Fierders soe Dútslân gau wurk meitsje moatte foar in ‘adekwaat’ media-oanbod fan radio en televyzje yn alle minderheidstalen dy’t yn Dútslân praat wurde.
Der wenje yn Sleeswyk-Holstein sa’n 10.000 sprekkers fan it Noardfrysk. Dy krewearje al jierren foar radio en televyzje yn it Noardfrysk, mar oant no ta bliuwt dat oanbod beheind ta in radiorubryk fan trije minuten yn ‘e wike by de NDR. De Noardfriezen binne net de iennichste minderheid dy’t oan de krapperein komt as it giet om radio en televyzje. Itselde jildt ek foar de Deenske, Platdútske, Leechsorbyske en Seelterfryske minderheden.
Klik hjir foar it rapport fan de Ried fan Europa.
Boarne: Omrop Fryslân