Frysk leare mei online kursus foar soarchprofessionals

Fotobureau Hoge Noorden

Om de soarch yn Fryslân goed ôf te stimmen op de Fryske soarchfreger stimulearret de Afûk mei it projekt Frysk yn ’e soarch de soarchprofessional om de Fryske taal te brûken. Foar soarchprofessionals dy’t de taal noch net fersteane is der no in fergeze digitale yntroduksjekursus Fries in de zorg beskikber. Yn 6 lessen kin de soarchprofessional yn eigen tiid en op eigen tempo in begjin meitsje mei it learen fan de Fryske taal. Mei ûnderwerpen lykas it lichem, klachten útlizze en sûnens en previnsje is de kursus yn it bysûnder geskikt foar elkenien dy’t yn de soarch- of wolwêzenssektor wurket.

Continue reading “Frysk leare mei online kursus foar soarchprofessionals”

Skriuwer en oersetter ‘Boekenweekgeschenk’, Dichter des Vaderlands en Dichter fan Fryslân op it poadium yn Ljouwert

Yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske Boek organisearret Boeken fan Fryslân op sneon 30 maart in literêre jûn yn de eardere synagoge fan Ljouwert. Te gast binne Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga, auteur fan it nasjonale boekewikegeskink Jan Siebelink en oersetter fan it boekewikegeskink Jetske Bilker. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Asing Walthaus. Continue reading “Skriuwer en oersetter ‘Boekenweekgeschenk’, Dichter des Vaderlands en Dichter fan Fryslân op it poadium yn Ljouwert”

Rapport oer taalkontaktfariëteiten yn Fryslân

De Fryske Akademy hat yn opdracht fan ’e Taalunie in ûndersyk útfierd nei de taalkundige posysje en it funksjonearjen fan ’e saneamde kontaktfariëteiten Frysk-Nederlânsk yn Fryslân. It ûndersyk leit yn it ferlingde fan it Implementatieplan taalvariatie van het Algemeen Secretariaat van de Taalunie. It beskriuwen fan taalfariaasje is ien fan ’e beliedslinen yn dat plan. Continue reading “Rapport oer taalkontaktfariëteiten yn Fryslân”

Overiesselse Staoten: onderzuuk naor plaknaemebodden mit Nedersaksisch en de ied in et Nedersaksisch op komst

sont.nl

Op veurstel van D66-Staotelid Jos Mooijweer hebben de Staoten van Overiessel kotleden besleuten dat d’r een onderzuuk komt naor de meugelikheden van et gebruuk van et Nedersaksisch op plaknaemebodden en in de iedsoflegging, mit naeme et uutspreken van de ied in et Nedersaksisch in perveensiaole staoten. ‘An de iene kaante erkennen we de tael wel, mar as ik as volksvertegenwoordiger die ied ofleggen wil in et Nedersaksisch, dan kan dat niet. Dat is niet uut te leggen.’ [welle van dit bericht: dagblad Stentor]. Mooijweer komt van ‘Vollenhove’ en is al langer in de pleit veur de ied in et Nedersaksisch.

“Reaksje DINGtiid: De nije BFTK bringt Frysk op koers nei 2030”

De rûte nei 2030

Op 30 novimber ha Ryk en Provinsje Fryslân yn Ljouwert de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) foar de perioade 2019-2023 ûndertekene. Neffens syn wetlike taak hat DINGtiid beide oerheden advisearre by it tastânkommen dêrfan. No’t de BFTK tekene is, reagearret DINGtiid op it einprodukt.

Continue reading ““Reaksje DINGtiid: De nije BFTK bringt Frysk op koers nei 2030””

Undertekening fan it nije Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer

It EBLT wie ôfrûne freed oanwêzich by de ûndertekening fan it nije Bestjoersakkoart Fryske Taal en kultuer troch minister Ollongren, kommissaris Brok en taalskipper Poepjes. Foar in wiidweidige analyze fan alle 55 siden is it noch te betiid. It EBLT is wiis mei de foarútgong, mar hat ek noch wol in pear winsken en suggestjes.

Lês fierder op Omrop Fryslân: Minister: “Fryske taal net allinnich in rjocht, mar it moat gewoan wêze”

Bouwe en weune: gemeente Waadhoeke wurdt offisjeel fjouwertalich

Fan: Omrop Fryslân

In trijetalige webside mei ynformaasje yn it Biltsk, Frysk en Nederlânsk, trou-amtners dy’t minsken trouwe kinne yn it Biltsk of Stedsfrysk, meartalige ynformaasjebuordsjes yn en bûten it gemeentehûs. De jonge fúzjegemeente Waadhoeke hat de ambysje om mei ferskate praktyske maatregels de ‘unike meartalichheid’ fan Noardwest-Fryslân te behâlden én te stimulearjen. Tongersdeitejûn praat de gemeenteried oer de earste nota Taalbelied. Dizze nota wol njonken it Frysk ek it Biltsk en it Stedsfrysk stimulearje en is dêrmei op himsels al unyk. Continue reading “Bouwe en weune: gemeente Waadhoeke wurdt offisjeel fjouwertalich”