Op 11 oktober wurdt yn Roomelse/Ramsloh foar de twadde kear in “Dei fan de Sealterfriezen” holden. Njoggen sprekkers sille op ‘e tekst oer de Sealterfryske taal en skiednis. Tuskentroch binne der dûns en muzyk út de regio.
It program sjocht der sa út:
09.45 wolkom
10.00 dûnsgroep Sealterlân
10.15 Miriam Kösters: Ein saterfriesisches Posterprojekt im Schulzentrum Saterland
10.45 Jörg Peters: Neue Wege zur Erforschung lokaler Sprachgemeinschaften im Saterland.
11.15 Skoft
11.45 Johanna Evers: Das saterländische Siegel
12.15 Eric Hoekstra & Fenna Bergsma: Die friesische Sprachfamilie damals, heute und in der Zukunft
12.45 koar Skäddel/Strukelje
13.00 Skoft
13.45 Bouke Slofstra: Skrieuw insen
14.15 Wilko Lücht: Wat ‘n Bodel!? De wesselhafte Histoorje van en Rechtsbegreep
14.45 Skoft
15.00 koar Skäddel/Strukelje
15.15 sjonggroep Do ulkige Wuchtere
15.30 Veronika Pugge & Henk Wolf: Wät lopt in’t Seeltersk-Kontoor?
16.00 Ein fan it deiprogram
Om 20.00 is der noch in sûpke mei Sealterfryske spultsjes.
De dielname omfettet in middeisbrochje, kofje en tee. De oanmelding is fergees, mar omdat it tal plakken beheind is, is it wol de baas dat jo jo oanmelde. Dat kin by Henk Wolf: wolf@saterland.de.
=== Der Tag der Saterfriesen ist ein gemeinsames Projekt des Seeltersk-Kontoor, des Seelter Buund sowie der Fryske Akademy. Die erste Auflage fand 2023 statt und zog 120 Besucher. Ermöglicht wird die Veranstaltung durch den Bundesbeauftragten für Kultur und Medien, das Niedersächsische Ministerium für Wissenschaft und Kultur sowie die Gemeinde Saterland.
Tryater makket al sechtich jier toansettend, benammen Frysktalich teäter. Oprjochte yn septimber 1965, fiert Tryater yn 2025 in bysûnder jubileum.
Jubileumboek
Yn septimber ferskynt fia útjouwerij Afûk in tsjok en kleurryk boek fol ynterviews, bysûndere artikels, argyfmateriaal, prachtige foto’s en mear as hûndert oantinkens fan útienrinnende minsken, fan akteur oant besiker en fan politikus oant fuotbaltrainer, dy’t ea Tryater yn harren libbens foarbykommen seagen.
Yn septimber en oktober spilet Twa minuten foar oanfang, in aventoerlike audiorûte troch de holle fan akteur Joop Wittermans en lâns de backstage fan de Fryske skouboargen en it eigen gebou. Dit erfaringsteäter nimt it publyk by wize fan nijmoadrige jubileumfoarstelling mei yn sechtich jier teäter meitsjen en toant de twifels en wissichheden fan in prominint akteur út ‘e stâl fan Tryater, wylst personaazjes fan hjoed en juster ûnderweis opdûke.
Mei te meitsjen by Tryater yn Ljouwert, Theater Sneek, Posthuis Theater Heerenveen, De Lawei Drachten, De Harmonie Leeuwarden en De Koornbeurs Frjentsjer.
Fan 12 septimber oant en mei 19 oktober op freed – en sneontejûn en sneintemiddei.
Anwar en de wolf Yn ‘e krystfakânsje spilet Tryater yn ‘e eigen teäterseal de suksesfoarstelling Anwar en de wolf, foar de hiele famylje en mei gebrûk fan Nederlânsk, Frysk en Arabysk oanfolle mei sfearfolle byldprojeksjes geskikt foar eltsenien, wat eftergrûn of ôfkomst ek is.
De foarstelling oer flechtling Anwar dy’t in wolf moetet en him fan syn roppigens ôfliedt troch te fertellen oer syn reis troch Europa, bringt skoallen troch hiel Fryslân yn beweging en is yn desimber foar elk te sjen.
