Tentoanstelling Tresoar: SOAN-Heit in moeting

Fan 15 novimber 2021 o/m 9 jannewaris 2022 is yn Tresoar de tentoanstelling SOAN-Heit in moeting te sjen. Yn de tentoanstelling komme de wrâlden fan fotograaf Simon Haringa (1953) en syn heit dichter Harmen Haringa (1920-2000) by elkoar yn 24 trijelûken. Dy bestean út twa foto’s en ien gedicht. 

De foto’s fan Simon, op syn 26ste ferhuze nei Amsterdam, litte in wrâld fan no sjen. Hy lit de besiker meisjen troch de eagen fan in observearjende foarbygonger op syk nei rêst en balâns yn in grutte, hektyske wrâld. Ienentweintich jier nei syn dea slút Harmen postúm oan by dizze foto’s mei syn gedichten. Hy skriuwt yn de taal dy’t him sa dierber is en leit dêrmei syn ‘Fryske siel’ bleat.

De paadwizer foar dizze eksposysje is de omrin. It folget de seizoenen en fertelt ek it ferhaal fan in libbenssyklus. Soan en heit moetsje elkoar wer op in leeftiid dat se beide weromsjen kinne en reflektearje. Foar beide is in lêste libbensfaze yn sicht. Dat ropt fragen op en twingt om te kiezen. 

Wat my opfoel is dat ik as sechstiger mear mei him dielde as ik tocht. It is moai om te sjen wêr’t er mei dwaande wie en hoe’t er nei de wrâld seach. Ik learde him dêrtroch better kennen.’ (Simon Haringa)

Foto: Simon Haringa

De soan siket frijheid achter de hoarizon, de heit siket wissichheid yn de him fertroude Fryske omjouwing. Op it earste each hawwe har wrâlden net folle mei elkoar mienskiplik. Dochs, nei de dea fan syn heit, lêst Simon de gedichten fan syn heit op ’e nij en ûntdekt dat se as ‘sechstigers’ mear mei elkoar diele as tocht. Beide reagearje sterk op prikkels út har omjouwing en fiele needsaak har gefoelens te uterjen. De ien filmet en fotografearret, de oar skriuwt. Fertelle se eins net itselde ferhaal? Is har wrâld wol sa ferskillend?

Oer de tentoanstelling SOAN-Heit in moeting seit Simon: ‘Ik soe it moai fine as minsken sjogge dat in ‘folksdichter’ echt wol moaie dingen meitsje kin. It giet my net om de erkenning fan it talint fan ús heit, mar om de ferwûndering en wurdearring dy’t ik ek ûnderfûn ha.’

Aktiviteiten rûnom de Gysbert Japicxpriis

De Gysbert Japicxpriis 2021 is takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’ 2017-2019. Neffens de advyskommisje kinne dy gedichten rekkene wurde ta it bêste dat de Fryske poëzy de ôfrûne jierren opsmiten hat. Op 6 novimber krijt er de priis yn Boalsert útrikt. Om dat te fieren wurdt de dagen foarôfgeand oan dy útrikking troch Tresoar en oare organisaasjes de Gysbert Japicxpriis wike holden.

Moandei 1 novimber | literêre jûn

Op moandei 1 novimber is der yn Tresoar in literêr programma yn oparbeidzjen mei tydskrift De Moanne. Op dy jûn draacht Raymond Muller foar út it wurk fan Eeltsje Hettinga en fersoarget Arjan Hut in skôging oer it dichtwurk fan Hettinga. Wiebe Kaspers soarget foar muzyk en de presintaasje is yn hannen fan Amarins Geveke. In moaie jûn dus om foar it earst of better yn de kunde te kommen mei de nijste Gysbert Japicxpriiswinner.

Ynrin 19.30 oere, begjin 20.00 oere.  
Wolsto wis wêze fan in plakje? Ferjit dan net dy yn’t foar oan te melden

Freed 5 novimber | jûn mei literêr en muzikaal program

Op freed 5 novimber is der mei Explore the North en dichterskollektyf RIXT in literêr en muzikaal program yn de Westerkas as ûnderdiel fan de festivalperioade fan Explore the North yn de Westertsjerke te Ljouwert. De jûn set útein mei in pear oades oan Eeltsje Hettinga fan keunstners dy’t in soad mei him gearwurkje. De dichters fan RIXT fersoargje in optreden en spesjaal sille in oantal dichters yn gearwurking mei de ‘Verhalenavonde’ it ferhaal oer har gedichten fertelle. Op de jûn wurdt ek de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus mei Deenske en Fryske gedichten presintearre. It program wurdt ôfsletten mei muzyk.

