûn)betrouberens fan it ûnthâld.

Nei it fraachpetear kin sawol de Fryske- as Hollânsktalige ferzje fan it boek kocht wurde en sit Hylke Speerstra klear om boeken te sinjearjen.

foto: Johan Brouwer

Boekpresintaasje Testament van de ziel

  • Datum: freed 10 febrewaris 2023
  • Tiid: 16.00 oere – ynrin fan 15.30 oere ôf
  • Plak: Tresoar – Bûterhoeke 1, Leeuwarden
  • Mear ynformaasje en oanmelde

gedichte-aven op 26 jannewary 2023

D’r binne sestyn deelnimmers an de gedichte-avend. Der is de organisasy och soa wiis met. En an de opgeven gedichten te sien, binne ‘t úteenlopende gedichten. ‘t Belooft dus ‘n boeiende avend te worren in ‘e bibletheek fan St.-Anne. Elkeneen is fan harte welkom om deuze avend bij te weunen. ‘t Begint om 19.30 uur en d’r is gyn intree.

lês mear

Oanmoedigingskampanje foar nije Fryskpraters fan start


Minsken dy’t it Frysk op lettere leeftiid leard ha, saneamde nije Fryskpraters, brûke dy taal mar “hiel sporadysk”, en dat hat foar in part te krijen mei de taalhâlding fan de tradisjonele sprekkers. Dat die ferline jier bliken út ûndersyk dat Ruth Kircher fan it Mercator Kennissintrum foar meartaligens en taallearen en Mirjam Vellinga fan de Afûk mei-inoar dien hawwe. Dy ûndersyksútkomsten wiene reden foar it opsetten fan in oanmoedigingskampanje dy’t oan de iene kant nije Fryskpraters stimulearret om troch te setten mar dêrnjonken ek de tradisjonele sprekkers opropt om dat folle mear te stypjen. Bewustwurding, begryp en kompliminten binne de haadyngrediïnten fan de online kampanje dy’t hjoed fia de ferskate socialmediakanalen fan Praat mar Frysk fan start giet.

Nije taallearders fiele har faak minder op har gemak by it brûken fan de taal yn petearen mei tradisjonele sprekkers. “Nije sprekkers moatte in drompel oer”, seit Mirjam Vellinga, projektlieder Taalpromoasje by de Afûk. “Dat is altyd sa ast in nije taal sprekst. It is ek wennen om dysels oare klanken útsprekke te litten.”

Mar njonken de taalkundige ûnwissichheid spilet ek de hâlding fan de memmetaalsprekkers, de tradisjonele sprekkers, in rol: “Memmetaalsprekkers ferbrekke har bygelyks gau en geane oer op it Nederlânsk.” Dat helpt nije taallearders net en wurket faak ek nochris hiel demotivearjend. De memmetaalsprekkers dêrfoaroer hawwe krekt it gefoel dat it ûnfatsoenlik is om de minderheidstaal (it Frysk, yn dit gefal) te sprekken as der minsken by binne dy’t dat net of minder goed fersteane. “As minsken har dêr bewust fan binne, dan kinne se har gedrach feroarje”, seit Vellinga. De kampanje rjochtet him dêrom net allinnich op de nije Fryskpraters, mar benammen ek op de memmetaalsprekkers fan it Frysk.

De kampanje bestiet út in tal koarte fideo’s fan memmetaalsprekkers fan it Frysk en fan nije Fryskpraters: wat betsjut it Frysk foar harren? Wat fine se fan de nije taallearders, en oarsom: wat binne de erfaringen mei de memmetaalsprekkers? Alle fideo’s einigje mei in tip of oanmoediging. Dêrnjonken wurde minsken oproppen om sels ek in oanmoediging op te nimmen of te skriuwen foar alle minsken dy’t no Frysk oan it learen binne of besykje mear Frysk te praten, de nije Fryskpraters. Want: “In lytse oanmoediging, in komplimint en wat geduld wurde hiel bot op priis steld, benammen troch minsken dy’t it Frysk oan it learen binne. Kinst in taal allinnich mar leare ast dy faak om dy hinne hearst en brûke kinst. Dat is by in lytsere taal as it Frysk net altyd fanselssprekkend. Dêr hawwe wy inoar by nedich”, sa seit Ruth Kircher, sels in nije Fryskprater en ûndersiker by Mercator/Fryske Akademy.

