Op fersyk fan Boeken fan Fryslân skriuwt Hanneke de Jong it Aksjeboek foar Bern 2018, de yllustraasjes sille makke wurde troch Linda de Haan. It wurdt in boek foar bern yn de ûnderbou, geskikt om foar te lêzen of om sels te lêzen. It boek slút oan by it tema Freonskip fan de Berneboekewike 2018.
It Aksjeboek sil yn de perioade fan 29 septimber oant en mei 31 oktober te keap wêze foar de aksjepriis fan € 4,95 en wurdt útjûn troch útjouwerij Bornmeer. Continue reading “Hanneke de Jong skriuwt Aksjeboek foar Bern 2018”
Het Limburgs kent uniek toonsysteem: door te ‘zingen’ tijdens het praten verandert de betekenis van het woord

Dielnimmers Liet International 2018 XXL
Jûn begjint de 12e edysje fan Liet International yn Ljouwert. Neushoorn is it “place to be” op woansdei 23 maaie. De doarren gean om 20.00 oere iepen en it festival begjint om 20.30 oere. Presentatoaren Willem de Vries en Maeike de Jong sjogge út nei de jûn.
De earste dielnimmers komme al op snein oan, de lêsten pas op tiisdeitejûn. Dat it binne drokke dagen mei oefenjen en sound-checks.
Yn stee fan de normale 9 of 10 dielnimmers, binne der dit jier 14 dielnimmers dy’t op woansdei meidogge. Ferskate talen wienen noch net earder by Liet International te hearren. Wa spylje op Liet International 2018 XXL? Sjoch de list hjirûnder:
Bartelje! Fryske fariant op populêre Baskyske ymprovisaasjekeunst
Kin in geweldich populêre, iuwenâlde poëtyske keunstfoarm út Baskelân ek oanslaan yn Fryslân? Fiif Friezen tinke fan wol en sille it serieus besykje. Op freed 18 maaie om 20.00 oere wurdt yn talepaviljoen MeM yn Ljouwert it projekt ‘Bartelje!’ taljochte. Dan is ek de eksklusive foarpremjêre fan de FryslânDOK-dokumintêre ‘It súksesferhaal fan in minderheidstaal’, oer it Baskyske Bertsolaritza-fenomeen, en de earste stappen fan de inisjatyfnimmers om de ymprovisjaasjefoarm nei Fryslân te heljen. Continue reading “Bartelje! Fryske fariant op populêre Baskyske ymprovisaasjekeunst”
Platfoarm Fryske taalhelp-apps en games online
Sûnt 9 maaie kin elkenien op www.taalhelp.frl terjochte foar Fryske taalhelp-apps, taalgames en oare digitale taalhelpmiddels. De webside jout in handich oersjoch fan fergeze digitale taalhelpmiddels foar elkenien dy’t flaterfrij Frysk skriuwe wol.
De webside www.taalhelp.frl is mei ûntwikkele op basis fan in ûndersyk troch de Provinsje Fryslân dêr’t út bliken die dat der ferlet wie fan mear omtinken foar it bestean fan Fryske digitale taalhelpmiddels. Taalhelp.frl is ûnderdiel fan in bredere kampanje wêrby’t neist de lansearring fan it online platfoarm ek ynset wurde sil op tillefyzjereklames en in bannerkampanje op populêre Fryske websiden.
Taalhelp.frl is in inisjatyf fan de Afûk yn gearwurking mei Omrop Fryslân en BWH Ontwerpers yn opdracht fan de Provinsje Fryslân.
Akademytún fol b(l)oeiende taalinisjativen
Foarlêsmaraton Frysk Hânwurdboek
De tún fan de Fryske Akademy – tusken Doelestrjitte 4 en 6 – is it plak dêr’t fan freedtemiddei 25 maaie ôf it folsleine – ientalich Frysk – Frysk Hânwurdboek foarlêzen wurde sil. It foarlêzen fan dit wurdboek, dat sa’n 70.000 wurden telt, is ien fan de simmeraktiviteiten fan de Fryske Akademy yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018/Lân fan taal.
Taalstipe
De foarlêsmaraton fan it Frysk Hânwurdboek is keppele oan in goed doel, nammentlik in bydrage foar ien of mear laptops foar taalstipe op lokaasje yn Fryslân troch Stichting Lezen & Schrijven. Dielnimmers kinne harren dêrfoar sponsorje litte. Troch it yntegraal foarlêzen fan it wurdboek – en it opnimmen dêrfan – ûntstiet der in korpus sprutsen Frysk, dat foar ûndersikers ta nijsgjirrige nije ynsichten liede sil. Alles komt foarby, hiel gewoane wurden, mar ek bysûndere en ferjitten wurden. Dêrmei is it foarlêsprojekt ek in earbetoan oan de Fryske taal. Foar it foarlêzen fan it wurdboek wurde der noch lêzers socht. It folslein yn ‘e macht hawwen fan it Frysk is dêrfoar gjin fereaske. Wa’t in kertier foarlêze wol – mear as ien mei ek – dy kin him of har opjaan fia: www.fryske-akademy.nl/lf2018 Continue reading “Akademytún fol b(l)oeiende taalinisjativen”
Afûk en Wikitongues bondelje krêften om de taaldiversiteit yn it Talepaviljoen fêst te lizzen
Wikitongues, in organisaasje dy’t him dwaande hâldt mei it sammeljen fan ferhalen op fideo út talen út de hiele wrâld (de fideo’s binne te sjen op harren YouTube-kanaal), wurket gear mei de Afûk mei as doel om lytse talen te dokumintearjen ta gelegenheid fan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa.
As ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa koördinearret de Afûk de aktiviteiten yn it Talepaviljoen MeM. Fan 30 maart oant en mei 28 oktober steane taalmienskippen út de hiele wrâld dêr in wike lang sintraal om harren taal en kultuer te dielen. Muzyk, poëzy, ferhalen en in soad oare uteringen binne dan te finen yn MeM, dêr’t jo ek genietsje kinne fan in hapke en in drankje. Continue reading “Afûk en Wikitongues bondelje krêften om de taaldiversiteit yn it Talepaviljoen fêst te lizzen”
Dag van de ‘Grunneger Toal’ en ‘Grode Grunneger Oavend’ kommen d’r an
Is d’r toekomst veur et Grunnings? Die vraoge komt an bod op ‘e dag van de Grunninger tael van dit jaor. D’r zullen verschillende aktiviteiten wezen waorbi’j et Grunnings en et bruken d’r van onder de loep neumen wodden. Veurbeelden van now en vroeger kommen an bod. D’r is roem ommedaenken veur streektaelmeziek, bezukers kun mitdoen an ‘broeskursussen’ om Grunnings te leren, regionaole boekewinkels laoten heur zien en verzaemelder Boelo Bats prissenteert de biezundere boekekollektie van Kornelis ter Laan. D’r is een literair kefé en d’r bin verschillende lezings, o.e. over de ‘literaire kaart van Grunnen’, et Grunninger woordeboek ni’je stiel en hoe keunst en wetenschop et Grunnings beïnvloeden. Twie daegen eerder is de ‘Grode Grunneger Oavend’. Een biezundere en bonte aovend over de staand van et Grunningers. De ‘Dag’ is 17 meert ,van 11.00 tot 16.00 ure in de Grunninger Archieven (Cascadeplein 4) en Cascadeplein 10. De ‘Oavend’ is donderdag 15 meert van 20.30 tot 22.30 ure, Lekaosie: der Aa-Theater in Grunningen (Stad).
De pergrammes bin te vienen op http://www.webloug.nl/dgt-programma/
Tekenje ek it Minority SafePack Initiative!
Yn septimber is in hantekenaksje fan it Europeesk boargerinisjatyf ûnder de namme Minority SafePack Initiative (MSPI) fan start gien (sjoch ús berjocht oer it evenemint hjir). Dy aksje hat as doel om foarinoar te krijen dat minderheden en minderheidstalen yn Europa mear omtinken krije en better beskerme wurde. Der binne yn Europa sa’n 50 miljoen minsken yn in grut ferskaat oan lannen dy’t in minderheidstaal prate. Dêr heart Fryslân ek by. Mei-inoar wolle we dat yn de Europeeske Uny net allinnich offisjele talen of dominante kultueren der ta dogge, mar dat ek rekken holden wurdt mei taalminderheden. Dêrfoar is in hantekenaksje opset, om sa de Europeeske Uny oan te trúnjen om lytse talen lykas it Frysk te stypjen en de rjochten fan taalminderheden yn de EU fuort te sterkjen.
RFFB, FUEN, EBLT en Mercator wolle op de Ynternasjonale Memmetaaldei op 21 febrewaris ynsette op de hantekenaksje MSPI om minderheden en talen fan minderheden mear omtinken te jaan. Wy freegje jimme om op woansdei 21 febrewaris 2018 yn aksje te kommen. Dat kin troch omtinken te freegjen foar dat ferskaat oan talen en kultueren yn berjochten en/of aksjes. Dat kin ek hiel goed troch it hâlden fan hantekenaksjes. It soe moai wêze as op dy dei de ynstânsjes dy’t meidogge in ‘hantekenburo’ foar eigen studinten, âlden en faaks ek noch oaren regelje. Der moatte yn Nederlân 19.500 hantekens komme. Dy ha we noch net!
Gewoan thús tekenje kin fansels ek:
‘De Penjumer Ulefeltsjes’ yn Penjum behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen
De pjutte-opfang fan Penjum, ‘De Penjumer Ulefeltsjes’ hat it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ behelle. De lokaasje fan Stichting Kinderopvang Friesland (SKF) wurket sûnt april 2014 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. De liedsters jouwe oan dat sy tige bliid binne mei it beheljen fan it sertifikaat en der wiis mei binne dat sy de bern wat ekstras meijaan kinne yn har ûntwikkeling. Yn it ramt fan de sertifisearring wie it op woansdei 17 jannewaris feest. Jeannette Numan fan de SFBO hat it serifikaat mei ien fan de pjutten presintearre. Riemkje Hoogland hat dêrnei in ferhaal ferteld, mei de ferteljas oan. Foar alle âlden en bern wie der in hapke en in drankje. Continue reading “‘De Penjumer Ulefeltsjes’ yn Penjum behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen”