Ynrin 19.30 oere, begjin 20.00 oere.
Wolsto wis wêze fan in plakje? Ferjit dan net dy yn’t foar oan te melden.

Mear aktiviteiten

Yn oanrin nei en yn de Gysbert Japicxpriis wike krijst by bakker Posthuma út Boalsert en Wommels en bakker Salverda út Ljouwert in kaartsje by in taartsje. Hast wat te fieren? Op nei de bakker!

Tresoar fersoarget yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân foar skoalbern in edukatyf program oer dichtsjen.

Gasten foar de priisútrikking op 6 novimber 2021 yn De Tiid yn Boalsert hawwe in persoanlike útnûging krigen.

Presintaasje bondel mei blomlêzing LHBTY+-literatuer op Rôze Sneon

‘Do draachst de leafde oan’

Op Rôze Sneon, 16 oktober, presintearje Tresoar, Afûk en Ljouwert City of Literature de bondel ‘Do draachst de leafde oan. Literatuer fan Fryslân troch yn rôze bril’. De bondel befettet poëzy- en proazafragminten mei lesbyske, homoseksuele, transgender en ynterseksuele (LHBTY+) tematyk.

De titel fan de blomlêzing ‘Do draachst de leafde oan’, is ûntliend oan in fers fan Tsjits Peanstra.

De rom hûndert opnommen fragminten binne sammele troch in redaksjeteam dat bestie út Jelle Krol, Jantsje Post, Doeke Sijens, Janneke Spoelstra en Tsjerk Veenstra. De âldste tekst is út ’e santjinde iuw, Aan Elisene fan Titia Brongersma. De jongste opnommen skriuwer is Joël Hut, dy’t ferline jier debutearre mei de dichtbondel Börtersgrut. Gedichten en proaza yn it Frysk of in Fryske streektaal binnen oerset nei it Nederlânsk. De fragminten dy’t oarspronklik Nederlânsktalich wiene, binne oerset nei it Frysk.

Fanwegen koroana is de Rôze Sneon, en dêrmei ek de blomlêzing, oan twa kear ta ferskood. Dat hat ek wat goeds opsmiten, want in lettere deadline hat noch aardich wat nije gedichten en proazafragminten oplevere. Wa’t no siket nei LHBTY+-literatuer út Fryslân hat mei dizze blomlêzing hoe dan ek in moai begjin yn hannen.

De bondel wurdt op sneon 16 oktober om 14.00 oere by Tresoar yn Ljouwert presintearre.
By de presintaasje wurdt Janneke Spoelstra ynterviewd oer it tastânkommen fan de bondel en drage Roel Slofstra en Joël Hut foar út de bondel. Jelle Krol, dy’t it inisjatyf foar de bondel naam, sil it earste eksimplaar oan Sipke Jan Bousema oerlangje. Muzyk is der fan Minke Soolsma; de presintaasje is yn hannen fan Doeke Sijens.

Wa’t op sneon 16 oktober oanwêzich wêze wol, kin him/har opjaan by Tresoar (info@tresoar.nl). De bondel is by de presintaasje te keap (€ 35,00) en dêrnei te keap by de Afûkwinkel en -webshop.

Lit dyn stim hearre foar it Frysk! Doch ek mei en sprek Frysk yn foar Mozilla Common Voice.

Wat soe it moai wêze dat dyn telefoan Frysk ferstiet en prate kin! Takomstmuzyk? Der wurdt al oan wurke en wy hawwe dyn stipe derby nedich!

Mozilla Common Voice

Mozilla Common Voice is in iepen source platfoarm rjochte op it sammeljen fan spraakmateriaal foar ferskillende talen wêrmei’t spraaktechnology ûntwikkele wurde kin. Spraaktechnology wurdt ynset om masines te learen hoe’t minsken sprekke yn ferskillende talen en om masines sels spraak produsearje te litten. Tink oan in soarchrobot, Siri, Google Home ensafh. Dy technology wurdt de kommende jierren hieltyd wichtiger en it is wichtich dat dy technyk ek yn it Frysk wurket.

