Fakatuere: Undersyksmeiwurker foar it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

Hasto ynteresse om by de Fryske Akademy en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen te wurkjen? Wurkje by ús betsjut wurkje yn in bysûndere, histoaryske omjouwing yn ‘e mande mei ynspirearjende kollega’s en partnerorganisaasjes. Wy binne in platte organisaasje dêr’t meiwurkers selsstannich mei entûsjasme en passy yn gearwurkje. Kollegiale gearwurking en romte foar inisjativen steane foarop.

Op dit stuit sykje wy foar ús Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen in Undersyksmeiwurker (22,8 oeren wyks / 0,6 fte of mear yn oerlis).

Wat silst dwaan? 

• Meiwurkje oan ûndersyk op it terrein fan meartaligens en taallearen (regionaal en ynternasjonaal); 

• Meiwurkje oan besteande aktiviteiten bygelyks foar de opbou fan in kennisbank op basis fan ûntwikkele produkten út projekten; 

• Yn gearwurking mei de projektmanager rinnende projekten koördinearje en stypje; 

• Yn tiimferbân kongressen en seminars organisearje; 

• Mei-skriuwe oan artikelen en items foar nijsbrieven. 

By dizze funksje leit de klam op ûnderwiisprojekten dy’t meast in ynternasjonale kontekst hawwe en it redigearjen fan Regionale Dossiers.

Wat biede wy?

De oanstelling is tydlik, foarearst foar in jier. Ôfhinklik fan oplieding en wurkûnderfining is it salaris by in folslein tsjinstferbân op syn meast €4,484,- smoarch yn ’e moanne (UFOprofyl ûndersyksmeiwurker nivo 3, skaal 8, cao Nederlandse Universiteiten), eksklusyf 8% fakânsjejild en 8,3% ein fan ‘t jier-útkearing. 

It wurkplak is op de Fryske Akademy te Ljouwert.

Mear ynformaasje

De folsleine fakatueretekst is hjir te lêzen yn it Frysk (pdf) of English (pdf).
Reagearje kin oant 17 novimber 2025!

Foarstelling De Gjalp op Noordelijk Filmfetsival

De Moanne, Ensafh en Frysk Dichterskollektyf RIXT nûgje elk fan herten út foar in foarstelling mei de earste risseltaten fan De Gjalp – in projekt dat de Fryske literatuer op nije plakken in stim jaan wol.

Dizze earste Gjalp ferbynt dichters en skriuwers mei film en biedt harren in poadium op it Noordelijk Film Festival (NFF). Nei in iepen oprop binne tsien makkers selektearre. Sy hawwe harren plannen útwurke en sille dy no meiinoar op it NoFF presintearje. Fan poëzyfilms mei byld út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) oant eksperiminten op it snijflak fan tekst, lûd, byld en fisuële keunst.

Jimme binne fan herte wolkom op sneintemiddei 9 novimber op it NoFF yn Ljouwert. Dêr wurdt dizze earste Gjalp presintearre.

optredens/presintaasjes

Tamara Feddema, Remco Kuiper, Myrte Marije Veenbaas, Ruerd Smaling, Marije de Lange, Erik de Boer, Hein Jaap Hilarides, Jorrit de Klerk, Sina Keuning en Anne Fie Salverda.

mear ynformaasje & opjefte

Boekpresintaasje Janneke Spoelstra’s ‘Wêr bliuwe de froulju?’

Janneke Spoelstra ynterviewde tsien dichters oer harren poëzy en harren posysje yn de Fryske literatuer. Net tafallich binne it alle tsien froulju. Skriuwe froulju likefolle as manlju? Wurde se like maklik publisearre? Hawwe froulju tsjintwurdich like goede kânsen as manlju yn ’e Fryske literatuer? Datsoarte saken kamen oan ’e oarder yn de ynterviews.

