Oprop Tresoar Fellow 2025

Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer, kultuer en/of letterkunde. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde.

Kandidaten fan alle dissiplines en nasjonaliteiten binne wolkom.Alle ynteressearren foar it jier 2025 kinne fan no ôf in útstel yntsjinje.

Tresoar

Betingsten

  • De Tresoar Fellow is in ôfstudearre akademikus dy’t heart by in nije generaasje ûndersikers (dat wol sizze ôfstudearre nei 1 jannewaris 2014)
  • Fan de Fellow wurdt ferwachte dat hy/sy fernijend ûndersyk docht nei in (diel)ûnderwerp út ien fan de haadtema’s fan Tresoar (sjoch hjirûnder) en dêrby aktyf gebrûk makket fan de kolleksje fan Tresoar
  • De Fellow jout in publykslêzing yn Tresoar
  • De Fellow skriuwt in artikel oer de resultaten fan it ûndersyk en biedt dat oan by ien fan de Fryske wittenskiplike tydskriften, lykas Us Wurk of De Vrije Fries
  • By dizze en oare publikaasjes dy’t fuortkomme út it fellowship wurdt fermelding fan it Tresoar Fellowship ferwachte

Haadtema’s

Tresoar ûntwikkelet syn kolleksje fan in oantal haadtema’s út: Fryske skiednis, Fryske literatuer, of Fryske kultuer. Tresoar en de Freonen fan Tresoar kinne in foarkar foar ien fan de tema’s útsprekke.

Mear ynformaasje it te ferkrijen by Tresoar

Nije webside De Moanne

De nije webside fan de Moanne, yn geef Frysk, live gien. De side is frisser, oersichtliker en   dúdliker. Troch de berjochten better op tema yn te dielen, kinst fluch fine watst sikest.

Nij is ek de gearwurking mei Merk Fryslân, dêrtroch binne no op de webside alle kulturele aktiviteiten yn in aginda werom te finen. De webside is hjir te besjen.

Twa nije bysûndere skinkingen oan Tresoar

Tresoar hat dizze simmer twa bysûndere skinkingen krigen: dokuminten fan de eardere Frjentsjerter Universiteit en in unyk foto-album mei foto’s fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum. Dy autentike dokuminten heakje nije ynformaasje ta oan it ferhaal fan Fryslân en binne dêrom in prachtige oanfolling op de kolleksje fan Tresoar.

Dokuminten fan de Frjentsjerter Universiteit

It echtpear Ferenc Postma en Margriet Gosker hat Tresoar in tal dokuminten skonken dy’t mei de skiednis fan de Frjentsjerter universiteit ferbûn binne. Twa stikken slane op Elias Wigeri (1730 -1791). It earste is syn beneaming yn 1755 ta bûtengewoan heechlearaar yn it Romeinske rjocht oan dizze akademy. It twadde stik, ûndertekene troch steedhâlder prins Willem V fan Oranje, is de beneaming fan Wigeri ta professor honorarius. Dêrmei waard er frijsteld fan it jaan fan kolleezjes. De oarkonde is opbrocht mei in fraai oranje siden lint.

It echtpear skonk ek argivalia dy’t te krijen hawwe mei Paul Ernst Jablenski (1693 -1757). Dy professor út Frankfurt waard beneamd as heechlearaar yn de teology oan de Frjentsjerter universiteit, mar seach úteinlik ôf fan syn beneaming fanwegen bestjoerlike kwestjes.

Postma hat in ymposante kolleksje hânskriften en boeken sammele op it mêd fan teology en tsjerkeskiednis, yn it bysûnder printwurk fan de Universiteit fan Frjentsjer. Hy hat in grut tal Frjentsjerter printingen, brieven fan Frjentsjerter professoaren en objekten dy’t te krijen hawwe mei Hongaarske studinten dy’t yn Frjentsjer studearren. Koartlyn skonk it echtpear Postma-Gosker noch in oarkonde út 1778 en twa seldsume sulveren tinkpinningen út 1785 oan Museum Martena.

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar

Tresoar hat in grutte kolleksje op it mêd fan de skiednis fan de universiteit fan Frjentsjer. Dy bestiet út de eardere akademybiblioteek, mei hûnderten bannen en it argyf fan de eardere ûnderwiisynstelling.

