Kening Willem-Alexander en Shrek binne hiel goed te brûken foar de promoasje fan it Frysk. Dy twa nammen kamen tongersdeitejûn yn Ljouwert as foarbylden foarby op in debatjûn foar de kommende steateferkiezings. It helpt as it Frysk in wat hegere status hat as no, sa fynt de FNP. Dat kin bygelyks as de kening de twadde rykstaal mear brûkt yn taspraken. Continue reading “Kening en Shrek ynsette foar it Frysk”
Fierder mei Frysk
Professor Goffe Jensma komt om te praten oer de opset fan it grutte taalûndersyk, dat nei ferwachting liede moat ta positive wurdearring fan it Frysk en de streektalen by safolle mooglik ynwenners fan Fryslân.
Dit ûndersyk sil plakhawwe yn it ramt fan ‘Ljouwert, Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018’.
It bestjoer fan de stichting ‘Fierder mei Frysk’ wol jo der op 12 novimber hiel graach by hawwe. Dêrom binne jo hjirby útnoege, mar it wurdt op priis steld wannear’t jo oare minsken mei ynteresse foar it tema meinimme.
De seal yn Tresoar giet iepen om 19.45 oere.
Continue reading “Fierder mei Frysk”