Yn de Krystfakânsje fan 20 o/m 30 desimber 2025 te sjen by Tryater yn eigen hûs en op 15 maart 2026 yn Theater Sneek
foar elkenien fan 8 oant 108 jier
Tagongsprizen:
€ 14,50 (regulier),
€13,- (Freonen fan Tryater),
€ 9,50 (Jong o/m 12jr)
Nederlânske en Ingelske ûndertiteling beskikber fia smart glasses
Ienakterfestival Yn maart 2026 is by Tryater it Ienakterfestival, dêr’t amateurselskippen út Fryslân spesjaal troch profesjonals skreaune teäterteksten spylje yn it monumintale skoalgebou dêr’t Tryater yn Ljouwert fêstige is.
Swimbad Yn maaie-juny 2026 slút Tryater it folle jubileumseizoen ôf mei in unyk gefal lokaasjeteäter dêr’t it selskip de lêste jierren foar stiet. Fertroude akteurs, nije gesichten, lokale figuranten yn it swimbad, yn in ferhaal oer feroarjende tiden en lichems, it kommen en gean fan generaasjes mei it swimbad as spylfjild en metafoar.
Swimbad, mei ûnder mear aktrise Joke Tjalsma, wurdt spile yn en om it iepenloftswimbad fan Bakkefean.
Slingers & sichtberens
Tuskentroch hinget Tryater de slingers ek sa no en dan op oare manieren op, oft dat no op social media, yn eigen gebou of op oare plakken is. Dat Tryater bliid is om nei sa’n skoft noch hieltyd in glânsrol yn it Fryske lânskip spylje te kinnen, giet yn alle gefallen it oankommend jier net samar foarby.
Sterke achterban Tryater kin wurkje mei de bêste regisseurs, skriuwers, akteurs en oare fakminsken út Fryslân en dêrbûten. De organisaasje hat in fêste kearn meiwurkers yn tsjinst en is by steat fier foarút te sjen en allegeduerigen te wurkjen oan bysûndere foarstellingen en in ferskaat programma. In grut tal trouwe besikers draacht hjir oan by mar ek is Tryater optein mei de enoarme groep Freonen fan Tryater, dy’t it selskip mei in beskieden jierliks bedrach stypje en dêr in magazine, koarting én no en dan in ynformative en smûke Freonejûn foar werom krije
Fan 1 oant en mei 26 septimber binne it de ‘Lês-mar-foar-wiken’. Fan ’e moarn wie de ôftraap op CBS De Hoekstien yn Surhústerfean, dêr’t foarlêzen waard troch wethâlder Tjibbe Brinkman fan de gemeente Achtkarspelen en troch Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen. Mei dy foarlês-mominten waard tagelyk it startskot jûn foar de ‘foarlêstafette’. Dat hâldt yn dat twa foarlêstassen, mei dêryn ûnder oaren in Tomke- en in Keimpe-boekje en in lêsdeiboekje, alle dagen trochjûn wurde oan in oare foarlêzer. Sa reizgje de boekjes hiel Fryslân troch!
Oftraap lês-mar-foar-wiken 2025 mei wethâlder Tjibbe Brinkman fan de gemeente Achtkarspelen en Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen. Foto: Jacob van Essen
Alle jierren yn septimber wurde de Lês-mar-foar-wiken organisearre. Mei dy jierlikse kampanje wolle wy omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 oant en mei 8 jier. Oeral yn Fryslân wurdt dan (ekstra) foarlêzen yn it Frysk: op de berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels ek thús! Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern. Hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk.
Tomke & Keimpe
It tema fan 2025 is ‘aventoer’ en slút dêrmei oan op it tema fan de lanlike Kinderboekenweek, dy’t yn oktober plakfynt. Foar de pjutten ferskynt yn dat tema in nij Tomke-boekje, dêr’t by gastâlden en op de pjutte- en berne-opfang út foarlêzen wurdt. Nei ôfrin krije de pjutten it boekje mei nei hûs, sadat bern en âlders thús ek genietsje kinne fan de ferhalen. It boekje ferskynt net allinnich yn it Frysk, mar ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers.
Foar de âldere bern (4 oant en mei 8 jier) ferskynt in nij Keimpe-boekje yn itselde tema, dat elkenien fergees ophelje kin by de biblioteek. Alle basisskoallen krije ek in eksimplaar fan it boekje tastjoerd, om yn de Lês-mar-foar-wiken út foar te lêzen. Der is ek in echte ‘Keimpe Lêsrap’! Skoallen dy’t dêr in live-optreden fan winne wolle, kinne foar 20 septimber in aventoerlike foarlêsfoto ynstjoere nei keimpe@afuk.frl.
Tomke ferskynt net allinnich yn it Frysk, mar ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers.
