Tentoanstelling ‘Kor Onclin: Verwondering & Verontrusting’

Rasskilder Kor Onclin (Ljouwert, 1918-2003) hâldt fan it libben en ferwûnderet him alle dagen oer de skjintme fan de dingen. Hy toant hertstochtlik en útsprutsen de skjintme fan in lânskip en syn fassinaasje foar de minske. De kleuren fan Kor Onclin binne dy fan in pasjonearre en yntins libjende minske, mar yn syn palet sitte ek tinten dy’t in oare kant fan him sjen litte. Fan 6 maart o/m 3 maaie 2022 presintearret Tresoar it fassinearjende wurk fan Onclin yn de tentoanstelling Kor Onclin: Verwondering & Verontrusting. De tentoanstelling is te sjen yn Obe, poadium foar Fryske kultuer, ûnderdiel fan Tresoar. 

Besibbens, Ferwûndering & Ungerêstens, Portret en Spul

Mei in seleksje skilderijen en objekten wurdt oan de hân fan fjouwer tema’s Onclin syn wurk presintearre.
Besibbens, dêr’t keunst, muzyk en poëzy by elkoar komme. Fryske dichters binne útnûge om in gedicht te skriuwen ynspirearre op in keunstwurk út de tentoanstelling. In oantal gedichten is opnommen yn de tentoanstelling.
Ferwûndering & Ungerêstens, oer ferwûndering oer alles wat de wrâld, de minske en de natuer te bieden hat en tagelyk de ûngerêstens oer destruktive krêften yn de wrâld en wat minsken elkoar oandogge. 
Portret oer it ‘wêzen’ fan de minske, dêr’t Onclin laach foar laach nei siket. De kreëarre personaazjes fan Onclin toane it gemoed: ferwûndering, earnst, humor, myldens en moederaasje. 
Spul, karakteristyk troch de mear geometrysk abstrakte foarmen, it ûnbefongene, spontane en oarspronklike. 

It ûntwerp fan de tentoanstelling is ta stân kaam yn gearwurking mei ûntwerpburo LOKAALWERK. De gearstalling fan tekst en byld is dien yn gearwurking mei Marleen Onclin.

Lêzing Spel met verf troch Marleen Onclin

Wat is it ferhaal fan Kor Onclin? Hoe seach syn libben derút? Hoe stie er yn it libben en wat fertelt er mei syn keunst? Marleen Onclin jout dy antwurden yn har lêzing Spel met Verf op 24 maart yn Obe.

Literêre jûn mei dichterskollektyf RIXT

Op 1 april is der in literêre jûn yn Obe. Acht dichters fan Frysk Dichterskollektyf RIXT drage har gedichten foar dy’t se skreaun hawwe by it wurk fan Kor Onclin. Nei de optredens fan de dichters is it poadium frij foar wa’t it moai fynt om in gedicht foar te dragen. Ek sil der muzyk te hearren wêze.

It folsleine programma komt op de webside fan Tresoar.

Game fan Mercator/ Fryske Akademy wint Belgyske designpriis

De meartalige augmented reality game ‘BabelAR’, ûntwurpen troch in kollektyf fan kennisynstituten út Fryslân, België, Baskenlân en Ierlân, hat de earste priis wûn yn de kategory Digital Product fan de prestizjeuze Belgyske designpriis Henry van de Velde Awards. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, wie de koördinator fan VirtuLapp, it projektkollektyf dat de game ‘BabelAR’ betocht en ûntwikkele hat. NHL Stenden Hegeskoalle wie teffens nau belutsen by it projekt as associate partner.

Henry van de Velde Awards

De Henry van de Velde Awards binne de meast prestizjeuze designprizen yn België. De Awards, ferneamd nei de belangrike ûntwerper, foarmjouwer en arsjitekt Henry van de Velde, toane en lauwerje sawol nasjonaal as ynternasjonaal Flaamske ûntwerpers, bedriuwen, produkten, projekten, tsjinsten en systemen dy ‘t in positive ympakt hawwe op de maatskippij, it miljeu en de ekonomy.

De útrikking wie tiisdei 8 febrewaris yn it Paleis voor de Schone Kunsten/ Bozar yn Brussel. De Flaamske game-ûntwikkeler fan it VirtuLApp-projekt hat de priis yn ûntfangst nommen. De organisaasje wie yn hannen fan Flanders District of Creativity (Flanders DC) en it Vlaams Agentschap Innoveren & Ondernemen (VLAIO).

