It ûndersyk wurdt útfierd troch de Fryske Akademy, it Nordfriisk Instituut en it Seeltersk-Kontoor.
Hast alle sprekkers fan de Fryske taal witte wol dat gjin twa minsken itselde Frysk prate. In wurd, in klank of in útspraak ferriedt faak fuortendaliks út watfoar gebiet ien weikomt. Dy ferskillen binne net allinnich hiel nijsgjirrich, se kinne ek in protte fertelle oer hoe’t talen feroarje en oan de oare kant noch altyd op inoar lykje.
Dat jildt net allinnich foar it Frysk yn Nederlân. Ek yn Dútslân wurde Fryske talen praat: it Noardfrysk en it Sealterfrysk. Hoewol’t dy talen deselde oarsprong hawwe, binne se troch de iuwen hinne elk in eigen kant útgroeid.

Ynternasjonaal ûndersyk
Yn in nij mienskiplik ûndersyksprojekt fan de Fryske Akademy, it Nordfriisk Instituut en it Seeltersk-Kontoor wurde sprekkers út al dizze Fryske taalgebieten foar it earst systematysk mei-inoar ferlike. Taalkundige Fenna Bergsma fan de Fryske is ien fan de ûndersikers: “It ûndersyk rjochtet him op subtile ferskillen yn taalgebrûk en taalbelibbing, saken dêr’t minsken har faak net iens bewust fan binne. Hoe brûke minsken harren taal? Hokker ferskillen hearst tusken sprekkers? Hearst it Dútsk en Nederlânsk werom yn de Fryske talen? En hoe sjogge minsken sels eins nei harren taal?”
It projekt is in earste stap yn in breder ynternasjonaal ûndersyksprogramma nei de Fryske talen yn Europa. Dêrmei wolle de trije ynstituten better ynsichtlik meitsje hoe’t de Fryske taalfamylje hjoed-de-dei funksjonearret en dêrmei fan inoar ferskilt en oerienkomt.
Doch mei
Foar it ûndersyk sykje wy sprekkers fan it Frysk, Noardfrysk en Sealterfrysk. Meidwaan duorret mar 20 minúten: dielnimmers folje in fragelist yn, jouwe harren miening oer taal en nimme in pear koarte spraakfragminten op.
Klik hjir om mei te dwaan oan it ûndersyk.