Erfgoedynstellings hâlde merk oer skinken en neilitten

Foto: Omrop Fryslân
Fiif Fryske erfgoedynstellings presintearje harren op woansdei 22 april mei-inoar op in spesjale byienkomst. Harren doel: ynwenners fan Fryslân sa goed as ’t kin ynformearje oer it skinken en it neilitten oan in Frysk goed doel.
De bysûndere dei, dy’t hâlden wurde sil yn ’e Doarpstsjerke fan Huzum, wurdt organisearre troch de Stichting Âlde Fryske Tsjerken, Museum Belvedère (Oranjewâld), de Fryske Akademy, It Fryske Gea en Tresoar. ‘It wurdt in moaie en ynformative dei’, seit adviseur Skinkingen en Fûnsen Jan Bart Uildriks fan It Fryske Gea.

Tanimmend ferlet
De fiif organisaasjes sjogge in tanimmend ferlet by minsken om by te dragen oan it wurk fan ’e Fryske ynstellings. ‘Dat hat ûnder mear te krijen mei de ûnderfining by elkenien, dat de oerheid har weromlûkt as subsydzjejouwer. It besef wurdt hieltyd grutter, dat wichtige saken yn ’e takomst net altiten mear troch de oerheid betelle wurde. Wy sille sels ek bydrage moatte oan ’e doelen dy’t wy wichtich fine’, seit Uildriks.
De organisaasjes hawwe mei opsetsin allinne foar Fryske doelen keazen, om’t se de klam lizze wolle op alle moaie en wichtige saken dy’t yn ’e regio barre en derop wize wolle, dat dy saken allinne trochgean kinne mei stipe fan ’e minsken út Fryslân.

De offisjele iepening is op woansdei 22 april om 11.30 oere en wurdt dien troch Jannewietske de Vries, deputearre fan ’e provinsje Fryslân. Dêrnei fertelle de dielnimmende organisaasjes koart wat oer it skinken en it neilitten oan harren goede doel. Oanslutend kin elkenien frij omrinne tusken de ûnderskate diskes en fragen stelle oan ’e Fryske goede doelen oer it grutte ferskaat yn foarmen fan skinken en neilitten, hoe’t sa’n organisaasje omgiet mei in skinking, oft der spesjale winsken keppele wurde kinne oan in skinking, ensafuorthinne.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *