12 novimber boekpresintaasje Kneppelfreed: Ferline en takomst fan de Fryske taal

Yn 2021 is it 70 jier lyn dat kneppelfreed plakhie. Dat is in goed momint om stil te stean by it ferline en takomst fan de Fryske taal. Op freed 12 novimber is dêrom de feestlike presintaasje fan Kneppelfreed 2021 mei Peter Boomsma, Piter Wilkens, Pier21 en de gastskriuwers, Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok, advokaat Tjalling van der Goot, âld-lektor Alex Riemersma en âld-boargemaster Johanneke Liemburg.

Gasthear kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok hjit elkenien wolkom en iepenet de gearkomste. Amarins Geveke, bestjoerslid fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen
(EBLT), laat in fraachpetear mei skriuwer Peter Boomsma en de fjouwer gastskriuwers Arno Brok, advokaat Tjalling van der Goot, âld-lektor Alex Riemersma en âld-boargemaster
Johanneke Liemburg. Boppedat is der in skets út de foarstelling Kneppelfreed fan Pier21 en sjongt Piter Wilkens in spesjaal troch him komponearre liet oer Kneppelfreed.

Utjouwer Eddy van der Noord ljochtet de eftergrûn fan it boek ta en it earste eksimplaar wurdt útrikt. De middei wurdt formeel ôfsletten troch Jelle Bangma, bestjoerslid
fan it EBLT. Nei ôfrin is der in smûke neisit mei in hapke en in drankje.

De middei wurdt organisearre troch it EBLT, Uitgeverij Louise en Provinsje Fryslân op freed 12 novimber 2021 fan 15.00 oant 17.00 oere yn de steateseal fan it provinsjehûs te Ljouwert. Ynrin mei kofje, tee en wat lekkers fan 14.30 oere ôf.

De gearkomste is ek online te sjen fia de live stream fan it provinsjehûs

Tagong allinnich nei oanmelding fia in mail nei it EBLT. Yn it provinsjehûs moatte jo jo koroanatagongsbewiis/QR-koade sjen litte en in mûlkapke drage oant jo by jo sitplak binne.


Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *