Nij ferskynd by de Afûk: It Waad fan Jet Bakels

By de Afûk is in unyk nij Frysk berneboek ferskynd: ‘Myn Gouden Boekje oer it Waad’, geskikt foar bern fan fjouwer oant acht jier. It boekje is skreaun troch Jet Bakels en de kleurrike yllustraasjes binne fan Yoko Heiligers.

It ferhaal begjint al op ’e fearboat: ûnderweis nei de eilannen stapst yn in oare wrâld. In wrâld fol natuer, kleuren, geuren, lûden en skiednis. Fan de seefûgel dy’t in krintepofke út dyn hân pikt, oant it wier dat op ’e weagen dobberet; alles is mei-inoar ferbûn.

Myn Gouden Boekje oer it Waad nimt dy mei op ûntdekkingstocht troch dit bysûndere stikje Nederlân en leart dy fan alles oer de ferskillende bisten – en minsken! – dy’t dizze eilannen mei-inoar diele.

‘Myn Gouden Boekje oer it Waad’ is ta stân kommen troch in unike gearwurking tusken útjouwerij Rubinstein, Stichting Werelderfgoed Nederland en útjouwerij Afûk. It Gouden Boekje oer UNESCO Wrâlderfgoed de Waadsee is skreaun troch Jet Bakels en yllustrearre troch Yoko Heiligers.

Boekgegevens

  • Myn Gouden Boekje oer it Waad
  • Auteur: Jet Bakels
  • Yllustraasjes: Yoko Heiligers
  • Utfiering: ynbûn
  • ISBN: 978 949 331 8809
  • Ferkeappriis: € 9,99
  • Tal siden: 30
  • Leeftiid: 4-8 jier
  • websjop.afuk.frl

KFG-Sieperda-sympoasium | UNESCO Erfgoed in Fryslân: Seine of Lêst?

Op freed 17 maaie organisearret it Keninklik Frysk Genoatskip / Koninklijk Fries Genootschap y.g.m. Tresoar en de Fryske Akademy it folgjende KFG-Sieperda-sympoasium oer de fraach wat it ynhâldt om it UNESCO-logo fiere te meien.

Yn de ôfrûne jierren hat in opfallend soad Frysk erfgoed in UNESCO-predikaat krigen: de Waadsee, it Woudagemaal, de Aldfryske wetsteksten fan de Richthofenkolleksje, it Eise Eisinga Planetarium en Ljouwert City of Literature. Op de Frysk-Drintske grins lizze boppedat de Koloniën van Weldadigheid. Der is in grut ferskaat oan Frysk UNESCO erfgoed. Dat liket in hiel positive wurdearring, mar binne der ek beswieren? Kinne de predikaten bygelyks in lêst wurde? Weagje de foardielen op tsjin de ferplichtingen?

Programma

13:00 Ynrin mei kofje en tee
13.30 Iepening en wolkomswurd troch Joop Koopmans (foarsitter KFG en sympoasiumfoarsitter)
13.35 Yntroduksje ûnderwerp troch Arjen Dijkstra (direkteur Tresoar)
13:45 Kees Storm: Ir. D.F. Woudagemaal als UNESCO Werelderfgoed: voordelen en uitdagingen
14:10 Anne Popkema: UNESCO als aanjager van ambitie: het geval van de ‘Richthofenkolleksje’
14:35 Arjen Dijkstra: Eisinga’s horizon: De steeds veranderende status van het Planetarium
15:00 Skoft
15:20 Heleen van Londen: UNESCO Werelderfgoed Waddenzee: voor- of nadeel voor wie?
15:45 Ernst Bruinsma: UNESCO City of Literature: voor een bloeiend en meertalig literair klimaat
16:10 Sieger Vreeling: Weg met werelderfgoed, ode aan het rijksmonument
16:35 Diskusje
16:55 Sluting
17:00 Buorrel

Wêr

Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert)

Opjefte

Uterlik 15 maaie 2024 fia info@friesgenootschap.nl (tagelyk mei betelling)

Kosten 

€5,- foar KFG-leden en studinten en €7,50 foar oare belangstellenden, oer te meitsjen op bankrekken NL33ABNA0450289001 o.n.f. Koninklijk Fries Genootschap te Ljouwert.