Nije Frysklearders binne in belangrike groep as it giet om it behâld fan it Frysk. Op it stuit is in tredde fan de Fryskpraters fan hûs út net Frysktalich. Dat binne 150.000 minsken. In hiel grutte groep dus. It projekt Nije Fryskpraters is in gearwurking tusken Mercator Kennissintrum foar meartaligens en taallearen/Fryske Akademy en de Afûk

Oftraap projekt WikiWomen yn Burgum

Yn Burgum is tiisdei de ôftraap jûn foar it Europeeske projekt WikiWomen. Yn gearwurking mei partners yn Fryslân, Ierlân en Baskelân sille learlingen fan HAVOtop (Burgum) en vwo5 fan it Drachtster Lyseum wurkje oan nije biografyen oer Fryske froulju.

Skeve ferhâlding manlju-froulju

In oanlieding foar it projekt is de ferhâlding tusken manlju en froulju op Wikipedia (Frysk: Wikipedy), dy’t yn frijwol alle talen op sa’n 80-20% sit. “Wikipedia is de grutste ensyklopedy fan de wrâld en wy wolle dat it de realiteit wjerspegelet. It kin net sa wêze dat fan elkenien dy’t in biografy op Wikipedia fertsjinnet, 80 % man is. Dat leau ik net,” seit Welmoed Sjoerdstra, projektmeiwurker by Afûk. By de ôftraap hat sy mei har kollega’s Lisa Boersma en Stephan Berger en Anna Marije Bloem fan Cedin sa’n 60 boppeboulearlingen fan beide skoallen entûsjast makke om oan it nije projekt te wurkjen. Ek wie der in Mystery Guest oanwêzich: biologysk boerinne en powerfrou Welmoed Deinum fan Sondel, dy’t sels (noch) gjin Wikipagina hat.

Foto: Afûk

Searje 36

 It projekt kriget in plak op Searje 36, dé digitale metoade foar it fak Frysk, mar de biografyen komme op Wikipedy sels, want, sa seit Welmoed Sjoerdstra: “De measte minsken tinke dat Wikipedia net betrouber is, mar krekt omdat elkenien deroan tafoegje én yn korrizjearje kin, soest it sjen kinne as in (op syn eigen wize) tige betroubere ynformaasjeboarne.” In ‘jildich’ artikel hat dêrby op syn minst trije boarnen neamd, dêr’t út bliken docht dat it ûnderwerp (of de persoan) wichtich is. Dêrom is it dwaan fan boarne-ûndersyk part fan it projekt en sille de learlingen ek in besite bringe oan in GLAM (galery, bibleteek, argyf of museum).

Utwikseling

Op HAVOtop en it Drachtster Lyseum kinne se no los. Yn maart sil in delegaasje learlingen út Drachten wei nei Ierlân ta om dêr mei leeftydsgenoaten út Ierlân en Baskelân de nij skreaune biografyen út te wikseljen. Sa draacht harren wurk ek by oan de Iersk- en Baskysktalige Wikipedia’s, en oarsom! Takom jier sil der in twadde gearkomste wêze, yn Spanje, dêr’t learlingen fan Burgum hinne sille. It projekt makket de learling ta auteur en jout dy de kâns mei te wurkjen oan it tichtsjen fan de saneamde Gender Gap. Dêrmei is it in moai foarbyld fan betsjuttingsfol skriuwûnderwiis.

Wikiwomen

WikiWomen is in gearwurking mei middelbere skoallen en Wikipedia-organisaasjes út Baskelân (Spanje) en Ierlân en Fryslân om Wikipedia yn Europeeske minderheidstalegebieten te brûken as in middel om digitale geletterdheid, sosjale belutsenens en taalfeardigens te ûnderwizen. De trije Fryske kennispartners binne de Afûk, de Fryske Akademy/Mercator Europeesk Kennnissintrum en Learning Hub Friesland. De subsydzje komt út it ErasmusPlus-programma fan de Europeeske Kommisje, bedoeld foar projekten op it mêd fan ûnderwiis, oplieding, jongereinsaken en sport.