De priis is in trofee en de bysûndere mooglikheid om it winners-logo fan de Henry van de Velde Awards te brûken yn alle kommunikaasje-uteringen. Oant 10 april 2022 is BabelAR ek noch te sjen op in spesjale design-eksposysje yn it Paleis voor de Schone Kunsten/ Bozar yn Brussel.

BabelAR

De game ‘BabelAR’ is makke foar bern tusken de 7 en 12 jier âld. Yn dizze augmented reality (AR) game wurkje learlingen mei-inoar gear. It doel fan BabelAR is om learlingen de wearde fan harren (thús)talen sjen te litten en om harren taalkennis te aktivearjen. De game is makke yn 14 talen, wêrûnder it Frysk en it Nederlânsk, en fergees del te laden op iOS en Android.

It spultsje is ûntwikkele binnen VirtuLApp, in trijejierrich projekt yn it troch de Europeeske Uny betelle Erasmus+ programma. De projektkoördinaasje wie yn hannen fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens. De projektpartners binne, neist Mercator, ATiT (Audiovisual Technologies, Informatics and Telecommunications) út België, Luca School of Arts út België, Trinity College Dublin út Ierlân en de Universiteit fan it Baskenlân/ Euskal Herriko Unibertsitatea út Spanje. Prof. Joana Duarte, lektor Meartaligens en Skriftlike Taalfeardigens op de NHL Stenden Hegeskoalle wie nau belutsen by it projekt en de game.

Oer it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen  

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen makket diel út fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje. As ûndersyksynstitút makket Mercator tankber gebrûk fan de mooglikheden dy’t de Fryske sitewaasje biede kin as in laboratoarium fan meartalichheid. Tagelyk makket Mercator foaroprinnend ûndersyk en nijsgjirrige ûntjouwings út minderheidstaleregio’s tagonklik foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden yn Fryslân.  

Nije websjop Taalplan Frysk 2030 fan hjoed ôf live foar al it Frysk lesmateriaal

Hjoed giet de nije websjop fan Taalplan Frysk 2030 live. Op www.websjop.taalplan.frl is fan no ôf al it materiaal foar it Frysk ûnderwiis beskikber: om it Frysk sichtber te meitsjen, it Frysk lêzen te befoarderjen, it fak Frysk stal te jaan of krekt it plak fan it Frysk by oare fakken te fersterkjen.

Yn de websjop binne boeken, lesmateriaal en promoasjemateriaal te keap foar skoallen yn alle ûnderwiissektoaren en op alle nivo’s. Alex de Jager, direkteur fan de Afûk: “Mei dizze websjop fan Taalplan Frysk 2030 ha wy no, yn gearwurking mei de oare partijen fan Taalplan, foar it ûnderwiis yn Fryslân ien plak ûntwikkele dêr’t ienfâldich al it materiaal besteld wurde kin. De fysike winkel fan de Afûk is fansels ek altyd beskikber om it materiaal yn te sjen en te ûntdekken.”

Subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’

De websjop giet live op de datum dat ek de subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’ foar it Frysk ûnderwiis iepensteld wurdt. Mei dy regeling, ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030, wol de provinsje Fryslân skoallen stypje by it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk. Sa kinne de kosten foar les- en lêsmateriaal foar de Fryske taal foar 80% subsidiearre wurde. Foar skoallen is it dêrby ideaal dat sy njonken dy regeling no ienfâldich al it Fryske ûnderwiismateriaal fan ferskate útjouwerijen, taal- en ûnderwiisynstellingen op ien plak bestelle kinne: websjop.taalplan.frl.

Ymplemintaasje fan it lesmateriaal, begelieding by it gebrûk en kursussen en workshops wurde ek fersoarge troch de ferskillende partners fan Taalplan Frysk 2030.

Foto: Afûk

Gearwurking

Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan de taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Underwiisburo Semko, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en de provinsje Fryslân. Mei it projekt wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.

EBLT, Mercator en Slieker hawwe premjêre fiiftalige film op Memmetaaldei

Op 21 febrewaris is it de Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjtatyf fan de Feriene Naasjes. Yn it ramt dêrfan organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film de Nederlânske premjêre fan de meartalige film Der Krug an der Wiedau/Æ kro ve æ Virå/ E krouf bai e Wiidou/ De Krooch an de Wiedau/ Kroen ved Vidåen.