Fryske ynsprekwike

Om de database te foljen, is de stipe fan hûnderten Friezen nedich. It earste doel is om oan 300 oeren ynsprutsen tekst te kommen. Dochst ek mei oan de Fryske ynsprekwike fan 20 oant en mei 26 septimber? Harkje yn dy wike ek nei Omrop Fryslân radio, mei in soad omtinken foar taaltechnology en de ynsprekwike. Alle dagen wurdt fia in aksje op Omrop Fryslân radio in Google Home miny weijûn!

Hoe dochst mei?

Hast dyn tillefoan, tablet of kompjûter by de hân?

1. Gean nei: voice.mozilla.frl (wurket mei Mozilla Firefox, Microsoft Edge en Google Chrome, op in iPhone/iPad allinnich mei Safari).

2. Klik op de mikrofoan ûnder de tekst ‘Sprekke. Donearje jo stim.’

3. Sprek de sinnen yn. Do kinst it eventueel weromharkje foardatst it ynstjoerst. Klik op de knop ‘Yntsjinje’.

4. Ast leaver net sels ynsprekst, kinst ek ynsprutsen fragminten fan oaren tsjekke. Klik dan op de griene ôfspylknop ûnder de tekst ‘Harkje. Help ús stimmen te falidearjen’.

Do kinst fansels safolle sinnen ynsprekke of tsjekke ast sels wolst! Súkses!

Tûke trúks

  • Praat sa’tst altyd praatst. De útsprutsen sinnen moatte represintatyf wêze foar it ferskaat oan útspraken dy’t wy yn ‘e provinsje hawwe, tink oan Klaaifrysk, Wâldfrysk en Súdwesthoeksk, lykas âldere en jongere, manljus- en frouljusstimmen.
  • Do hoechst gjin aparte mikrofoan te brûken. De ynboude mikrofoan fan dyn telefoan, tablet as kompjûter is goed genôch. It hoecht net folslein stil te wêzen om opnimme te kinnen.
  • De betingsten fan Mozilla binne datst op syn minst 18 jier wêze moatst.
  • Do kinst derfoar kieze om in akkount oan te meitsjen, mar dat hoecht net perfoarst.

De aksje om in Fryske database yn Mozilla Common Voice te foljen is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. Gearwurkingspartners binne: Mozilla, Afûk, Fers, Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle, Omrop Fryslân, Tresoar, RUG/Campus Fryslân.

Lit dyn stim hearre foar it Frysk! Doch ek mei en sprek yn!

Nije tentoanstelling Obe: Koos van der Sloot – kloktijd voorbij

Yn paviljoen Obe is fan 4 septimber oant en mei 31 oktober 2021 de oersjochtentoanstelling ‘Koos van der Sloot  – kloktijd voorbij’ te sjen.

Koos van der Sloot (1953-2018) wurke as stêdeboukundige foardat er himsels op ’e nij útfûn as keunstner. Yn de koarte perioade fan syn publike keunstnerskip, fan 2007 oant syn dea, makke er in boeiende ûntwikkeling troch. Hy socht nei de grinzen fan de abstraksje en lei dy grinzen hieltyd fierder om himsels yn beweging en ûntwikkeling te hâlden.

Yn syn eigensinnich universum liket in striid geande mei de tiid. Yn syn iere wurk is it de tiid dy’t fia de fassinaasje fan de keunstner foar aaien it wurd ta ús rjochtet. Dy EGGSCAPES drage symboalyske nammen dêr’t tiid fan libjen, de seizoenen en it fergliden fan de tiid yn oantsjut wurde.

Koos van der Sloot fûn prachtige manieren om syn jeugd, syn gefoelens en foaral syn ferbûn wêzen mei it Fryske lân te ferbyldzjen. It aai wie foar him de metafoar fan tal fan oantinkens oan en betsjuttingen fan syn jeugd en nei it lânskip fan syn berteplak De Jouwer. It aaisykjen wie foar him ferbûn mei de rook, de kleuren en lûden fan de betide maitiid. De titels fan guon kollaazjes fan aaien, hout en elektrisiteitstried ferwize direkt nei dy jeugdoantinkens of lykje bedoeld om de oantinkens  wer oproppe te kinnen.

