Oprop De Fryske Beweging: tekenje petysje foar Frysk boppe-oan op ferkearsbuorden

De Fryske Beweging hat in petysje lansearre om de Provinsje Fryslân derfan te oertsjûgjen dat it Frysk as earste taal op de nije twatalige ferkearsbuorden pleatst wurde moat. De organisaasje wol dêrmei tefoaren komme dat it Frysk – yn syn eigen provinsje – sichtber op it twadde plak bedarret.

Ofbylding fia de Fryske Beweging. Bewurke fan https://nl.wikipedia.org/wiki/Bestand:C2_borden_A28.JPG, beskikber ûnder de folgjende lisinsje.

Yn de hjoeddeiske plannen wol de provinsje it Nederlânsk boppe-oan sette. “In flinke flater,” seit bestjoerslid Pieter de Zwart. Al is dat neffens him net perfoarst it gefolch fan kweade wil. “It Frysk wurdt hjir net om ynhâldlike redenen op it twadde plak set, mar om’t de provinsje op basis fan in dizich advys fan in ferkearspsycholooch de ferkearde kant opstjoerd is.”

De Fryske Beweging wiist derop dat der gjin ferkearstechnysk argumint bestiet om it Nederlânsk foarrang te jaan. Yn oare twatalige regio’s yn Europa – lykas Wales, Skotlân en it Baskelân – stiet de minderheidstaal boppe-oan, sûnder dat der ek mar ien probleem foar de feiligens ûntstiet. De Zwart: “It is hielendal net in saak fan ferkearsfeiligens, mar fan status. Taalpsychologysk besjoen makket it nammentlik wol in grut ferskil: wat boppe-oan stiet, wurdt gefoelsmjittich as de wichtichste taal sjoen.”

Dêrom is it neffens De Fryske Beweging wichtich dat it Frysk yn Fryslân dúdlik te sjen is as de taal dy’t hjir echt thúsheart. “It Nederlânsk hat oeral yn Nederlân al it earste wurd. Lit ús yn Fryslân asjebleaft soargje dat ús eigen taal it plak krijt dat it fertsjinnet.”

De petysje ropt de Provinsje Fryslân op om it ûntwerp fan de twatalige buorden oan te passen en it Frysk as earste taal te brûken. De Fryske Beweging ropt alle Friezen en elkenien dy’t it Frysk in waarm hert tadraacht op om de petysje te ûndertekenjen. Dat kin fia: https://petities.nl/petitions/set-it-frysk-boppe-oan-op-twatalige-ferkearsbuorden-yn-fryslan?locale=nl

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *