Utnûging útrikking Gysbert Japicxpriis 2023

Op sneon 14 oktober krijt Jetske Bilker foar har roman Spegel en sonde de Gysbert Japicxpriis 2023 útrikt troch Eke Folkerts, deputearre fan provinsje Fryslân. Jo wurde fan herten útnûge om de útrikking by te wenjen.

Oer de skriuwster

Jetske Bilker (1960) mocht as bern al graach skriuwe. Se studearre Algemiene Literatuerwittenskippen en wurke ûnder oare yn it ûnderwiis. Yn 1988 debutearre se mei Imitaasjelear. Dêrnei ferskynde yn 2012 It libben fan in oar en yn 2021 kaam Spegel en sonde út. Neist dizze romans hat se in grut ferskaat oan publikaasjes op har namme stean. Fan oersettingen fan De Kameleon oant Harry Potter en fan Ilja Leonard Pfeijffer oant in ‘hertaling’ fan Trinus Riemersma. Ek makke se ferhalebondels, blomlêzingen en skreau se it Fryske boekewikegeskink fan 2004. De lêste jierren is se ek aktyf as dosint kreatyf skriuwen.

Lytse Gysbert

As ûnderdiel fan it programma sil op sneon 14 oktober ek de Lytse Gysbert Japicxpriis útrikt wurde, de priis foar it bêste Fryske gedicht troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. De priiswinner, Sytze de Haas út Jorwert, kriget in oarkonde en de fûl begearde ‘Gouden Fear’ en sil de hantekening sette op in spesjaal boerd yn it Gysbert Japicxhûs, it bertehûs fan skriuwer en dichter Gysbert Japicx.

Gysbert Japicxpriis
Nammejouwer fan de priis is de dichter Gysbert Japicx (1603-1666) út Boalsert. De priis waard yn 1947 foar it earst útrikt. Eardere resinte winners fan de Gysbert Japicxpriis binne Eeltsje Hettinga (2021), Aggie van der Meer (2019), Eppie Dam (2017), Koos Tiemersma (2015) en Jacobus Q. Smink (2013). Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer Fryske literatuer en de Gysbert Japicxpriis.

Utrikking
De útrikking fan de Gysbert Japicxpriis is sneon 14 oktober yn de Martinitsjerke yn Boalsert. De priis bestiet út in bedrach fan 10.000 euro en 5.000 euro foar it oersetten fan it wurk fan de winner. Yn de foarôfgeande wike binne ferskate literêre aktiviteiten yn de Gysbert Japicxpriiswike. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten.

Wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2023 fan start!

Bern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé priis foar it bêste Fryske gedicht.

dichtwedstriid

De dichtwedstriid is yn 2013 yn it libben roppen om Gysbert Japicx (Frysk skriuwer en dichter, 1603-1666) syn namme en syn wurk libben en yn eare te hâlden. Histoarysk sjoen hat Gysbert Japicx in grutte wearde foar ús provinsje, om’t er de grûnlizzer fan de skreaune Fryske taal is.

Foar skoallen is it mooglik om in online-lesprogramma te folgjen, mar ek is it mooglik om in edukatyf meiwurker út te nûgjen op skoalle om mei elkoar oan de slach te gean mei it meitsjen fan Fryske gedichten.

Nij is dat dit jier ek gedichten ynstjoerd wurde kinne dy’t makke binne yn de poëzywike, mei as tema ‘Freonskip’. Ek sille de skoallen meidwaan dy’t belutsen binne by it Tsjûkemarprojekt, in projekt dêr’t bern ynspirearre wurde troch har omjouwing en dêroer Fryske gedichten skriuwe. Koartsein: as it mar in Frysk gedicht is!

meidwaan
Gedichten kinne o/m 3 july yndividueel en as skoalle ynstjoerd wurde en kinne dan nei in foarseleksje nominearre wurde foar dizze bysûndere priis. De sjuery, dy’t dit jier bestiet út Tialda Hoogeveen (Berneboeke-ambassadeur Fryslân), Wybo Smids (Frysk akteur) en Tjitske van Dijk (skriuwster lesmateriaal Afûk), makket de kar fan it úteinlik winnende gedicht 2023.

Elbrich Ouderkerken: Winnaar Lytse Gysbert Japicxpriis 2021. Foto door Haye Bijlstra.

útrikking

De útrikking fan de Lytse Gysbert Japicxpriis is op 14 oktober 2023 yn de Martinitsjerke yn Boalsert en wurdt útrikt troch Petra van den Akker, wethâlder fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De priis wurdt útrikt as ûnderdiel fan it programma fan de provinsjale Gysbert Japicxpriis, dé priis foar oarspronklik Frysk literêr wurk troch Deputearre Steaten fan Fryslân.

Sjoch foar mear ynformaasje, betingsten en oanmelde op www.tresoar.nl/lytse-gysbert

Portret fan Gysbert Japicxpriiswinner Eeltsje Hettinga ûntbleate

Op fersyk fan Tresoar hat Elske Schotanus in portret makke fan Eeltsje Hettinga. Hettinga (1955) krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis 2021 foar poëzy. De Provinsje Fryslân kende Eeltsje Hettinga de heechste literêre ûnderskieding ta foar de hast tritich gedichten dy’t hy fan 2017 oant 2019 makke as Dichter fan Fryslân. De spesjale Dichter fan Fryslân-krante by de twa Fryske deiblêden brocht syn wurk yn 2019 nochris by in breed publyk ûnder de oandacht.

It portret (oaljeferve op linnen fan 59,5 by 59,5 sm.) is op 18 oktober troch Eeltsje Hettinga en de direkteur fan Tresoar, Arjen Dijkstra ûntbleate en is te bewûnderjen yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar. Yn dy seal hingje ek de oare portretten fan de Gysbert Japicxpriiswinners.

Portret fan Eeltsje Hettinga makke troch Elske Schotanus
Oaljeferve op linnen fan 59,5 by 59,5 sm.

De makker, Elske Schotanus (1957), is net allinne skilder, mar ek skriuwer. Yn har wurk leit se har de lêste tiid hieltyd mear ta op in kombinaasje fan skriuwend en byldzjend wurk. Har lêste wurk is de graphic novel ‘Kyra’ (2022).

Mear ynformaasje oer Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus is te lêzen op de Fryske literatuerwebside www.sirkwy.nl.

Aktiviteiten rûnom de Gysbert Japicxpriis

De Gysbert Japicxpriis 2021 is takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’ 2017-2019. Neffens de advyskommisje kinne dy gedichten rekkene wurde ta it bêste dat de Fryske poëzy de ôfrûne jierren opsmiten hat. Op 6 novimber krijt er de priis yn Boalsert útrikt. Om dat te fieren wurdt de dagen foarôfgeand oan dy útrikking troch Tresoar en oare organisaasjes de Gysbert Japicxpriis wike holden.

Moandei 1 novimber | literêre jûn

Op moandei 1 novimber is der yn Tresoar in literêr programma yn oparbeidzjen mei tydskrift De Moanne. Op dy jûn draacht Raymond Muller foar út it wurk fan Eeltsje Hettinga en fersoarget Arjan Hut in skôging oer it dichtwurk fan Hettinga. Wiebe Kaspers soarget foar muzyk en de presintaasje is yn hannen fan Amarins Geveke. In moaie jûn dus om foar it earst of better yn de kunde te kommen mei de nijste Gysbert Japicxpriiswinner.

Ynrin 19.30 oere, begjin 20.00 oere.  
Wolsto wis wêze fan in plakje? Ferjit dan net dy yn’t foar oan te melden

Freed 5 novimber | jûn mei literêr en muzikaal program

Op freed 5 novimber is der mei Explore the North en dichterskollektyf RIXT in literêr en muzikaal program yn de Westerkas as ûnderdiel fan de festivalperioade fan Explore the North yn de Westertsjerke te Ljouwert. De jûn set útein mei in pear oades oan Eeltsje Hettinga fan keunstners dy’t in soad mei him gearwurkje. De dichters fan RIXT fersoargje in optreden en spesjaal sille in oantal dichters yn gearwurking mei de ‘Verhalenavonde’ it ferhaal oer har gedichten fertelle. Op de jûn wurdt ek de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus mei Deenske en Fryske gedichten presintearre. It program wurdt ôfsletten mei muzyk.

Ynrin 19.30 oere, begjin 20.00 oere.
Wolsto wis wêze fan in plakje? Ferjit dan net dy yn’t foar oan te melden.

Mear aktiviteiten

Yn oanrin nei en yn de Gysbert Japicxpriis wike krijst by bakker Posthuma út Boalsert en Wommels en bakker Salverda út Ljouwert in kaartsje by in taartsje. Hast wat te fieren? Op nei de bakker!

Tresoar fersoarget yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân foar skoalbern in edukatyf program oer dichtsjen.

Gasten foar de priisútrikking op 6 novimber 2021 yn De Tiid yn Boalsert hawwe in persoanlike útnûging krigen.

Tolve boeken op ‘longlist’ Gysbert Japicxpriis

Foto Omrop Fryslân
De advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2015 hat in longlist bekendmakke fan tolve Frysktalige romans of ferhalebondels. Op de list steane titels fan bekende auteurs mar ek in pear debuten. De advyskommisje stelt dat se foar de longlist boeken keazen hawwe ‘mei in literêr karakter, dy’t aventoerlik en fernijend skreaun binne en de rikens fan it Frysk dúdlik sjen litte’.
De auteurs fan nominearre boeken binne ûnder oare Marga Claus, Anne Feddema, Koos Tiemersma, Josse de Haan, Hylke Speerstra. Willem Schoorstra en Ale van Zandbergen.

De Gysbert Japicxpriis is de grutte priis fan de Fryske literatuer. De provinsje Fryslân rikt de priis om de twa jier út, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzij. Dit jier is it proaza oan bar. It giet om wurk útkommen yn de kalinderjierren 2011 oant en mei 2014. Mei-inoar ferskynden yn it oanbelangjende tiidrek mear as 130 oarspronklike Frysktalige proazatitels. De advyskommisje bestiet út Marga Waanders, Yvonne Dijkstra, Kester Freriks, André Looijenga en Doeke Sijens. Continue reading “Tolve boeken op ‘longlist’ Gysbert Japicxpriis”