Op woansdei 12 novimber fan 14:15 oere ôf wurdt Spoelstra’s boek ‘Wêr bliuwe de froulju? Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023)‘ presintearre yn it (Leonardo) Oranje Hotel oan de Stasjonswei yn Ljouwert. It boek wurdt útjûn by Afûk.

Programma

  • 14:15 oere: Ynrin
  • 14:45 oere: Start programma
    • lepening troch Froukje Sijtsma
    • Lêzing Fleur Speet (collectief Fixdit), oer ‘vrouwelijke auteurs in de Nederlandstalige letteren en de disbalans in waardering’
    • Muzyk fan Immen
    • Janneke Spoelstra, oer it gearstallen fan de ynterviewbondel
    • Foardracht ynterviewde dichters
    • Utjouwer Ernst Bruinsma (Afûk), oer de utjefte
    • Oanbieding fan it boek oan Gabrielle Terpstra en foardracht fan Gabrielle Terpstra
  • 17:10 oere: Ofsluting en neisit

Oer Janneke Spoelstra

Janneke Spoelstra (Hijum 1962) is sûnt 2001 yn tsjinst by de Fryske Akademy, earst as korrektor fan it Wurdboek fan de Fryske taal/Woordenboek der Friese taal, dêrnei wie se as ûndersyksassistint behelle by oare (leksikografyske) projekten. Se die wilens de masterstúdzje Fryske taal en kultuer, spesjalisaasje Literêre kultuer (Ryksuniversiteit Grins 2012). Sûnt 2018 wie se as redakteur ferbûn oan it Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek. No wurket se mei oan it ûnderhâld fan Frysker.nl. Yn 2023 publisearre se oer ‘Mooglike genderneutrale foarnamwurden yn it Frysk’.

Janneke Spoelstra is dêrneist skriuwer fan ’e Redaksje Literêre Rigen. Se wie ien fan ’e gearstallers fan ’e lhbty+-blomlêzing ‘Do draechst de leafde oan’ / Jij draagt de liefde aan (2021)’.

Yn it koart

Wat: Boekpresintaasje Janneke Spoelstra, ”Wêr bliuwe de froulju? Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023)
Wêr: (Leonardo) Oranje Hotel, Stasjonswei 4, 8911 AG Ljouwert. De presintaasje rint parallel oan de tredde Conference on Frisian Humanities.
Tiid: Ynrin 14:15 oere, start programma 14:45 oere. 
Opjefte (ferplichte): Fia dit online formulier

Doarpetoer film KRIICH fan regisseur Johanneke Dijkstra

Bestiet de wiere Fries? Hoe foarmet de generaasje fan no ús takomstich heitelân? Dy en oare fragen ûndersiket Johanneke Dijkstra yn KRIICH, in hybride film dy’t dokumintêre en fiksje byinoar bringt en de Fries fan no toant yn al syn fasetten. Dêrmei is it ek in útnûging om mei-inoar stil te stean by wa’t wy binne, wat wy leare fan ús ferline en hoe’t wy it takomstich heitelân foarmje.

Doarpetoer 22 oktober – 21 novimber 2025

De toer foarmet de start fan Johanneke har artistike promoasjeûndersyk oan de Ryksuniversiteit Grins en tsjinnet dêrby as petearstarter: nei it sjen fan de film wurdt it publyk útnûge om útienrinnende perspektiven te dielen.

De film makket in doarpetoer lâns Nes, Ljouwert, De Trieme, Marrum en Drachten en sil letter ek ymplemintearre wurde yn lessen foar it fû en it mbû.

Mear ynfo en tickets: Kriich – Arcadia.

DINGtiid-lêzing 2025: ‘Fitaal Frysk. Hoe kinst skoare mei taal yn ‘e sport?’