Fotoalbum fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum

Van Drukkerij Horstman yn Assen hat Tresoar in unyk foto-album krigen. It album befettet prachtige foto’s fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum, oprjochte yn 1904. Dat bedriuw anneks gruthannel fan de firma S. Bouma wie fêstige yn it pakhûs mei deselde namme oan it Grootdiep. Bouma liet yn 1933 in filla foar himsels bouwe njonken it fabryk, oan it Suderbolwurk. It album, dat net datearre is, is makke foar de bou fan de filla. De foto’s, makke troch fotograaf Breitschat fan Kollum, jouwe in hierskerp byld fan it bedriuwsproses yn it fabryk.

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar

Skinking oan Tresoar

Mocht ien in skinking dwaan wolle oan Tresoar, dan is it ferstannich om yn it foar kontakt op te nimmen mei de kolleksjefoarmers. Sy kinne beoardielje oft it materiaal oanslút by de besteande kolleksje, dy’t as kearntema Fryslân hat.

Kontaktgegevens: collectievorming@tresoar.nl

Nij lesmateriaal slavernijferline fan Fryslân beskikber

Dit jier is it 150 jier lyn dat Nederlân slavernij offisjeel ôfskafte. In soad Friezen assosjearje slavernij mei it westen fan Nederlân, mar dat kloppet net. Ek yn Fryslân binne nammentlik spoaren fan dizze pynlike skiednis te finen. Yn de kolleksjes fan Historisch Centrum Leeuwarden en Tresoar binne ferskate boarnen dy’t ús mear oer it Fryske slavernijferline fertelle. Fan 21 juny is op GeschiedenisLokaal Fryslân lesmateriaal by dy boarnen beskikber foar it basis- en fuortset ûnderwiis.

Slavernijferline fan Fryslân

It ôfskaffen fan de slavernij yn de Nederlânske koloanjes barde yn fazen. Yn 1814 waard de hannel yn slaven ferbean, yn 1860 de slavernij yn Nederlânsk-Ynje en yn 1863 de slavernij yn Suriname en it Karibysk gebiet. Mar echt frij wienen de ta slaaf makken net, want noch oant 1873 waarden se twongen om op de plantaazjes te wurkjen. Dit jier is it dus 150 jier lyn dat de slavernij yn Suriname en it Karibysk gebiet écht oer is.

Oant foar koart waard slavernij sjoen as in kwestje dêr’t Fryslân net folle mei te krijen hie, dat stêden as Amsterdam en Middelburg in gruttere rol spile hawwe yn it slavernijferline fan Nederlân. Mar ek yn ús provinsje fynst spoaren werom fan it slavernijferline. Gebouwen, monuminten en strjitnammen yn plakken as Ljouwert, Harns, Dokkum en Wolvegea, en argyfstikken en museale objekten yn ús argyfynstellingen en musea dogge tinken oan dit pynlike ferline.

Skilderij fan Fryske stedhâlders – te sjen yn it Stedhâlderlik Hôf Ljouwert (ôfbylding: Tresoar)

Slavernijferline tichter by Fryske learlingen

It is belangryk om de kennis en bewustwurding fan dit erfgoed yn ús direkte omjouwing te fergrutsjen. Dêrom hat it digitale boarneplatfoarm GeschiedenisLokaal Fryslân it inisjatyf nommen om – yn gearwurking mei NHL Stenden Hogeschool Ljouwert – it slavernijferline tichter by Fryske learlingen te bringen. Studinten fan de Pabo en de dosinte-oplieding Skiednis ûntwikkelen lessen, dêr’t learlingen ûndersyk yn dogge nei spoaren yn en histoaryske boarnen oer de omjouwing dêr’t se alle dagen yn rinne, fytse of scooterje.

Lansearring nij lesmateriaal

Al it nije lesmateriaal oer it Fryske slavernijferline wurdt woansdei 21 juny by in presintaasje lansearre en is dan beskikber foar alle ûnderwizers yn Fryslân. De presintaasje is yn Tresoar, fan 15.30 oant 17.30 oere. It programma begjint mei sprekkers oer it bewustwurden fan it slavernijferline yn Nederlân, Fryslân en it ûnderwiis. Ta beslút wurdt it nije lesmateriaal troch de studinten sjen litten.

Mear aktiviteiten by it ôfskaffen fan de slavernij binne te finen op de websiden fan Tresoar, Historisch Centrum Leeuwarden en Keramiekmuseum Princessehof.