Ljouwert wurdt KH2018

Ljouwert wurdt yn 2018 Europeeske Kulturele Haadstêd. Dat hat de sjuery freed bekend makke yn Amsterdam. Dêrmei lit Ljouwert konkurrinten Eindhoven en Maastricht achter him. Op it Gouverneursplein yn it sintrum fan Ljouwert wie de útslach live te sjen op in grut skerm. Nei de útslach bruts feestfreugde út op it plein.

It eilân Malta is yn 2018 ek kulturele haadstêd. Dêr is mar ien grutte stêd (Valletta) en sadwaande wie de útslach dêr gau bekend. Foar Nederlân hat Rotterdam ek alris Europeeske Kulturele Haadstêd west. Dat wie yn 2001.

Boarne: Omrop Fryslân

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *