‘Spesjale posysje Omrop’

Steatssiktaris Dekker fan OCW kin it bêste yn de mediawet regelje dat der yn de takomst in folweardich oanbod fan Fryske radio en tv bliuwt. Dat stiet yn it rapport fan de kommisje Hoekstra, dat tiisdeitemiddei oanbean is oan de steatssiktaris.

Neffens de kommisje Hoekstra freget de bysûndere posysje fan de Fryske taal ek om bysûnder belied. Utgongspunten fan dat belied binne, neffens Hoekstra syn advys, in folweardich en breed programma-oanbod yn de Fryske taal. En in eigen regiodekkende stjoerder foar de Frysktalige programmearring.

It Ryk is op dit stuit dwaande om nij belied foar de regionale omroppen te ûntwikkeljen, omdat dy omroppen takom jier oergeane fan de provinsjes nei it Ryk. Mei yngong fan 2016 soene de regionale omroppen dan oanslutend ‘yntegrearje’ moatte yn de lanlike publike omrop. Dekker wol hjir in ‘effisiensy-besuniging’ mei berikke fan 25 miljoen euro. By dit proses sil de steatssiktaris rekken hâlde mei de bysûndere posysje fan de Frysktalige publike omrop, sa sei Dekker tiisdei. Deputearre Jannewietske de Vries sei tiisdei bliid te wêzen mei it advys fan de kommisje Hoekstra. ‘Dit advys helpt ús enorm’, sa seit De Vries. Sy ferwachtet dat de posysje fan Omrop Fryslân ek oan de oarder komme sil by de behanneling fan de Wet gebruik Friese taal yn de Twadde Keamer yn maaie.

Boarne: Omrop Fryslân

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *