Wa’t ris besykje wol hoe goed hy of sy it Frysk skriuwe kin, krijt no de kâns. Minsken kinne dit jier thús meidwaan oan it Grut Frysk Diktee. It diktee is op woansdei 16 april foar it earst live te folgjen op Omrop Fryslân Televyzje en ynternet. It Grut Frysk Diktee wurdt om ‘e twa jier holden, dit jier foar de tolfte kear. Yn de Steateseal fan it Provinsjehûs bûge 32 dielnimmers harren oer it diktee.
Presintatrise Karen Bies fan Omrop Fryslân hat de tekst foar it Grut Frysk Diktee fan dit jier skreaun en sil it ek foarlêze. It diktee is stavere neffens de jildende regels foar de Fryske stavering. Yn 2010 en 2012 waard it diktee wûn troch André Looijenga. Hy docht ek dit jier wer mei om syn titel te ferdigenjen. 51 minsken hawwe oan ‘e foarronde meidien, 32 dêrfan hawwe har pleatst foar de finale. Oan it diktee dogge tradysjegetrou ek bekende Friezen mei, ûnder oaren aktrise en sjongeres Tet Rozendal, LC-sjoernalist Asing Walthaus, FNP-Steatelid Annigje Toering en Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd 2018.
It diktee wurdt útstjoerd fan 20:00 oant 21:00 oere op Omrop Fryslân Televyzje en www.omroplive.nl. De goede stavering en útslach fan it diktee wurdt dêrnei útstjoerd tusken 21:30 en 22:00 oere. Diana de Groot fan Omrop Fryslân presintearret it programma.
Middeis is it Lyts Frysk Diktee, foar bern fan de basisskoalle. Dat diktee wurdt foarlêzen troch Raynaud Ritsma, bekend fan it Omrop Fryslân televyzjeprogramma Tsjek.
It Grut en Lyts Frysk Diktee wurde organisearre troch de Afûk, Cedin Taalsintrum Frysk en de Fryske Akademy. De sjuery bestiet út Mirjam Vellinga (Afûk), Douwe Kootstra (Cedin) en Hindrik Sijens (Fryske Akademy).