Myn berop is streektaal

Wat docht in streektaalmeiwurker eins? Henk Wolf hat foar de De Ried fan de Fryske Beweging/ It Nijs in fideo makke mei dy fraach, mei’t it tafal wol dat koartlyn trije minsken begûn binne yn funksjes dêr’t de soarch foar in lytse taal tige wichtich yn is.  Yn dy fideo fiere se mei-inoar in meartalich petear oer harren wurk, harren winsken en ferwachtingen en oer mooglikheden om gear te wurkjen en fan oare lytse taalmienskippen ideeën op te dwaan.

Abel Darwinkel (1968) is sûnt oktober 2020 direkteur fan de Stellingwarver Schrieversronte. Dêrfoar hat er lang by de Drintske streektaalorganisaasje Huus van de Taol wurke. Hy wennet yn Appelskea.

Helen Christiansen (1991) is yn novimber 2020 begûn as haad fan it Minderheiten-Kompetenz-Netzwerk, de belange-organisaasje fan de taalminderheden yn de Dútsk-Deenske grinsregio. Dat binne de Dútsktaligen yn Denemarken, de Deensktaligen yn Dútslân, de sprekkers fan it Platdútsk en Súd-Jutsk, de Noard-Friezen, de Sinty en Roma. Se hat earder ûnder oaren foar Omrop Fryslân wurke en wennet yn de Noard-Fryske haadstêd Hüsem.

Henk Wolf (1973) wurket sûnt novimber 2020 as wittenskiplik meiwurker by de Oldenburgische Landschaft, dêr’t er neist ûndersyk ek de promoasje fan it Sealterfrysk op ‘e noed hat. Fierder wurket er foar it Frysk ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy hat earder ûnder oaren foar hegeskoalle NHL Stenden, de Fryske Akademy en de Afûk wurke. Wolf wennet yn it Grinslânske Lula.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *