Wâldpykjes brûke it measte Frysk op sosjale media

Frysk wurdt troch jongerein yn ‘e Fryske Wâlden mear brûkt op sosjale media as troch jongerein yn oare parten fan Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder Fryske jongerein dat ûndersiker Lysbeth Jongbloed-Faber fan Mercator Research Centre fan ‘e Fryske Akademy mei stipe fan de Provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert de ôfrûne moannen útfierde.

Kommunikaasjewittenskipper Jongbloed hat op 20 Fryske skoallen yn it fuortset ûnderwiis en middelber beropsûnderwiis ûndersyk dien nei it taalgebrûk fan jongerein tusken de 14 en 18 jier op sosjale media. Yn totaal hawwe mear as 2000 jongeren in fragelist ynfolle.

Hast alle Fryske jongeren brûke sosjale media: 98% is hjir aktyf op. WhatsApp wurdt troch 95% fan dy jongeren brûkt, 86% sit op Facebook en 76% op Twitter. WhatsApp wurdt fan dy trije it measte brûkt: 47% hat keazen foar it antwurd “allinnich as ik sliep, sjoch ik net op WhatsApp”.

Folgje de oanbieding fan it rapport oan Jannewietske de Vries en Sjoerd Feitsma op 16 april fan 10.00 oere ôf op Twitter fia de hekstek #Frysk.

Mear sprektaal as skriuwtaal
Yn it algemien kin konkludearre wurde dat it Frysk noch hieltyd mear in sprektaal as in skriuwtaal is. Wat formeler in medium wurdt, wat minder it Frysk yn trochsneed brûkt wurdt. Sa wurdt yn sms’kes en op WhatsApp it Frysk troch ûngefear de helte fan de Frysktalige jongerein in soad brûkt. Op Facebook en Twitter binne dat noch sa’n 30% en yn e-mails leit it oandiel op 15%, docht bliken út it ûndersyk fan Jongbloed. Dat betsjut mei oare wurden dat it Nederlânsk ek ûnder Frysktalige jongerein as skriuwtaal dominant is.

Hokker taal ien it leafst praat, hat de grutste ynfloed op ‘e taal dy’t de persoan ek op sosjale media brûke sil. Oare faktoaren fan ynfloed binne de hâlding foar it Frysk oer, de skriuwfeardigens en de trochsneehâlding op ien syn skoalle.

Yn Fryslân binne grutte ferskillen metten yn it brûken fan it Frysk. Sa wurdt yn it algemien yn de grutte stêden hast gjin Frysk brûkt, wylst yn de lytsere plakken en yn Noardeast-Fryslân it Frysk op sosjale media folle gewoaner is. Yn ‘e Wâlden wurdt it Frysk it measte brûkt.

Dakjes en streekjes
It Frysk wurdt faak fonetysk skreaun. De measte jongeren witte dat, mar fine dat net sa slim: “De minsken begripe wol wat ik bedoel.” Guon fine it te folle wurk om alle dakjes en streekjes te typen, oaren witte net sa goed wannear’t se se brûke moatte. Fierder is ek de ynfloed fan it Nederlânsk goed werom te sjen yn de skriuwtaal fan de jongeren, lykas it brûken fan dialekt en typyske sosjale mediaôfkoartingen. Ek it mei sin trochinoar brûken fan ferskillende talen komt in protte foar.

Sa’n ien fyfde fan de Frysktalige jongerein brûkt noait it Frysk op sosjale media. De wichtichste reden foar harren is dat se it dreech fine om Frysk te skriuwen; mar soks hat ek te krijen mei it net-Frysktalich wêzen fan harren fermidden en harren eigen hâlding oangeande it Frysk.

Fryske Twitterdei
Op tongersdei 17 april wurdt foar de tredde kear de Fryske Twitterdei hâlden. Op dy dei wurdt besocht safolle mooglik Frysktalige tweets de wrâld yn te stjoeren. Ut Jongbloed har ûndersyk docht bliken dat de Twitterdei in tige posityf effekt hat op it brûken fan Frysk op Twitter troch jongerein. Op de ôfrûne Fryske Twitterdei fan 2013 waard mear Frysk as Nederlânsk brûkt troch de ûndersochte groep jongerein, mar it oandiel Fryske tweets sakket nei de Twitterdei wer werom nei it eardere gemiddelde.

Mear ûndersyk
Nei oanlieding fan it ûndersyk hat de Provinsje Fryslân in subsydzje takend oan it Mercator Research Centre fan ‘e Fryske Akademy om yn 2014 en 2015 mear ûndersyk te dwaan nei it brûken fan Frysk op sosjale media; benammen nei de fraach wêrom’t de iene persoan it Frysk op sosjale media wol brûkt, en in oar, dy’t kwa kompetinsjes en hâlding oerienkomt mei de earste persoan, it Frysk net. Mei it nije ûndersyk sil ek it taalgebrûk fan oare leeftiidsgroepen ûndersocht wurde.

Boarne: Fryske Akademy

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *