Fear yn ’e Broek foar Hindrik van der Meer

Moandei 3 july hat in delegaasje fan de Ried fan de Fryske Beweging, besteande út foarsitter Reinder Reitsma, skriuwer Nynke Beetstra en Jehannes Elzinga, by Hindrik van der Meer en syn frou Beitske yn Fûns del west om Hindrik de Fear yn ’e Broek fan de Ried oan te bieden mei in byhearrende oarkonde.

Foarsitter Reinder Reitsma fan de Ried spruts nochris it grutte belang fan Hindrik syn krewearjen út foar de muzykwrâld yn Fryslân en de Fryske teksten by de ûnderskate muzykstikken.

Hindrik wie der tige mei ynnommen, mar joech oan dat er it allegear net dwaan kinnen hie sûnder de stipe fan syn frou Beitske.

lês fierder

‘Wy binne mbû’ komt mei nije website mei oanbod foar professionals

De partners Aeres, Firda en Afûk komme, as ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030, mei in nije website. www.wybinnembu.frl is makke foar professionals dy’t harren dwaande hâlde mei it Frysk en meartalichheid binnen it middelber beropsûnderwiis. De basis fan ‘Wy binne mbû’ leit by it ûndertekenjen yn desimber 2021 fan it konvenant dêroer: de ôfspraak tusken de Fryske mbû-ynstellingen, yn ’e mande mei de Afûk en de provinsje Fryslân, om mei-inoar it plak fan it Frysk yn it mbû te fersterkjen. De ôfrûne tiid is der hurd wurke oan de ynfolling en útwurking fan dy ambysje en no leit der in moaie nije website mei mear ferdjipping op it meartalige oanbod foar it mbû. De website is yndield yn trije yngongen foar dosinten: boargerskip, Frysk (kardiel) en beropspraktyk.

Oandacht foar meartalichheid op it mbû

It mbû is in wichtige ûnderwiissektor yn Fryslân. Sawat 70% fan alle ynwenners fan Fryslân mei in diploma hat in mbû-eftergrûn. It grutste part fan de mbû-studinten yn Fryslân sil wenjen en wurkjen bliuwe yn de regio. Dêrom is it sa wichtich om binnen harren beropsoplieding foldwaande oandacht te hawwen foar it regionale taalklimaat fan Fryslân, mei dêrby in grutte rol foar de Fryske taal. “Bij Aeres is de inzet op kansengelijkheid speerpunt. Voortbouwen op je eerste taal is belangrijk voor je ontwikkeling en identiteit. Daarom verdient het Fries een plaats in ons onderwijs”, seit Truda Kruijer, ynstellingsdirekteur fan Aeres.

Wy binne mbû draait om persoansfoarming, praktykûnderfining en (mear)talige ûntwikkeling yn it Fryske beropsûnderwiis. De (takomstige) beropsprofessionals krije hieltyd mear te meitsjen mei minsken mei ferskate kulturele en talige eftergrûnen. Yn Fryslân giet it dêrby faak om Nederlânsk en Frysk, mar ek om streektalen en moderne frjemde talen. It is dêrom wichtich dat studinten neitinke oer it belang fan harren eigen taal en de talen yn harren omjouwing. Kennis fan meartalichheid yn Fryslân (binnen de eigen beropssektor) en foldwaande (taal)feardichheden soargje foar in bettere bining mei de doelgroep. De takomstige professionals kinne troch tûk taalgebrûk in bettere relaasje ûntwikkelje mei klanten/kliïnten/pasjinten en dêrtroch bettere resultaten behelje yn harren wurk.

Oanbod

Op de website wybinnembu.frl is al it oanbod te finen foar dosinten om oan ’e slach te gean mei it Frysk en meartaligens op it mbû. Bygelyks digitaal en fysyk lesmateriaal om te wurkjen oan taalbewustwêzen, taalhâlding en taalfeardichheden Frysk. Dêrneist fine dosinten op de website ek nijsgjirrige eveneminten op it mêd fan meartaligens én oanbod foar neiskoalling en opliedingen.

Taalplan Frysk

De nije website is ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. Mei dat projekt wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. It middelber beropsûnderwiis is in wichtige sektor by it realisearjen fan de provinsjale doelstellingen oangeande Taalplan Frysk 2030.

Folkshegeskoalle Schylgeralân siket befleine direkteur

Bisto de direkteur dy’t past by in bysûndere organisaasje op in unyk plak? Dy’t belutsen, besiele en krêftdiedich is? En hasto affiniteit mei Skylge, de Fryske kultuer en toerisme? Lit it witte en sollisitearje nei de funksje fan direkteur fan de moaie Folkshegeskoalle Schylgeralân.

De filosofy fan de Folkshegeskoalle

In skoftke lyn joech de hjoeddeiske direkteur Jacqueline Spendel yn it ramt fan it 75-jierrige bestean in prachtich ynterview yn Terschelling Magazine. Se fertelt dêryn oer de filosofy fan de Folkshegeskoalle en hokker koers sy de ôfrûne jierren fearn hat.

Jacqueline sil ús yn oktober ferlitte om oan ‘e slach te gean mei in prachtige nije útdaging: It Fries Museum op Paad. It bestjoer fan de Folkshegeskoalle winsket har in soad gelok en sukses ta yn dy nije funksje en sil har positive en fleurige oanwêzichheid misse!
 
Wolsto in better byld krije fan wêr’t de Folkshegeskoalle foar stiet en fan it paad yn de ôfrûne jierren? Lês dan it hiele ynterview mei Jacqueline.

fakatuere

Reagearje kin oant en mei 11 july 2023. De earste petearen binne op freed 14 july 2023. Eventuele twadde petearen wurde pland yn de wike fan 17 july 2023.

besjoch de folsleine fakatuere hjir

Winner Liet sil Fryslân fertsjintwurdigje yn finale Regio Songfestival

Omrop Fryslân sil mei it Fryske songfestival Liet gearwurkje om te kommen ta in artyst dy’t Fryslân fertsjintwurdigje mei op it Regio Songfestival yn Utrecht. In evenemint dat no al folop lanlike bekendheid krijt.

De earste edysje fan it Regio Songfestival hat plak op sneon 4 novimber yn de Stadsschouwburg yn Utrecht. It ynstjoeringstermyn fan Liet ferskoot mei de gearwurking nei 1 augustus wêrtroch’t elkenien langer de kâns krijt om in liet yn te stjoeren.

© Regio Songfestival

Regio Songfestival

Omrop Fryslân en tolve oare regionale omroppen organisearje mei-inoar it Regio Songfestival. Eltse omrop kin in eigen kandidaat oanleverje. De 13 ynstjoeringen stride om de winst yn in grut live-optreden. De ynstek is om de dielnimmers yn de streektaal sjonge te litten. Dy talen fertsjintwurdigje nammentlik de eigenheid fan de regio.

De gearwurking tusken Omrop Fryslân en Liet is dêrmei in logyske set sizze foarsitter fan Liet Frans Veltman en einredakteur Sybren Terpstra fan Omrop Fryslân: “Troch de gearwurking wolle we besykje it Fryske liet nei in heger nivo te tillen. Dielnimming fan de Fryske winner oan it Regio Songfestival en it optreden op in poadium dat lanlik op telefyzje en online te sjen wêze sil, kin in grutte ympuls jaan oan it Frysk liet. It soe geweldich wêze dat in Fryske dielnimmer úteinlik it festival yn Utrecht wint en lanlik by de regionale en lanlike stjoerders te hearren is. We hoopje dat dit Fryske artysten ferliede sil om mei te dwaan oan ús eigen Liet 2023 yn oktober.”

Oanmelde foar Liet én it Regio Songfestival

De finale fan Liet sil plakhawwe op tongersdei 12 oktober yn poppoadium Neushoorn. Mei dy nije, en dus eardere, datum is mear romte oant de finale fan it Regio Songfestival.

Oanmelde foar Liet kin hjir en is noch mooglik oant 1 augustus. De finale fan Liet wurdt live útstjoerd op telefyzje by Omrop Fryslân. De úteinlike winner wurdt bepaald troch in profesjonele sjuery en it publyk.

Nij ferskynd by de Afûk: it Letterfretter-kwartet

Fan it boek De Letterfretter is no ek in kwartet makke, by de Afûk. It is in moai en tagelyk tige learsum spultsje. Der binne mar leafst 14 kwartetten te meitsjen fan elk 4 kaarten mei itselde lûd, lykas de ô, de oa, de ea, de ú en de ii. Elk kwartet fan 4 kaarten foarmet mei-elkoar ek wer ien fan de ôfbyldingen út it boek. Der kin dus ek noch mei puzzele wurde!