Oare foarlêsaktiviteiten
Op 13 septimber, mei ‘Uit in Huis’, kinne bern meidwaan oan ús ‘foarlês-speurtocht’ by Tresoar ynLjouwert. Sykje nei de foarlêzers en genietsje fan de ferhalen dy’tst fynst! Op tsjil.omropfryslan.nl binne yn septimber nije bernefilmkes te besjen. En op Tjitsfloch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren! Dêrneist wurde der mei de Lês-mar-foar-wiken ferskate foarlês-, dûns- en muzykfoarstellingen organisearre yn de biblioteken fan Fryslân. Foar bern fan 2 oant en mei 8 jier leit dêr in fergees Tomke- of Keimpe-boekje klear. Dus: lês mar foar!
It Lês-mar-foar-projekt wurdt organisearre troch Afûk, Fers, SFBO, Cedin en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer de Lês-mar-foar-wiken is te finen op lesmarfoar.frl
De tsien winners fan de Gjalp binne tongersdeimiddei 21 augstus yn it Bouwurk fan Arcadia troch deputearre Eke Folkerts bekendmakke. It giet om fiif dichters dy’t in gedicht skreaun hawwe by filmfragminten út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) en om fiif skriuwers dy’t filmideeën ynstjoerd hawwe mei it each op it Noardlik Film Festival fan 5-9 novimber.
De Gjalp is in projekt fan Ensafh, de Moanne en RIXT, dat de Fryske literatuer de kommende jierren op ferskate grutte festivals sichtber meitsje wol om sa talint te stimulearjen en in nij publyk mei Fryske skriuwers en dichters yn ‘e kunde komme te litten.
Winners Gjalp 1: Gedichten by filmfragminten út it FFAA
Tamara Feddema mei it gedicht ‘Winter’ by in fragmint út de film ‘Winter yn Fryslân’ (1954-1956) fan Sjoerd Steensma
Remco Kuiper mei it gedicht ‘Wite Iensumens’ by in fragmint út in film fan Piet Wagter oer de Alvestêdetocht fan 1941
Myrte Marije Veenbaas mei it gedicht ‘Held op sokken’ in fragmint út in film fan Hein Faber oer de PC yn Frjentsjer fan 1946
Ruerd Smaling mei it gedicht ‘Mem’ by in fragmint út de doarpsfilm oer Sint Jabik fan Johan Adolfs en Piet Hembrecht út 1952
Marije de Lange mei it gedicht ‘Pretty up high!’ by in fragment út de film ‘From Friesland with Love’ (1990) fan Anton Stoelwinder
Winners Gjalp 2: Filmideeën foar fierdere ûntwikkeling op nei it Noardlik Film Festival
Erik de Boer mei in idee foar in ‘Fryske Ursonate’ nei de dadaïst Kurt Schwitters, mei in pastiche fan Fryske filmbylden’
Janneke Brakels en 2-INCH mei in idee foar ‘Wêrom’t de see my ropt’, in koarte young adult-film
Hein Jaap Hilarides mei ‘De tradysje fan de Fryske film’, in idee foar in (film)essay oer byld en selsbyld yn de Fryske film
Jorrit de Klerk mei in idee foar ‘Harlingen Groate Freet, Klein Hartje’, in film oer Harns en de Harnzers
Sina Keuning en Anne Fie Salverda mei ‘Te plak’, in live performance mei visuals en animaasjes
Nijsgjirrich nei it wurk fan de winners? Hâld it Noardlik Film Festival (5-9 novimber) yn ‘e gaten! Dêr wurde de poëzyfilmkes fertoand en fine optredens plak fan in tal winners fan De Gjalp.
Met de verkiezingen veur de deur vliegt de wollige beloften en vage beleidstaol oes weer um de oren. Het Huus van de Taol komp daorum met Managen op zien Drèents – diel 2: een neie portie management- en vergaderjeukwoorden, vertaold in de streektaol. Helder, humoristisch en handig veur politici die de kiezer écht bereiken wilt.
‘t kun minder
Nao het grote succes van Managen op zien Drèents komp de streektaolorganisatie nou met diel 2. Het eerste A4-tie met management- en vergadertermen in het Drèents is massaal dield en bespreuken, van kantoren tot in raodszalen. Elkenien har der wat over te zeggen. En: der kwamen zóveul suggesties binnen dat een vervolg niet oetblieven kun.
