Suksesfolle premjêre Mittagsstunde op Ynternasjonale Memmetaaldei

Juster wie de Nederlânske premjêre fan de suksesfolle Dútske film Mittagsstunde. De film waard tige goed besocht: de seal wie útferkocht!

De foto’s binne makke troch Geart Tigchelaar.

Mittagstunde is basearre op de bestseller mei deselde titel fan skriuwster Dörte Hansen. Der binne twa ferzjes fan de film makke: ien mei dialogen yn it Platdútsk, en ien mei dialogen yn it Heechdútsk. Op Memmetaaldei wie de Platdútske ferzje te sjen, mei ûndertitels yn it Frysk.

De premjêre waard yn it ramt fan de Ynternasjonale Memmetaaldei organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film.

Sneontemiddei, om 13:30 oere is de film noch in kear te sjen by Slieker Film.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *