De Mercator Meartaligens Lêzing wurdt dit jier jûn troch Dr Sharon Unsworth (Centre for Language Studies, Radboud Universiteit Nijmegen). Op 28 novimber 2023 sil Unsworth in presintaasje hâlde mei de titel ‘What (not) to expect when raising or working with bilingual children’, oftewol: ‘Wat (net) te ferwachtsjen as je twatalige bern opfiede of dermei wurkje.’
De lêzing fynt online plak (fia Zoom), sadat elkenien op ‘e wrâld dielnimme kin.
Dielname is fergees, mar oanmelde is ferplichte.