Hoe kinne de Fryske taal en sport inoar fersterkje? Oer dit tema organisearret DINGtiid syn jierlikse DINGtiid-lêzing op sneon 8 novimber 2025. Ferskillende sprekkers sille fertelle oer hoe’t sy de Fryske taal ynsette om harren sportdoelen te berikken. En oarsom: oer hoe’t sport in prachtich middel is om it Frysk te hearren en te sjen op it fjild of yn de sportkantine. Mar ek: hoe kinne je nije taalfeardichheden leare troch te bewegen?

Harkemase Boys

De DINGtiid-lêzing fynt plak yn de skybox fan de Harkemase Boys op De Harkema, dêr’t foarsitter Sippe Heeringa fan it haadbestjoer fertelle sil wêrom’t Harkemase Boys derfoar keazen hat om de Fryske taal te brûken yn harren kommunikaasje: op sporttenues, yn de kantine, mar ek by útwedstriden. Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân leit út wat it ynsetten fan de Fryske taal harren bringt as organisaasje. Marnix Heida, oprjochter van NL Training (oanbieder fan taal- en ynboargeringskursussen) beklammet it belang fan beweging om nije feardichheden oan te learen.

ôfbylding fan Freepik

Biltsktalige energizers
Hoe kinst mei beweging in nije taal leare? De Biltsktalige leefstylcoach Caroliene Lemstra lit mei energizers sjen hoe’t elkenien him de Biltske taal eigen meitsje kin! Kom dus foaral yn sportive klean!

Programma
Ynrin fan de lêzing is om 10.00 oere yn de skybox fan Harkemase Boys (De Bosk 20, De Harkema). It programma set om 10.30 oere útein. Wy slute om 12.30 oere ôf mei in (opsjonele) lunsj.

Opjaan
Jo kinne jo oant 1 novimber 2025 opjaan foar de DINGtiidlêzing (fol=fol).

Foar eltse skoalle Fryske berneboeken

Freed 17 oktober krigen learlingen fan SLS De Feart yn Jobbegea in lêskoffer mei Fryske berneboeken kado út hannen fan Hedwich Rinkes, wethâlder fan Kultuer fan de gemeente It Hearrenfean, en Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. It is de ôftraap fan in aksje wêryn’t alle basisskoallen fan de gemeente in fergeze lêskoffer oanbean krije.

oanbieding Lêskoffer Berneboeke-ambassadeur – It Hearrenfean. Foto: Jacob van Essen.

Njonken SLS De Feart krije ek 29 oare basisskoallen yn de gemeente in lêskoffer oanbean. De lêskoffers binne beskikber steld troch de gemeente It Hearrenfean,

Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, is optein: “It is sa wichtich dat bern harrensels weromfine kinne yn in boek, fia it ferhaal, mar ek just fia de taal. Dat kin allinnich as der in ryk oanbod fan moaie Fryske berneboeken is, sadat der in berneboek foar elkenien yn de skoalbyb stiet.” De Berneboeke-ambassadeur giet de kommende tiid by de skoallen yn de gemeente It Hearrenfean del om te fertellen oer hoe fijn en moai (foar)lêzen yn de memmetaal is en om workshops te jaan wêrby’t de wille yn taal en ferhaal foarop stiet.

“As gemeente fine wy it wichtich dat bern al op jonge leeftyd yn ’e kunde komme mei it Frysk. Yn 2022 hawwe wy dêrom in boekekiste útdield oan alle basisskoallen yn ús gemeente. No wolle wy opnij in kiste fol prachtige Fryske boeken kado jaan oan alle basisskoallen, en in lêstas oan it fuortset ûnderwiis.”

Wethâlder Hedwich Rinkes fan Kultuer

Frysk lêzen stimulearret de taalûntwikkeling

It Frysk is in weardefol ûnderdiel fan ús kultuer en identiteit, en in folweardige taal dy’t bydraacht oan de brede taalûntwikkeling. Undersyk lit sjen dat it goed behearskjen fan dyn memmetaal in sterke basis lêt foar it learen fan oare talen en it ûntwikkeljen fan taalgefoel yn ’t algemien. Mei dizze boeken stimulearje wy it brûken en belibjen fan de Fryske taal ûnder bern en jongerein.

