It bestjoer fan it Skriuwersboun hat op 7 april yn Tresoar it rapport fan harren Wurkgroep Honoraria presintearre, it plan foar bettere beleanning en promoasje Fryske skriuw(st)ers
Yn dat rapport stean in tal fan advizen om de Fryske skriuw(st)ers te stypjen:
- minimum-tariven foar optredens en wurk yn opdracht
- de oanbefelling om wer 50% fan de royalties as foarskot te freegjen yn it kontrakt mei de útjouwer
- Boeken fan Fryslân te fersterken troch bettere en mear promoasje te meitsjen foar de Fryske literatuer troch jierliks in tal spearpuntboeken sa grut mooglik yn it publike domein te promoatsjen
It plan waard goed ûntfongen troch de oanwêzige minsken en organisaasjes yn de seal. It Skriuwersboun sil hjir ferfolch oan jaan troch, as earste, yn petear te gean mei de Provinsje Fryslân.