Op 12 novimber om 16:00 oere (ynrin 15:30 oere) wurdt mei Explore the North de nije Dichter fan Fryslân bekendmakke yn de Westerkerk yn Ljouwert.
Foarôfgeand oan de offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân troch deputearre Sytske Poepjes nimt Nyk de Vries ôfskie as Dichter fan Fryslân mei de presintaasje fan syn nijste dichtbondel ‘Asman’.
Dizze feestlike middei wurdt mei mooglik makke troch Boeken fan Fryslân en Explore the North. De presintaasje is yn hannen fan Jelte Posthumus.
It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij. De advyskommisje bestiet dit jier út Cilla Geurtsen, Annemarie Lindeboom en Tsead Bruinja (foarsitter).
Derby wêze? Oanmelde is needsaaklik en kin fia: info@dichterfanfryslan.nl. NB Maks. 75 persoanen, tagong op basis fan folchoarder fan oanmelding en mei koroana check-app!