Yn de humoristyske krimy wurdt op it stek tusken Denemarken en Dútslân in lyk fûn, de holle yn it iene lân en de fuotten yn it oare. Fanwegen it deadlik grinsgefal moatte sawol in Dútske en in Deenske resjersjeur op paad om de saak op te lossen. Oft de stamgasten fan de lokale kroech harren dêrby helpe sille is mar de fraach.

Screenshot fan de film, mei it lyk op it stek foar wylde swinen. © Bund Deutscher Nordschleswiger

De film is tige bysûnder, want yn dy kroech klinkt der folle mear as allinne mar bierglêzen. Dêr wurde nammentlik op natuerlike en lykweardige wize de fiif talen praat fan de streek yn Sleeswyk. It giet om it Noardfrysk, Suderjysk (Súd-Jutlânsk), Platdútsk, Deensk en Dútsk. Dy meartalige situaasje is troch de jierren hinne ûntstien en elk is wend om de eigen taal te praten en de oare talen yn alle gefallen te ferstean.

De film is regissearre troch Noardfries Gary Funck. It is in koproduksje fan it Nordfriisk Teooter yn Husum en de Bund Deutsche Nordschleswiger fan de Dútsktalige minderheid yn Denemarken. Op 21 febrewaris wurdt de film noch meartaliger, mei’t de film yn it Frysk ûndertitele wurdt, mei tank oan Geertrui Visser.

It is alwer de achtste kear dat it EBLT en Mercator yn gearwurking mei Slieker Film films en dokumintêres oer en mei taalminderheden presintearje mei de Memmetaaldei. It EBLT is in koepelorgaan dy’t him ynset foar de promoasje en beskerming minderheidstalen yn Nederlân. By it EBLT sitte mear as tweintich organisaasjes dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.

Trailer

De film is allinnich te te sjen op Ynternasjonale Memmetaaldei, moandei 21 febrewaris, yn Slieker Film, Ljouwert. Der binne twa foarstellings mei de feestlike premjêre om 14:30 oere en in twadde fertoaning om 20:00 oere.

Fanwege de beheinde kapasiteit yn de bioskoop is it ferstannich om yn’t foar kaartsjes te keapjen by Slieker Film.

Lidorganisaasjes en gasten fan it EBLT kinne harren oanmelde fia de útnûging of by it sekretariaat.

Tentoanstelling Vierspanning yn paviljoen Obe

Ekspressyf, kleurryk en besiele mei in ûnbidige ferbylding – dat tekenet it wurk fan Horst Dijkstra, Anne Feddema, Henk Krist en Eddy Sikma. Oant en mei 27 febrewaris 2022 presintearjret Tresoar yn gearwurking mei Museum Belvédère Vierspanning: in eksposysje mei in greep út resint wurk fan de fjouwer Fryske skilders. De tentoanstelling is te sjen yn Obe, it paviljoen foar Fryske kultuer, ûnderdiel fan Tresoar.

Fiering fan in jubileum

De tentoanstelling Vierspanning fiert it jubileum (25 + 1) fan de gearwurking fan de keunstners. De earste mienskiplike eksposysje fan de fjouwer skilders yn 1995 hie de iroanyske titel ‘Een kwart Christus in zicht’. Sûnt foarmen se by gelegenheden in keunstnersgroep, in soarte fan ‘vierspan’. Yn de ôfrûne desennia gienen alle skilders, eigensinnich en dwers, har eigen figurative wegen. Hoewol’t se har eigen kleuretaal ûntwikkele hawwe, is der ek in dúdlik ferbân te sjen: har kleurrike wurk wurdt dreaun troch in ûnbedimme ferbylding.
 

Unike dûbeleksposysje

Vierspanning is in unike, ynterdissiplinêre dûbeleksposysje. Letter yn 2022 toant ek Museum Belvédère wurk fan de keunstners. De eksposysjes toane foaral resint wurk fan it bysûndere fjouwerspan. Yn de tentoanstellingen binne de krêft en de spanning fan kleurgebrûk sichtber yn de keunstwerken dêr’t letterlike en figuerlike lânskippen, persoanlike ferhalen, humor, irony en dreambylden sintraal yn stean.

