Facebook is no ek folslein yn it Frysk beskikber. It sosjale medium wie al in skoft diels beskikber it Frysk. Mar in protte standertsinnen en -útdrukkings wiene noch net oerset. Dêr is no feroaring yn kaam. In groepke frijwilligers hat freed 27 novimber op in spesjale oerseteinspurt yn it Oranje Hotel de lêste oersettings makke.
Under tafersjoch fan in Ierske fertsjinwurdiger fan Facebook is de Fryske taal op Facebook no folslein makke. Sawat achttûzen minsken meitsje gebrûk fan de Fryske Facebook.
De Frysktalige Facebook is foarearst allinnich beskikber as je Facebook iepenje yn in bekende browser. It Frysk sit noch net yn de Facebook-app. Neffens Julian Möller fan Facebook soe dy app fierstente swier wurde as dy alle talen oanbiedt. Mooglik komt hjir letter noch in aparte app foar. De Facebook-oerseteinspurt fûn plak op de ynternasjonale konferinsje fan Mercator oer sosjale media en minderheidstalen. De resultaten fan de aksje waarden ek op de konferinsje presintearre.
Boarne: Omrop Fryslân