It Letterfretter-kwartet is foar €9,95 te keap yn de Afûk-winkel en websjop. Wolst it boek De Letterfretter ek noch keapje? Bestel dan no it boek tegearre mei it nije kwartetspul foar de kombypriis fan € 26,50.

Dai fon do Seelter/ Dei fan it Sealtersk

Op sneon 24 juny organisearret de Fryske Akademy en it Seeltersk-Kontoor in sympoasium oer it Sealterfrysk, de ‘Tag der Saterfriesen/ Dai fon do Seelter’. It hat plak yn Roomelse (Dútsk: Ramsloh) yn Sealterlân en is ornearre foar in breed publyk. It kongres is fergees tagonklik.

Oer it Sealterfrysk

It Sealterfrysk is it iennichste Frysk dat noch oer is fan it East-Frysk, dat eartiids praat waard tusken de Lauwers en de Wezer. It Sealterfrysk wurdt sprutsen yn Sealterlân, in streek dy’t tusken Oldenburch en Papenburch te finen is. It Sealterfrysk is in taal dy’t swier bedrige is. Der binne noch in foech 1000 – 1500 sprekkers.

Programma

It programma wikselet publykslêzingen ôf mei aktiviteiten fan de Seelter Buund, lykas in kwis, in sketch, folksdûnsjen en sjongerij fan skoalbern. Út Mercator wei sil Katharina Thomas in lêzing jaan, en Bouke Slofstra (Lingua Slofstra) en Eric Hoekstra (Fryske Akademy) steane lyksa op it program. De dei, dy’t fergees tagonklik is, wurdt ôfsletten mei in lêzing yn de Johanniterkapel. It programma kinne jo hjir besjen (pdf).

Sealterfryske grammatika

Op dit stuit is de Fryske Akademy dwaande mei de produksje fan in Ingelske grammatika fan it Sealterfrysk. It projekt wurdt foar in part betelle troch it Niedersächsisches Ministerium für Wissenschaft und Kultur, de Bundesbeauftragte für Kultur und Medien en de gemeente Saterland (Sealterlân). It giet hjir om in jiersubsydzje, dêr’t de Fryske Akademy yn 2021 en 2022 ek al de hân op lei, yn gearwurking mei Henk Wolf (Oldenburgische Landschaft). It projekt wurdt útfierd troch Bouke Slofstra fan taalburo Lingua Slofstra en Eric Hoekstra út ‘e Fryske Akademy wei. Earder al wurken hja oan de Dútsktalige grammatika fan it Sealtersk, de Sprachlehre des Saterfriesischen 2022

Oanmelde

Oanmelde foar it fergese publykskongres op 24 juny 2023 yn Ramsloh (DE) kin fia frou T. Kalsbeek, kalsbeek@saterland.de. Mear ynformaasje kinne jo fine op de website fan it Seeltersk-Kontoor fan de Oldenburgische Landschaft.

Nij ferskynd by de Afûk: ‘Kwek kwek minemyn’ fan Hindrik van der Meer

Underweis op ’e fyts fan syn wenplak Goaiïngea nei syn wurk as muzyklearaar oan pabo ‘De Him’ yn Snits betocht Hindrik van der Meer faak de teksten foar de berneferskes dy’t er skreau foar de Fryske skoalradio. En dy ferskes waarden omraak songen, want wa is der net grut wurden mei Bijke, Kees Kikkert, Flip flap flinterke… en al dy oare ûnferjitlike ferskes.

berneferskes
Yn de rin fan de jierren ferskynden de ferskes yn ferskate boeken, Kwek kwek minemyn (1976), Hup sûpen grottenbrij (1980), Retteketet tsjyng boem (1992) en De bisteboel fan omke Roel (2011, mei ferhalen fan Thys Wadman en nije arranzjeminten fan Kees van der Meer). By dy boeken ferskynden respektyflik ek elpees, kassettebantsjes en cd’s. No binne de ferskes te belústerjen fia Spotify, mar se wiene net mear yn boekfoarm te krijen. Dêr is no feroaring yn kommen.

lieten ferbine
Op it sympoasium en sjongfeest dat ein april foar him en syn frou organisearre waard yn Tresoar joech Hindrik van der Meer oan dat er noed hat dat it hieltyd minder wurdt mei it meielkoar sjongen en spyljen: “Dêr meitsje ik my soargen oer. Op skoallen wurdt der hast net mear songen, wylst dat tige wichtich is. Lieten ferbine, je sjonge allegear deselde wurden.”

bisteferskes
Yn dizze nije Kwek kwek minemyn is in samling fan de bekendste bisteferskes byelkoar brocht, mei de noaten en akkoarden derby. Sjonge en spylje mar!
Hindrik van der Meer (1938) hat hûnderten (berne)lieten komponearre en krige yn 2009 de Fryske Anjer foar syn grutte fertsjinsten foar de Fryske kultuer, benammen op it mêd fan de muzyk.

