‘It is leuk, hiel maklik om te brûken én hoechst gjin boeken mei nei skoalle te tôgjen’, seit in learling fan it Singelland Lyseum. Hy leart op skoalle Frysk mei de nije digitale taalmetoade Searje 36.
Op it CSG Bogerman binne se ek bliid dat harren skoalle keazen hat foar Searje 36: ‘Do sjochst fuortendaalk wat der fout is en by toetsen hast gelyk dyn sifer.’
Yn it skoaljier 2014-2015 hawwe 2500 learlingen en 20 dosinten fan 15 skoallen meidien oan de pilot fan dizze ynnovative lesmetoade. Ut in ûndersyk ûnder 204 learlingen docht bliken dat de jongeren entûsjast binne oer de nije digitale metoade om Frysk te learen: 60% jout in 8 of heger. Fierders is Frysk fan alle talen it leukst om mei de iPad te learen, neffens 70% fan de learlingen.
De seisentritich lessen fan Searje 36 geane oer tema’s sa as ‘Famylje en Freonen’ en ‘Kommunikaasje’. Yn dizze unike learomjouwing binne aktuele teksten, fideo’s, spultsjes en ferskes opnommen, wêrmei’t de learlingen konkreet wurkje oan praktyske taalfeardichheden. Sa moatte sy bygelyks in ynterview mei in bekende dwaan en dêr in filmke fan meitsje. Fierdersoan sit Searje 36 fol ynteraktive oefeningen, dy’t fuortdaliks troch it systeem neisjoen wurde.
Ek dosinten binne optein en sjogge dat jongeren mei nocht mei dit lesmateriaal oan de slach geane. De lessen út de metoade kinne bewurke wurde en it is ek mooglik om eigen materiaal ta te heakjen. In oantal dosinten Frysk hat gearwurke mei Afûk en Cedin foar de ûntwikkeling fan Searje 36.