“Leafdesbrief” fan soldaat fan Napoleon makket Tresoar winner!

Tresoar hat de lanlike ferkiezing fan it “Archiefstuk van het jaar” wûn mei in leafdesbrief fan in Fryske soldaat fan Napoleon út 1811. Dit jier dienen hast fyftich argyfynstellings mei om de titel “Stuk van het jaar” te beheljen. In lanlike publyksaktiviteit dy’t as doel hat om sjen te litten hokker nijsgjirrige, frjemde, moaie, spannende en bysûndere argyfstikken der yn de Nederlânske argiven lizze.

De priis, in wikselbeker en in foto fan it winnende stik, waard yn it Stadsarchief Rotterdam útrikt troch Suzanna Jansen, skriuwer fan it boek Het Pauperparadijs en sels in entûsjast argyfbesykster. Gemeentearchief Kampen einige op it twadde plak mei in gravuere oer de oerstreaming fan novimber 1975. Schiedam waard tredde mei de tsjûgenis fan de fanwegen homoseksuele hannelingen yn 1803 ta de dea feroardiele Jillis Bruggeman. Continue reading ““Leafdesbrief” fan soldaat fan Napoleon makket Tresoar winner!”

All you need is love!

Tresoar docht, krekt as yn 2014, wer mei oan de STUK VAN HET JAAR-ferkiezing fan de De Nederlandse Archieven (DNA). Dit kear hawwe wy in leafdesbrief, skreaun troch in Fryske soldaat yn Frankryk, ynstjoerd. De Fryske tsjinstplichtige Romke Zandstra is legere yn Boulogne. Hy stjoert syn leafste Sjoukje brieven fan it front. De omstannichheden yn it legerplak binne erbarmlik, mar dat skriuwt Romke har net. Hy stjoert Sjoukje leave en gerêststellende wurden. Yn in brief oan syn âlders sketst hy in oar ferhaal. Romke sil syn oansteande nea wer sjen; hy stjert oan it front. Continue reading “All you need is love!”

Presentatie Afke’s Tiental door Dick Matena

Op vrijdag 17 oktober vindt de officiële presentatie plaats van Nienke van Hichtums jeugdklassieker Afke’s Tiental, herschreven en getekend door Dick Matena.

De presentatie zal plaatsvinden in de Gysbert Japicx-seal van Tresoar, het Fries historisch en letterkundig centrum in Leeuwarden. Bovendien zullen er een aantal originele tekeningen worden geëxposeerd.

Van de uitgaven verschijnen twee uitvoeringen, een Nederlandse uitgave en een Friese uitgave. De vertaling is verzorgd door Jant van der Weg, de vertaalster van het originele verhaal. Zij is dit jaar nog uitgeroepen tot erelid van IBBY. Tekenaar Dick Matena werd dit jaar bekroond tot Levend Erfgoeddrager 2014.

John Jorritsma, Commissaris van de Koning in Fryslân: “Nog steeds is Afke’s Tiental een herkenbaar verhaal, dat ook vandaag de dag nog tot en met de laatste pagina boeit. Het laat zien dat de tijd weliswaar niet heeft stilgestaan in Fryslân, maar dat sommige situaties van alle tijden zijn. Ook nog eens prachtig verbeeld met dank aan het fraaie tekenwerk van Dick Matena.” Continue reading “Presentatie Afke’s Tiental door Dick Matena”

Opera Keapmanskeunsten

Foto: Tresoar, Keapmanskeunsten
Keapmanskeunsten, in Fryske komyske opera fan Martinus Schuil. In unyk iepenloftevenemint foar leafhawwers fan muzyk, kultuur en drama. Spyldata: 29 & 30 augustus, 3, 4 & 5 septimber.

​Yn 2012 dûkte yn de argiven fan Tresoar in komplete Fryske opera op, komponearre troch de Fryske musikus Martinus Schuil (1842-1899). Schuil wie yn syn tiid mei syn muzyk bekend yn Nederlân en Europa. Wy meie him mei rjocht de Fryske Offenbach neame, want dy ferneamde komponist heare wy dúdlik yn Schuil syn wurk. De kwaliteit fan de muzyk wie sa goed dat Tresoar en Opera Company Noord yn 2014 de komyske opera yn de nije bewurking Keapmanskeunsten op’e planken bringe. Komponist Tjalling Wijnstra restaurearre de partituur en toanielskriuwer/dramaturch Bouke Oldenhof bewurke de tekst. Mei in profesjoneel orkest, solisten en akteurs (ûnder regy fan Henk Zwart) wurdt Iepenloftteater Burgum-De Pleats it poadium fan fiif brûzende, eigentiidse foarstellings fan Keapmanskeunsten. Leafhawwers fan muzyk, kultuur en drama wollen der fansels by wêze.​ Continue reading “Opera Keapmanskeunsten”

