Op woansdei 16 april wurdt de finale fan it tolfte Grut Frysk Diktee hâlden. It evenemint fynt plak yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. Tekstskriuwer en foarlêze is dit jier Omrop Fryslânpresintatrise Karen Bies. Hja sil de dielnimmers útdaagje op har iepenst te wêzen foar tûkelteammen en ûnferwachte ynstjonkers. It diktee is stavere neffens de jildende regels foar de Fryske stavering. As flaters wurde rekkene: staveringsflaters, ferkeard of net brûken fan keppelstreekjes, aksinten, apostroffen, trema’s, haadletters en punten yn ôfkoartings, al of net oaninoar skriuwen, ferkearde meartallen. Yn ien wurd kin net mear as ien flater sitte.
Wat moatte jo dwaan om kâns te meitsjen op in finaleplak by it diktee? Kopiearje it kwalifikaasjediktee en plak it yn in tekstferwurkerbestân. Jou de flaters dúdlik oan (fet, ûnderstreke, skeanprinte of mei de funksje ‘markearstift’). Slach de tekst op mei de namme diktee2014. Stjoer it foar 25 maart as taheakke by in e-mail nei: fryskdiktee@fryske-akademy.nl. Ferjit net om jo namme, adres en telefoannûmer yn it e-postberjocht te setten. Meidoggers dy’t pleatst wurde krije dêr berjocht oer.
Boarne: Fryske Akademy