In skat oan Fryske folksferhalen

Grutte audiokolleksje fan samler fan Fryske folksferhalen op 2 novimber online

Skriuwer en wittenskipper Ype Poortinga (1910-1985) sammele yn de jierren 1970 en 1980 in fracht oan Fryske folksferhalen. Mei syn Dafke gie er jierrenlang alle wiken by fertellers yn de provinsje del om ferhalen op bân op te nimmen. Foar dit ambisjeuze projekt krige er geregeld help fan ûndersiker Jurjen van der Kooi (1943-2018). Soest harren de Fryske bruorren Grimm neame kinne.

Sa’n twatûzen ferhalen binne yn sân mânske boeken ferskynd mei moaie titels as It fleanend skip, De held en de draek en It gouden skaakspul. Alle audio-opnames dy’t Poortinga makke fan de ferhalefertellers binne ek bewarre bleaun. Dy lizze by Tresoar. Se binne de ôfrûne tiid troch it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) digitalisearre en komme op 2 novimber online beskikber. Sa krije mear as hûndert Fryske fertellers fan folksferhalen harren stimmen werom.

De feestlike lansearring fan de audiokolleksje fan Poortinga fynt plak op snein 2 novimber yn Tresoar. Ta gelegenheid dêrfan organisearje Tresoar en it FFAA dan in ferhalemiddei. Fertellers fan no – Aggie Meijer, Alexander Moto, Tamara Feddema en Kees de Vries – litte priuwkes út de ferhalen fan Poortinga hearre. Arjan Sterken, religywittenskipper en leafhawwer fan de ferhalen fan Poortinga, fertelt oer syn ûndersyk nei ferteltradysjes. De presintaasje is yn hannen fan Willem de Vries (ek wol Willem Wâldpyk). Kom del en lit dy meinimme yn de wûndere wrâld fan de mearkes, grappige teltsjes en sêgen!

Fryslân is in lân fan ferhalefertellers. Fan generaasje op generaasje waarden ferhalen oer de natuer, duvels, dieren, spûken en tsjoenders winterdeis by it hurdfjoer dield. Benammen ‘op de heide’ wie in grutte rykdom oan ferhalen te finen. Stoere, sterke en spannende, mar ek oandwaanlike ferhalen as ferdivedearjend jûnspraat. Ferhalen mei titels dy’t nijsgjirrich meitsje: ‘de jongfeint dy’t syn siel fuortstjoerde’, ‘de frou út de reinwettersbak’, ‘de ierdmantsjes dy’t in kreas frommes sjen woenen’ en ‘wêrom’t de earrebarre op ien poat stiet’.

Oanmelde
De middei is fergees tagonklik. Wol freget Tresoar besikers om in kaartsje te reservearjen.
Oanmelde kin fia dizze link.

EBLT Presents: WALLS – Akinni Inuk

Op sneon 8 novimber, draait it Noordelijk Filmfestival, NFF, de Grienlânske dokumintêre WALLS – Akinni Inuk. De fertoaning op sneontemiddei wurdt presintearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT). Nenets-antropologe en – aktrise Roza Laptander (Pudana, Last of the Line) sil de film ynliede.

oer de film

De Grienlânske dokumintêre WALLS – Akinni Inuk fan Sofie Rørdam en Nina Paninnaq-Skydsbjerg is op meardere flakken in útsûnderlike reis. Wat begûn as in projekt dêr’t detinearden yn in finzenis yn Nuuk fideokamera’s krigen om har eigen libben fêst te lizzen, groeide út ta in oandwaanlik en wêzentlik ferhaal oer leafde, hoop, minsklike empaty en de striid om in twadde kâns.

Sintraal stiet Ruth Mikaelsen Jerimiassen, al tolve jier foar ûnbepaalde tiid fêst – finzen yn in juridysk nimmenslân tusken Grienlân en Denemarken. As Sofie Rørdam en Nina Paninnguaq-Skydsbjergen de finzenis besykje foar harren filmprojekt, reitsje Ruth en Nina befreone. Troch har yntime petearen ûntdekke se in dield traumatysk ferline en realisearje se har dat se inoar helpe kinne om te ûntsnappen oan de boeiens fan sawol de finzenis as it ferline. It resultaat is in krêftich portret dat de betsjutting fan frijheid op sawol yndividueel as maatskiplik nivo befreget en sûnder sensaasjesucht swiere tema’s as geweld, rjochtfeardigens en kolonialisme behannelet.

WALLS – Akinni Inuk gie dizze maitiid yn premjêre op it CPH: DOX-festival yn Kopenhagen, dêr’t it de NORDIC: DOX Award wûn, en wie dêrnei ûnder oare te sjen op festivals yn Toronto en Haugesund. De film waard nominearre foar de Nordic Council’s Film Prize en is de earste Grienlânske dokumintêre ea dy’t selektearre waard om it lân te fertsjintwurdigjen by de 98ste Academy Awards. WALLS – Akinni Inuk belibbet op it Noordelijk Film Festival de Nederlânske premjêre.

  • rezjy: Sofie Rørdam, Nina Paninnguaq Skydsbjerg
  • ûndertiteling: Ingelsk
  • taal: Grienlânsk
  • produksjelân: Grienlân
  • jiertal: 2025
  • filmdoer: 1 oere 25 min

mear ynformaasje

Friesenkongress yn Jever 2025

Op 17 en 18 oktober 2025 fiert de Ynterfryske Ried it hûndertjierrich jubileum fan it earste Fryske Kongres yn de moderne tiid. Dizze histoaryske gearkomste, dy’t yn 1925 ôffurdigen út West-, Noard- en East-Fryslân byinoar brocht, wurdt beskôge as in mylpeal yn de bopperegionale gearwurking tusken de Fryske regio’s.

Der is noch plak

Der is noch plak op it Frysk Kongres 2025 yn Jever: hûndert jier Frysk kongres. Mar wês fluch, want dat sil it kommende wykein heve.

Programma fan it Friesenkongress yn Jever 2025

Freed 17 oktober

  • 18:00
    • Ûntfangst fan de Ynterfryske Rie yn it Schloss yn Jever (Schlossplatz 644, Jever).
  • 18:30
    • Antje Sander fertelt oer it Schlossmuseum.
  • 19:00
    • Begroeting troch Jan Edo Albers (boargemaster fan Jever). / Begroeting troch de plakferfangende Landrätin (van de Landkreis Friesland) Marianne Kaiser-Fuchs. / Feestrede fan Thomas Steensen oer Hûndert jier Friezenkongressen, skiednis en balâns (yn it Dútsk).

Sneon 18 oktober

  • 10:00
    • Iepening yn it Theater am Dannhalm (Schulstraße 5a, 26441 Jever)
  • 10:10
    • Presintaasjes oer wittenskiplik wurk yn de trije Fryslannen:
    • Fryske Akademy (Han Nijdam) / Nordfriisk Instituut (Christoph Schmidt) / Ostfriesische Landschaft (Rico Mecklenburg) / Oldenburgische Landschaft (Franziska Meifort)
  • 11:30
    • Begroeting troch de Fryske deputearre Eke Folkerts. / Begroeting troch Falko Mohrs, minister fan wittenskip en kultuer yn Niedersachsen.
  • 12:00
    • Skoft.
  • 12:15
    • Lêzing fan Tessa Leppers: Sprachen unter der Lupe: Saterfriesisch und Niederdeutsch.
  • 13:00
    • Middeisiten.
  • 14:00
    • Utstapke nei Neustadtgödens (û.o. it museum Landrichterhaus,   oer de ferskate religieuze mienskippen yn dat plak).
  • 16:00
    • Ofskie mei kofje yn ‘e eardere fermoanje (Mennonitenkirche Neustadtgödens).

Oanmelde

Jo kinne jo oanmelde by:  arno.ulrichs@ewetel.net, of: sekretariaatfryskerie@gmail.com.

Kosten: 25 euro foar it hiele programma; 10 euro foar de freedsbesiters, 15 euro foar de sneonsbesiters). Oermeitsje oan Interfriesischer Rat, banknûmer (IBAN): DE81 2175 0000 0166 0541 30.

Tourist-Information: tillefoan 04461-939261, mail Tourist-Info@stadt-jever.de). Oernachtsjen is moglik yn de jeugdherberch: 04461-909202; https://www.jugendherberge.de/jugendherbergen/jever/.

Oprop! Praatsto Frysk en ferwachtesto dyn earste berntsje?

Nederlânsk, Frysk of in oare taal: hokker taal of talen wolle takomstige âlders yn Fryslân mei harren bern prate? En hokker faktoaren bepale dy taalkar? Foar ûndersyk nei taaloerdracht yn ’e opfieding binne de Afûk, it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (Fryske Akademy) en it European Centre for Minority Issues (ECMI) op ’e syk nei âlders dy’t Frysk prate en harren earste berntsje ferwachtsje of neitinke oer it krijen fan harren earste berntsje.

Mei in fragelist wolle de ûndersikers mear te witten komme oer takomstige âlders yn Fryslân, en ûndersykje hokfoar stipe takomstige âlders graach krije wolle soene wat taal of meartaligens oanbelanget. Hjirby makket it net út oft âlders fan doel binne om it Frysk al as net troch te jaan oan harren bern. De fragelist is beskikber yn it Frysk en it Nederlânsk.

De fragelist is hjir te finen.

Fryske taaloerdracht

It Frysk is klassifisearre as in minderheidstaal mei in kwetsbere taalfitaliteit. Yn ’e lêste desennia is de taal sadwaande hieltyd mear beskerme en befoardere oan de hân fan provinsjaal taalbelied. Dat hat resultearre yn in gruttere ynstitúsjonele stipe foar it Frysk, in sichtberder plak yn ’e media en oare iepenbiere domeinen, en de ynkluzje fan ’e taal yn skoalkurrikula. Boppedat binne der inisjativen om thús de taaloerdracht tusken generaasjes te stimulearjen, om’t it tal âlden dat it Frysk trochjout oan harren bern stadichoan efterút giet. 

It ûndersyksprojekt “De Fryske taaloerdracht tusken generaasjes: it befoarderjen fan ’e meartalige opfieding en it stypjen fan (takomstige) âlders” ûndersiket net allinne de âlderlike taalhâldingen, mar ek it brûken fan (of de winsk foar) materialen ûnder Fryskpratende âlders yn Fryslân. In haaddoel fan it projekt is om te witten te kommen hoe’t âlders it bêste stipe wurde kinne yn alle fazen fan in meartalige opfieding. 

Ynternasjonale gearwurking

It Frysk sa’t it praat wurdt yn Fryslân is nau besibbe mei it Noard-Frysk dat yn Nordfriesland (Dútslân) praat wurdt. Parallel oan it projekt oer Fryske taaloerdracht tusken generaasjes yn Nederlân wurdt troch it European Centre for Minority Issues wurke oan in ûndersyk nei de Noard-Fryske taaloerdracht tusken generaasjes. Dat soarget derfoar dat in ferliking makke wurde kin tusken de twa Fryskpratende gebieten en it soarget foar oerkoepeljende resultaten dy’t relevant binne foar it taalbehâld en de taalrevitalisaasje oan beide kanten fan ’e grins fan Nederlân en Dútslân.

It projekt hat in ûndersykssubsydzje fan de Provinsje Fryslân ûntfongen.