De meiwurkers fan Omrop Fryslân begjinne moandei mei aksjes foar it behâld fan in selsstannige Omrop. It giet om radio- en televyzjespots mei de slogan “Ús taal, Ús Omrop”. Meiwurkers meitsje har slim soargen oer wa’t yn de takomst bepaalt wat der op de Omrop útstjoerd wurdt.
Der leit no in plan wêryn’t Omrop Fryslân mei RTV Noord en RTV Drenthe ûnder ien bestjoer komt. De meiwurkers binne benaud dat dit ta skea gean sil fan it Frysk en wolle dat de omrop folslein selsstannich beslute kin oer programmearring en ynset fan middels.
Omrop Fryslân is in publike omrop dy’t útstjoert yn de twadde offisjele rykstaal, it Frysk. Om de Fryske taal en kultuer libben te hâlden, hat de Omrop in alsidiger programmearring as oare regionale omroppen. Sa stjoert Omrop Fryslân berneprogramma’s út, dokumintêres, wurdt skoaltelevyzje makke en dramaproduksjes. Dat allegear yn it Frysk.
Sjoch hjir foar ien fan de spots.
Boarne: Omrop Fryslan