Geandewei waard syn wurk waard abstrakter en oardering fierde de boppetoan.
De assemblaazjes mei aaien makken plak foar boukundige konstruksjes. Dy wurken fange op ienfâldige, mar tagelyk yngenieuze wize it ferglidende deiljocht, mei aaifoarmige skaadgatten as resultaat. De tiid is yn it wurk sels slûpt en liket dêryn oplost.


Yn gearwurking mei de Stichting Koos van der Sloot en Tresoar toant kurator Albert Oost yn de tentoanstelling de wûnderlike gearhing fan it wurk fan Koos van der Sloot, dat syn plak fertsjinnet yn de kanon fan de keunst.

By de tentoanstelling ferskynt it boek Koos van der Sloot (útjouwerij Noordboek). Ferskillende  auteurs (Albert Oost, Annet Huisman, Bert Looper, Herman Nijholt, Fred Wagemans, Nynke-Rixt Jukema en Anne Feddema) tsjutte syn wurk út keunsthistoarysk of persoanlik perspektyf wei. De toan is ôfwikseljend essayistysk, ferhalend of poëtysk. Ek de stim fan de keunstner sels klinkt yn in oantal fan syn fersen.

Mear ynformaasje oer de boekpresintaasje en oare aktiviteiten by de tentoanstelling folgje meikoarten. Hâld de webside fan Tresoar yn de gaten.

Obe – it poadium foar literatuer, keunst en taal
Heer Ivostraatje 1, Ljouwert
Tongersdei o/m snein 11.00 – 17.00 oere
Reservearje is net nedich

Nije útstalling Tresoar: Jan Loman – Grensoverschrijdend

Yn 2021 is it fyftjin jier ferlyn dat Jan Loman (1918 – 2006) ferstoarn is. Jan Loman is benammen bekend fan it ikoanyske byldmerk foar de Waadferiening. Ek foar wa’t mear fan keunst hâldt dy’t makliker werom te kennen is, is de abstraksje fan in goes, hoarizon en sinne in fertroud byld wurden en bleaun. In byld dat oandacht generearje moast foar it behâld fan wat wilens ‘Unesco Werelderfgoed de Waadsee is’.

Fan 20 augustus oant en mei 31 oktober 2021 beljochtsje Tresoar en Galerie Bloemrijk Vertrouwen (Aldtsjerk) it literêre en byldzjende wurk fan dichter, keunstner, lânmjitter en organisator Jan Loman (Boalsert 1918 – Beetstersweach 2006). Tresoar bringt fraaie bondels haikû op ferskaat materiaal, yn gearhing mei syn libbensferhaal en mei tekstuele, abstrakte en lânskiplike fliselinen, grafyk, skilderkeunst en assemblaazjes. Galerie Bloemrijk Vertrouwen bringt orizjinele foto’s út de Loman kolleksje fan Tresoar en beljochtet de perioade yn Ynje, foarmjouwing, tekstyl en wurkwize fan Loman. Gerhild van Rooij, (Galerie Bloemrijk Vertrouwen) is gastkurator fan de dûbeld-eksposysje.

Loman hearde ta de avant-garde fan de noardlike keunst yn de jierren ’60 mei syn oan de Nulbeweging besibbe grafyk en wie mei-oprjochter fan keunstnersgroep NU. Loman syn wurk is opnommen yn de kolleksjes fan musea yn Grins, Drachten, Ljouwert, Arnhim, De Haach en universiteiten fan Delft en Leien. Musea gean troch mei it toanen fan Loman syn wurk en syn logo foar de Waadferiening is ikoanysk. Ek as dichter bliuwt er yn de belangstelling stean mei syn strak foarmjûne tegels mei haikû by histoaryske lokaasjes, fan Nimwegen oant Nesvåg yn Noarwegen.

