Sykmasine Google is der no ek yn it Frysk. Moandei lansearre it bedriuw de webside www.google.frl. Besikers krije dan de fertroude Google-side te sjen, mar dan hielendal yn it Frysk. Sa stiet der ûnder de sykbalke de opsjes ‘Sykje mei Google’ en ‘Lok wat jouste’. Yn de Nederlânske fersy stiet dêr ‘Ik doe een gok’. Ek by de sykresultaten hat Google alles oersetten.
It Amerikaanske ynternetbedriuw makke it nijs moandei sels bekend fia sosjale media: “Nieuw: Google in het Fries te bereiken”.
De nije Fryske .frl-ekstinsje is sûnt febrewaris yn de loft.
Boarne: Omrop Fryslân