Katalogus

De tentoanstelling is ferrike mei in byhearrende katalogus dêr’t de keunstwurken yn te bewûnderjen binne. Fotografe Tryntsje Nauta makke foar dizze katalogus foto’s fan de wurken en fjouwer yntrigearjende portretten fan de skilders. Oer elke keunstner binne koarte artikels skreaun en by inkelde skilderijen binne frije literêre reaksjes te lêzen yn de foarm fan poëzy en proaza. Dy bydragen binne skrean troch jong talint en mear fêstige (lokale) skriuwers. It foarwurd is skreaun troch Bert Looper en de ynlieding troch Anna Tilroe.

Mear ynformaasje

Benijd wurden nei de ferbyldingskrêft fan it Fryske fjouwerspan? Dan bisto fan herte útnûge dy ûnder te dompeljen yn kleure-eksploazjes fan it wurk fan Horst Dijkstra, Anne Feddema, Henk Krist en Eddy Sikma. Sjoch hjir foar de aktuele iepeningstiden fan Obe.

Tresoar en Literatuurmuseum wurkje gear oan lansearring auteursportaal

Frysk letterkundich en histoarysk sintrum Tresoar en it Literatuurmuseum yn Den Haag binne mei de Koninklijke Bibliotheek en oare organisaasjes mei biblioteekkolleksjes in gearwurking oangien om Nederlânsk literêr erfgoed oan elkoar te ferbinen. Dy gearwurking hyt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken.’ In auteursportaal dêr’t alle ynformaasje oer ien skriuwer yn te finen is, tsjinnet as praktyske tapassing fan it ‘verbonden erfgoed’.

It wurk fan de yn Fryslân berne skriuwer Theun de Vries (1907-2005), dy’t in ûnbidich grut literêr oeuvre skreaun hat, tsjinnet as pilot foar it auteursportaal. Ynformaasje oer in auteur is faak net op ien plak te finen. Sa bewarret it Literatuurmuseum brieven en manuskripten fan Theun de Vries en Tresoar boeken, foto’s en artikels. Ynformaasje oer syn publikaasjes is te finen by de Koninklijke Bibliotheek en it NIOD Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies bewarret in fersetsberjocht.

It online auteursportaal Theun de Vries moat in ein meitsje oan de oerlaap oan biografyske en bibliografyske ynformaasje en bringt de belangrykste boarnen by elkoar yn in oersichtlik gehiel. It portaal wurdt op sa’n wize makke dat it ek brûkt wurde kin foar ynformaasje oer oare auteurs. Ein 2022 komt it portaal online.

Nij oan dit portaal is dat gebrûk makke wurdt fan Linked Open Data (LOD). LOD is de standert wize om gegevens sa online op it web te publisearjen dat se (wer)brûkber binne. It kin dan gean om digitale of digitalisearre materialen lykas tekst, ôfbyldingen of audiofisueel materiaal, mar ek ynformaasje oer materialen: de metadata. De data wurdt op sa’n wize oanbean dat der folle makliker, en sels automatysk, ferbining lein wurde kin mei oare data. Dêrtroch wurdt de data riker en nuttiger foar de brûker. De ynformaasje giet net ferlern as in webside opheft wurdt.


In resintlik takende subsydzje fan Stichting Pica makket it mooglik it projekt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken’ út te fieren en dêrmei it auteursportaal te realisearjen. It projekt ‘Verbonden erfgoed van bibliotheken’ rint oant en mei maart 2023.

Fertel ris siket ferhalen yn Smellingerlân en Opsterlân

It projekt Fertel ris  fan de Afûk reizget mei de Karavaan van de vriendschap om ferhalen op te heljen. Sterke ferhalen oer eartiids, persoanlike ferhalen oer freonskip, ferhalen dy’t werkenber binne foar de âldere generaasjes. Dy ferhalen brûkt de Afûk om nij materiaal te meitsjen lykas boeken, foarlêsferhalen of praatkaarten foar aktiviteiten mei âlderein.

Op 7 jannewaris reizget de Karavaan troch Smellingerlân, op 4 febrewaris troch Opsterlân. De karavaan bringt freonskip, muzyk en poëzy en siket ferhalen. By wa kin de karavaan oanstekke op de tocht troch dizze gemeenten?