29 en 30 augustus en 2, 4 en 5 septimber 2014
Iepenloftteater De Pleats Burgum
www.keapmanskeunsten.nl
Yn 2012 dûkte yn de argiven fan Tresoar in komplete Fryske opera op, komponearre troch de Fryske musikus Martinus Schuil (1842-1899). Schuil wie bekend mei de Europeeske en Nederlânske muzyk fan syn tiid. En syn komposysjes waarden útfierd yn Nederlân en Europa. Wy kinne him de Fryske Offenbach neame, want dy ferneamde komponist heare wy dúdlik yn Schuil syn wurk.
De kwaliteit fan de muzyk wie sa goed dat Tresoar en Opera Company Noord yn 2014 dizze komyske opera yn in nije bewurking ûnder de titel Keapmanskeunsten op’e planken bringe. Komponist Tjalling Wijnstra restaurearre de partituer en toanielskriuwer/dramaturch Bouke Oldenhof bewurke de tekst. Mei in profesjoneel orkest, solisten en akteurs (ûnder regy fan Henk Zwart) wurdt Iepenloftteater Burgum-De Pleats it poadium fan fiif brûzjende, eigentiidske foarstellings fan Keapmanskeunsten. Leafhawwers fan muzyk, kultuer en drama moatte der fansels by wêze.
In luchtich leafdesdrama
Keapmanskeunsten spilet yn in Frânsk doarpke. De susters Constance en Marie dy’t har beide âlden ferlern hawwe, komme yn de problemen as broer Jean ynlotte wurdt yn it leger fan Napoleon. Op’e pleats stean se der allinnich foar. Beide hawwe se in kostber krusifiks fan mem erfd en dêrmei wolle se broer Jean frij keapje fan militêre tsjinst. De frivoale Constance bringt harsels én har suster Marie yn’e problemen as se by de bakjerinner Franchemont har krusifiks ferkwânselt foar wat snypsnaren. De snoade keapman hat in ferburgen aginda om de susters te testen. Wa fan de twa soe de perfekte houlikskandidate wêze foar syn soan Antoine? Constance is troch de koer sakke en Franchemont tinkt dat er Marie mei wat lichte sjantaazje oan Antoine keppelje kin.
Gelokkich jout echte leafde der sa’n draai oan dat alles dochs noch goed ôfrint. Misbegryp, manipulaasje, leafde en langstme binne de ûnmisbere, smaaklike yngrediïnten dy’t fan Keapmanskeunsten in echte komyske opera meitsje.
Stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging krije € 5,00 koarting de kaart foar op syn meast twa persoanen. Om foar koarting yn oanmerking te kommen, kinne jo net online bestelle. Jo moatte in mail stjoere nei ynfo@tresoar.nl
Yn de mail moat stean :
– Namme
– Adres
– Ik bin lid fan de Ried foar de Fryske Beweging
– Ik wol graach gebrûk meitsje fan de koartingsaksje
– Ik wol nei de foarstelling fan …………… (datum)
Jo krije dan in mail werom mei ynformaasje oer it beteljen.
Belje mei ek 058-7890789.