Nij ferskynd by de Afûk: ‘Do bist de leafste’

De dichtbondel Jij bent de liefste, yn it Nederlânsk skreaun troch Hans en Monique Hagen, is no by de Afûk yn it Frysk ferskynd. Dizze tiidleaze bondel waard yn earste ynstânsje skreaun foar bern, mar it boek docht it goed by minsken fan alle leeftiden. Eppie Dam soarge foar de prachtige Fryske oersetting.

Jij bent de liefste ferskynde al yn tsien oare talen, en yn it Nederlânsk is er alwer ta oan de 37e (!) druk. Dat seit wat oer it sukses fan de bondel. Hans en Monique Hagen binne bliid mei de Fryske oersetting: “Wat heeft Eppie Dam het mooi vertaald. We spreken geen Fries, maar als we het hardop uit proberen te spreken, klinkt het allemaal heel soepel. Het ziet er prachtig uit, we zijn er heel blij mee.”

Mei de sfearfolle tekeningen fan Marit Törnqvist is it hiel geskikt as kadoboekje foar dyn leafste, of bygelyks as kreamkadootsje, mar ek as treast yn drege tiden.

LEAFSTE

ik sykje in wurd
in hiel nij wurd
in wurd dat dij noch mist
ik sykje in wurd
dat sizze wol datsto de leafste bist

Boekgegevens ‘Do bist de leafste’

  • Auteurs: Hans en Monique Hagen
  • Yllustrator: Marit Törnqvist
  • Oersetting: Eppie Dam
  • Utfiering: miny-edysje 145×165, ynbûn, 50 siden
  • Leeftiid: alle
  • ISBN: 9789493318366
  • Ferkeappriis: € 12,50
  • www.websjop.afuk.frl

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *