By de Afûk is in unyk nij Frysk berneboek ferskynd: ‘Myn Gouden Boekje oer it Waad’, geskikt foar bern fan fjouwer oant acht jier. It boekje is skreaun troch Jet Bakels en de kleurrike yllustraasjes binne fan Yoko Heiligers.
It ferhaal begjint al op ’e fearboat: ûnderweis nei de eilannen stapst yn in oare wrâld. In wrâld fol natuer, kleuren, geuren, lûden en skiednis. Fan de seefûgel dy’t in krintepofke út dyn hân pikt, oant it wier dat op ’e weagen dobberet; alles is mei-inoar ferbûn.
Myn Gouden Boekje oer it Waad nimt dy mei op ûntdekkingstocht troch dit bysûndere stikje Nederlân en leart dy fan alles oer de ferskillende bisten – en minsken! – dy’t dizze eilannen mei-inoar diele.
‘Myn Gouden Boekje oer it Waad’ is ta stân kommen troch in unike gearwurking tusken útjouwerij Rubinstein, Stichting Werelderfgoed Nederland en útjouwerij Afûk. It Gouden Boekje oer UNESCO Wrâlderfgoed de Waadsee is skreaun troch Jet Bakels en yllustrearre troch Yoko Heiligers.

Boekgegevens
- Myn Gouden Boekje oer it Waad
- Auteur: Jet Bakels
- Yllustraasjes: Yoko Heiligers
- Utfiering: ynbûn
- ISBN: 978 949 331 8809
- Ferkeappriis: € 9,99
- Tal siden: 30
- Leeftiid: 4-8 jier
- websjop.afuk.frl