Tresoar docht, krekt as yn 2014, wer mei oan de STUK VAN HET JAAR-ferkiezing fan de De Nederlandse Archieven (DNA). Dit kear hawwe wy in leafdesbrief, skreaun troch in Fryske soldaat yn Frankryk, ynstjoerd. De Fryske tsjinstplichtige Romke Zandstra is legere yn Boulogne. Hy stjoert syn leafste Sjoukje brieven fan it front. De omstannichheden yn it legerplak binne erbarmlik, mar dat skriuwt Romke har net. Hy stjoert Sjoukje leave en gerêststellende wurden. Yn in brief oan syn âlders sketst hy in oar ferhaal. Romke sil syn oansteande nea wer sjen; hy stjert oan it front.
Augustus 1811
Mijn Geliefde en teer beminde minnaresse.
Ik laat U weten dat ik nog redelijk in order benen hope en wense van U het zelfde.
Zoo het anders was het zou mij van harten leed zijn.
Ik laat u weten dat ik U zeer lieffelijke brief wel ontvangenen daar U gesondheid verstaan, hetgeen wigtig was te lesen.
Ik leg nu nog in de kamp van Baloeije, maar het praat gaat dat wij na de kamp van Seis gaan.
Dat is bij Uitert, dat wou ik graag dan kwam ik soo uren nader bij U mijn geliefde.
Maar er wort zoo veel segt, men kan er niet op af. Maar als ik vertrek dan zal ik U, mijn geliefde minnaresse, wel schrijven.
Ik laat u weten dat ik zeer met de raad die gij mij geef ingenomen ben.
Dizze brief (by Tresoar bekend as de Soldatebrief) fan in troch ûnwennigens kwelle Fryske militêr dy’t syn leafste net ûngerêst meitsje woe, is de nominaasje fan Tresoar. Ferline jier behelle Tresoar mei de ‘de Bloedvlek’ in tredde plak by de STUK VAN HET JAAR -ferkiezing. De lanlike aksje hat as doel argiven bekender te meitsjen by it grutte publyk. Fansels wolle wy ek dit jier wer in heech einigje. Dêrom in oprop oan jim!
Wolle jim op ús stik stimme?
Der kin fan elts IP-adres ôf mar ein kear stimd wurde.
Stjoer dizze mail dêrom troch nei it eigen e-mailadres thús en stim dêrwei op ús leafdesbrief.
Stimme kin fia dizze link en is hiel ienfâldich. Nei it stimmen is der in mooglikheid om de kar fia de social media bekend te meitsjen. Doch dat ek en/of ferspried dizze mail yn jim eigen rûnte. Begjin novimber wurdt de winner bekend makke. Mear witte oer ús nominaasje? Klik hjir!