SWALK, Frysk op Toernee

In nij, rûnreizgjend festival giet troch Fryslân. Mei SWALK giet de Fryske kultuer letterlik op toernee. Nei de iepening op 12 septimber yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert, fart it Frysk mei theaterskip Bald’r troch de provinsje. Fan 13 oant en mei 21 septimber is der op it theaterskip elke jûn in program mei sterk wikseljende ynhâld. Dêrmei kin it publyk op safolle mooglik ferskate plakken yn oanrekking komme mei de Fryske kultuer. Continue reading “SWALK, Frysk op Toernee”

Keapmanskeunsten, in komyske opera fan Martinus Schuil

29 en 30 augustus en 2, 4 en 5 septimber 2014
Iepenloftteater De Pleats Burgum
www.keapmanskeunsten.nl

Yn 2012 dûkte yn de argiven fan Tresoar in komplete Fryske opera op, komponearre troch de Fryske musikus Martinus Schuil (1842-1899). Schuil wie bekend mei de Europeeske en Nederlânske muzyk fan syn tiid. En syn komposysjes waarden útfierd yn Nederlân en Europa. Wy kinne him de Fryske Offenbach neame, want dy ferneamde komponist heare wy dúdlik yn Schuil syn wurk.
De kwaliteit fan de muzyk wie sa goed dat Tresoar en Opera Company Noord yn 2014 dizze komyske opera yn in nije bewurking ûnder de titel Keapmanskeunsten op’e planken bringe. Komponist Tjalling Wijnstra restaurearre de partituer en toanielskriuwer/dramaturch Bouke Oldenhof bewurke de tekst. Mei in profesjoneel orkest, solisten en akteurs (ûnder regy fan Henk Zwart) wurdt Iepenloftteater Burgum-De Pleats it poadium fan fiif brûzjende, eigentiidske foarstellings fan Keapmanskeunsten. Leafhawwers fan muzyk, kultuer en drama moatte der fansels by wêze. Continue reading “Keapmanskeunsten, in komyske opera fan Martinus Schuil”

SWALK, Frysk op Toernee

In nij, rûnreizgjend festival giet troch Fryslân. Mei SWALK giet de Fryske kultuer letterlik op toernee. Nei de iepening op 12 septimber yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert, fart it Frysk mei theaterskip Bald’r troch de provinsje. Fan 13 oant en mei 21 septimber is der op it theaterskip elke jûn in program mei sterk wikseljende ynhâld. Dêrmei kin it publyk op safolle mooglik ferskate plakken yn oanrekking komme mei de Fryske kultuer. Continue reading “SWALK, Frysk op Toernee”

12 april Sirkwy Sympoasium ‘Alde meuk?’

Foar de fjirde kear is der in literêr sympoasium oer in gearhingjend tema. Yn 2011 en 2012 waarden de lêzingen op mear jûnen hâlden. Ferline jier die bliken dat it foar de measte minsken oantrekliker is om de rige yn ien kear te hâlden op in nijsgjirrch plak.

Dêrom ek yn 2014 in middei mei trije nijsgjirrige lêzingen, ôfwiksele mei muzyk en royaal de gelegenheid om elkoar te treffen en by te praten.

Lêzingen
De 3 lêzingen geane oer it tema ‘klassikers’ –
* wêrom komt it âlde hieltyd werom?
* wa betinkt de literêre proazakanon?
* de Frankfurt-seleksje út ‘10 Books from Friesland’ : in miste kâns? Continue reading “12 april Sirkwy Sympoasium ‘Alde meuk?’”

Wittenskiplike biblioteek Fryske Akademy oer nei Tresoar

De biblioteekkolleksje fan de Fryske Akademy, ynklusyf dy fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, wurdt woansdeitemiddei 26 maart oerdroegen oan Tresoar. Direkteuren dr. Hanno Brand (Fryske Akademy) en drs. Bert Looper (Tresoar) tekenje dêrta in ferklearring fan permaninte brûklien; de ûndertekening fynt plak yn de Gysbert Japicx-seal fan Tresoar. Continue reading “Wittenskiplike biblioteek Fryske Akademy oer nei Tresoar”

Fierder mei Frysk

Professor Goffe Jensma komt om te praten oer de opset fan it grutte taalûndersyk, dat nei ferwachting liede moat ta positive wurdearring fan it Frysk en de streektalen by safolle mooglik ynwenners fan Fryslân.

Dit ûndersyk sil plakhawwe yn it ramt fan ‘Ljouwert, Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018’.

It bestjoer fan de stichting ‘Fierder mei Frysk’ wol jo der op 12 novimber hiel graach by hawwe. Dêrom binne jo hjirby útnoege, mar it wurdt op priis steld wannear’t jo oare minsken mei ynteresse foar it tema meinimme.

De seal yn Tresoar giet iepen om 19.45 oere.
Continue reading “Fierder mei Frysk”