Op it Bilt is tiisdei it fjirde Tomkeboekje yn it Biltsk presintearre. Op pjutteboartersplak De Utwyk yn Nij Altoena waarden de bern yn it Frysk en yn it Biltsk foarlêzen út it boekje ‘Ik bin Tomke’.
Sawat sântûzen minsken prate Biltsk. Neffens oersetter Froukje de Jong fan Stichting Ons Bildt is it belangryk dat der boekjes yn de streektaal ferskine. ‘Mei it Tomkeboekje leare de bern de taal al boartsjend. Tomke is by alle bern bekend. Dat hoe moai is it as Tomke dan ek yn It Biltsk ferskynt.’
Boarne: Omrop Fryslân