Loman wie keunstner yn Fryslân, mar hy soe himsels nea Frysk keunstner neamd hawwe. Fryslân stie foar inkelde universele eleminten fan tiid en romte. De direkte omjouwing ynspirearre, mar wie net it ramt dêr’t Loman him yn opsleat. Fytsend nei de HBS op It Hearrenfean belibbe Loman ûnderweis it lânskip, it ljocht. Hy fûn dêrnjonken fiergesichten yn de keunst: Mondriaan, De Stijl en Haagse school. Yn 1937 ferhuze er nei Delft dêr’t er njonken de stúdzje Geodesy kolleezjes keunstskiednis folge. Yn 1940 seach hy Rotterdam yn brân stean en fytste hy nei syn âlden yn Ljouwert. Hy waard sivyl lânmjitter by it kadaster, mar moast ûnderdûke. Yn dy tiid learde er etsen en tekene er portretten – sy suster helle modellen fan de strjitte. Yn syn wurk, byldzjend likegoed as tekstueel, sleat er him oan by ynternasjonale ûntjouwingen en streamingen. Dichter-keunstner-foarmjouwer Loman skepte romte yn wurd en byld op ferskate plakken, lykas yn Skandinavië, yn ‘syn twadde heitelân’ Noarwegen en op it Waad en syn favorite Skiermûntseach.

Foto: Tresoar en GBV


By de útstalling ferskynt op 30 septimber in bondel mei syn haikû, de Japanske fersfoarm dêr’t mei teze en antyteze yn trije rigels de essinsje fan in observaasje of gedachte yn ferwurde wurdt. De bondel befettet alle haikû dy’t Loman publisearre hat of yn stien fette, rom tachtich, mei de Fryske oersetting (troch de gastkurator). Yn septimber en oktober organisearret Tresoar twa lunchlêzingen, dêr’t gastkurator Gerhild van Rooij fan Galerie Bloemrijk Vertrouwen mear yn fertelt oer Jan Loman en syn wurk. Op sneons binne yn GBV de films Stiller om de Noord fan Beeldlijn en Yndrukken fan Omrop Fryslân te sjen, mei Loman op Skiermûntseach en yn syn wenplak Beetstersweach. Foar dizze dûbeld-eksposysje makke Anne Fie Salverda twa animaasjes oer twa haikû fan Loman.

Dêrnjonken jout âld-direkteur fan Tresoar Bert Looper op de woansdeis yn septimber op ynskriuwing in ynlieding en rûnlieding troch de eksposysje fan Loman yn Tresoar. Yn de hjerstfakânsje is der in haikû-manifestaasje yn gearwurking mei dichterskollektyf RIXT.

Mear ynformaasje oer de boekpresintaasje, lunchlêzingen, rûnliedingen, haikû-manifestaasje en films folgje ynkoarten. Hâld dêrfoar de websiden yn de gasten: Galerie Bloemrijk Vertrouwen en Tresoar.

ETALAAZJE: it simmerprogramma fan Tresoar yn Obe

Yn de grutste etalaazje fan Ljouwert etalearje jonge Fryske makkers dizze simmer fan 5 juny oant en mei 28 augustus harren wurk yn de ynteraktive, hieltyd feroarjende eksposysje ETALAAZJE. Trije moanne lang meitsje Marc Henri Queré, Marleen Stoelwinder en Nick Veenstra de tsjinst út yn Obe, it poadium foar literatuer, keunst en taal. Sy sette dêrby net allinnich harren eigen wurk, mar ek harsels yn de etalaazje en nûgje hjirby oare makkers út.

ETALAAZJE

Wat betsjut Fryslân en ‘it Fryske’ foar de jonge makker? Wat docht it lânskip, wat helje sy út de skiednis en hoe meitsje sy dêr ien gehiel fan? Yn ETALAAZJE meitsje de Fryske keunstners wurk wêrmei’t sy dy betsjutting, harren manier fan sjen en opfettings ta útdrukking bringe. ETALAAZJE is in hieltyd feroarjende ekspo, ‘makerspace’ en shop en is fergees tagonklik. Mei aktiviteiten fariearjend fan konserten mei Fryske muzyk en it ûntdekken fan ferhalen oer Ljouwert oant podcasts oer Keli Koti en in boekpresintaasje stiet Obe de kommende moannen yn it teken fan Fryslân en jonge Fryske makkers.

Kykdoaze, sjop en makkersplak

Yn it makkersplak wurdt er yn de hiele perioade troch de makkers wurke. Fan Obe út publisearret Marc periodyk foto’s út syn ‘Verleden in heden’-rige. Dêrmei hopet hy ferhalen op te heljen dy’t Ljouwerters en Friezen fan jong oant âld yn Obe bringe kinne. Ek Nick sil yn Obe oan de slach. Hy orkestrearret trije opnames mei ferskate Fryske muzikanten. Dy wurde yn augustus útbrocht. Marleen sil yn it makkersplak oan de slach mei argyfmateriaal fan Tresoar en ferwurket dat yn nij wurk.

Ek oare jonge keunstners krije de kâns om harren wurk te etalearjen. De kykdoaze is in eksposysje yn de eksposysje en sichtber fan de bûtenkant fan Obe út. Yn kubussen wurdt dêr yn fjouwer perioades fan trije wiken in ferskaat oan wurk etalearre fan oanstoarmjend talint. Kinst mar net genôch krije fan alle moaie dingen dy’tsto sjochst yn Obe? Yn de sjop kinst it wurk fan de eksposanten en oare jonge Fryske makkers keapje. Tink oan prints, shirts, postkaarten en lp’s. Der is genôch te sjen en te dwaan by ETALAAZJE!

Tagong

Fan sneon 5 juny ôf fan 11.00 oant 17.00 is elk herte wolkom by Obe om ETALAAZJE te besjen! Fanwege de koroanamaatregels meie der op syn heechst tsien persoanen tagelyk de eksposysje besjen. Hâld de webside en sosjale mediakanalen fan Tresoar yn de gaten foar de lêste ETALAAZJE updates. Folgje ETALAAZJE ek op Instagram foar foto’s fan it wurk fan de trije jonge makkers wilens de eksposysje meitsje.

ETALAAZJE is it simmerprogramma fan Tresoar en Koen Haringa is de kurator. It ûntwerp en de realisaasje fan de ynrjochting is fan Arjen van der Zwaag. Obe is ûnderdiel fan Tresoar.

Europeeske Dei fan de Talen yn Ljouwert

fan: EUNIC

Yn it ramt fan de Europeeske Dei fan de Talen op woansdei 26 septimber 2018 binne jo fan herte wolkom yn it Lân fan Taal yn Ljouwert!

EUNIC Nederland organisearret tegearre mei de Europeeske Kommisje, Lân fan Taal, it Europeesk Buro foar Lytse Talen en Afûk speak-dating, koarte sesjes fan 5 minuten om jo yn ‘e kunde komme te litten mei ferskate talen. Jo kinne gewoan oanskowe by de dosint fan de taal dêr’t jo mear fan witte wolle.

Talen dy’t ûnder oaren oanbean wurde binne: Biltsk, Noard-Frysk, Nenetsk, Papiamentu, Skiermûntseagersk, Gebeartetaal, Welshk, Tsjechysk, Kroätysk, Italiaansk, Poalsk, Spaansk, Eastenryks-Dútsk, Roemeensk, Malteesk, Katalaansk, Hongaarsk, Frânsk, Finsk, Turksk en Retoromaansk.

Wêr: Talepaviljoen MeM en Gysbert Japicxseal Tresoar
Wannear: 26 septimber fan 18.30 – 20.00 oere trochgeand
Tagong: fergees

Dit persbericht is ook beschikbaar in het Nederlands op de website van het Ceske Centrum/Tjechisch cultureel centrum. 

Continue reading “Europeeske Dei fan de Talen yn Ljouwert”

Jubileumfiering mei lytse talen op de Folkshegeskoalle Schylgeralân

folkshegeskoalleDe Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge bestiet 70 jier en fiert dat ûnder oaren mei 4 bysûndere temajûnen yn bûtenteater De Rondte. Op dy jûnen stean Lytse Talen sintraal. Der wurdt gearwurke mei ferskate kulturele partners, oan de fêste wâl en op Skylge.

Identiteit en folkskultuer spylje in wichtige rol  op de Folkshegeskoalle, 70 jier ferlyn oprjochte as in moetingsplak om de Fryske kultuer fuort te sterkjen en mei-inoar te dielen.  Taal as drager fan dy identiteit en kultuer is in hieltyd weromkommend tema op Folkshegeskoalle. It jubileumprogramma is ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd Leeuwarden-Fryslân 2018 en Lân fan Taal. We fiere it jubileum mei ús eigen gasten en ek seker mei alle eilanners en badgasten fan Skylge.  Continue reading “Jubileumfiering mei lytse talen op de Folkshegeskoalle Schylgeralân”