Boekgegevens
Kwek kwek minemyn
Auteur: Hindrik van der Meer Yllustraasjes: Aizo Betten
Utfiering: ynbûn Tal siden: 48
ISBN: 978 94 9331 8045
Ferkeappriis: € 18,95
websjop.afuk.frl

Wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2023 fan start!

Bern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé priis foar it bêste Fryske gedicht.

dichtwedstriid

De dichtwedstriid is yn 2013 yn it libben roppen om Gysbert Japicx (Frysk skriuwer en dichter, 1603-1666) syn namme en syn wurk libben en yn eare te hâlden. Histoarysk sjoen hat Gysbert Japicx in grutte wearde foar ús provinsje, om’t er de grûnlizzer fan de skreaune Fryske taal is.

Foar skoallen is it mooglik om in online-lesprogramma te folgjen, mar ek is it mooglik om in edukatyf meiwurker út te nûgjen op skoalle om mei elkoar oan de slach te gean mei it meitsjen fan Fryske gedichten.

Nij is dat dit jier ek gedichten ynstjoerd wurde kinne dy’t makke binne yn de poëzywike, mei as tema ‘Freonskip’. Ek sille de skoallen meidwaan dy’t belutsen binne by it Tsjûkemarprojekt, in projekt dêr’t bern ynspirearre wurde troch har omjouwing en dêroer Fryske gedichten skriuwe. Koartsein: as it mar in Frysk gedicht is!

meidwaan
Gedichten kinne o/m 3 july yndividueel en as skoalle ynstjoerd wurde en kinne dan nei in foarseleksje nominearre wurde foar dizze bysûndere priis. De sjuery, dy’t dit jier bestiet út Tialda Hoogeveen (Berneboeke-ambassadeur Fryslân), Wybo Smids (Frysk akteur) en Tjitske van Dijk (skriuwster lesmateriaal Afûk), makket de kar fan it úteinlik winnende gedicht 2023.

Elbrich Ouderkerken: Winnaar Lytse Gysbert Japicxpriis 2021. Foto door Haye Bijlstra.

útrikking

De útrikking fan de Lytse Gysbert Japicxpriis is op 14 oktober 2023 yn de Martinitsjerke yn Boalsert en wurdt útrikt troch Petra van den Akker, wethâlder fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De priis wurdt útrikt as ûnderdiel fan it programma fan de provinsjale Gysbert Japicxpriis, dé priis foar oarspronklik Frysk literêr wurk troch Deputearre Steaten fan Fryslân.

Sjoch foar mear ynformaasje, betingsten en oanmelde op www.tresoar.nl/lytse-gysbert

Plombrief foar Joana Duarte

De Ried fan de Fryske Beweging stjoert regelmjittich Plombrieven nei persoanen of ynstânsjes dy’t har ynsette foar it Frysk. Op 6 april gie der sa’n Plombrief nei Joana Duarte.

De Ried fan de Fryske Beweging wurdearret it stribjen fan Joana Duarte tige om har warberens foar it Frysk yn it algemien en yn it bysûnder om har Fryske identiteit fêst te lizzen troch by de ynboargeringseremoanje op 18 jannewaris ll. de belofte fan ferbûnens mei Fryslân yn it Frysk út te sprekken. Dêrmei ferfollet hja in foarbyldrol foar bûtenlanners dy’t har yn Fryslân fêstigje.

Boppedat spilet hja as lektor meartaligens in wichtige rol yn it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk yn it heger ûnderwiis yn Fryslân en as heechlearaar Wrâldboargerskip en Twatalich Underwiis oan de Universiteit van Amsterdam.  Op grûn dêrfan hat de Ried fan de Fryske Beweging besletten Joana Duarte in “plom” ta te kennen.

Yn har reaksje lit Joana Duarte ûnder oaren witte de takenning fan de Plombrief as in eare te beskôgjen. It docht har deugd te hearren dat har wurk en ûndersyk yn en oer ûnder oaren it Frysk, yn in meartalige kontekst, de Ried sa oansprekt.

lês it folsleine berjocht op it Nijs