Diel 2 zit vol met neie jeukwoorden die in het Drèents een stuk helderder klinkt. Waor ‘lean & mean’ in het Engels al wollig andöt, is ‘loos & stark’ in het Drèents geliek dudelijk. En in plaots van ‘best practices’ kuj gewoon zeggen: ‘Wat het best warkt’.
Directeur Renate Snoeijing: ‘Diel 1 leut zien hoe groot de honger is naor klaore taol. Met diel 2 laow zien dat er nog zat jeukwoorden rondzweeft die makkelk naor het Drèents um te zetten bint. Dat levert niet allent een lach op, maor veural ok betere communicatie. En dat is belangriek want wie het simpel zeg, wordt beter heurd.’
De volledige liest van Managen op zien Drèents – diel 2 is gratis te kriegen via huusvandetaol.nl/managen
De streektaolorganisatie neudigt bedrieven, overheden en organisaties oet um de liest te gebroeken en zo bewuster um te gaon met vaktaol en bedriefstermen.
Huus van de Taol
Het Huus van de Taol is de streektaolorganisatie die het Drents anfietert met as doel um het een taol te laoten weden waor de gebroekers wies met bint en die de niet-gebroekers waardeert.
Dr. Little (University of Sheffield) praat oer ‘Rivers of Multilingual Reading: how to embed multilingualism into everyday literacy practice’.
Dr. Sabine Little is ferbûn oan de University of Shefffield as Senior Lecturer in Educational Studies (Languages Education) en Senior Fellow of the Higher Education Academy.
“Children’s reading in home or heritage languages is typically absent from curriculum discourse, and teachers are pressured to meet targets which are almost exclusively tied to the societal language. And yet, helping pupils to draw on their multiple languages encourages an asset-based model of multilingualism. In this talk, I will present the Rivers of Multilingual Reading methodology as a way to bridge the home/school gap, and as a way to understand multilingual children’s reading habits not just in isolation, but as an integrative and integrated aspect of their identity.”
Opjaan Mercator Multilingualism Lecture (online)
De Mercator Multilingualism Lecture fynt plak op tiisdei 14 oktober om 16.00 oere. Oanmelde foar it Teams evenemint kin fia Mercator Europeesk Kennissintrum.
It tema fan dizze edysje fan de Speech Synthesis Workshop yn Ljouwert is “Scaling down: sustainable synthesis for language diversity / duorsume synteze foar taaldiversiteit”. De Blizzard Challenge, op de lêste dei fan de workshop-wike, past yn dit tema en giet de útdaging oan om in digitale Biltske stim te ûntwikkeljen en ta te passen. Bysûnder, want it Biltsk is mar in hiel lytse taal yn Nederlân (Fryslân) dy’t likernôch sa’n 10.000 earste- en twadde-taalsprekkers hat.
Foar de Blizzard Challenge 2025, dêr’t wittenskippers fan oer de hiele wrâld oan meidogge, is in dataset gearstald fan heechweardige audio-opnamen mei byhearrende taalkundige boarnen. De kar foar it Biltsk stelt dielnimmers foar de útdaging om syntezemooglikheden te ûntwikkeljen foar in goed dokumintearre, mar gegevensearme taalfariant, dy’t represintatyf is foar de tûzenen lytsere talen dy’t baat hawwe kinne soene by spraaktechnology.
Begjin augustus binne by it Frysk FIlmfûns de oanfraachformulieren iepene foar de twadde omgong, dat de deadline hat op 1 oktober 2025.
Koart
Regeling Koart is bedoeld om korte filmproducties te stimuleren die geworteld zijn in Fryslân – in taal, landschap en cultuur.
Untwikkeling
Met deze regeling ondersteunt het Frysk Film Fûns de ontwikkeling van ambitieuze (high-end) series en lange speelfilms of documentaires, waaronder ook lange animatiefilms, met Friese wortels
Production incentive
De Production Incentive is bedoeld om regionale en (inter)nationale film- en televisieproducties te stimuleren om te draaien in Fryslân.
Het Frysk Film Fûns is sûnt july 2025 it earste en iennichste Nederlânske filmfûns dat talitten is ta it Europeeske netwurk Cineregio. Dat is in kollektyf fan mear as 50 regionale filmfûnsen út û.o. Noarwegen, Sweden, Ierlân, Dútslân, Denemarken en Italië.
It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) is in koepelorganisaasje dy’t har sûnt 1984 ynset foar de promoasje en beskerming fan autochtoane minderheidstalen yn Nederlân. It EBLT hat mear as tweintich lidorganisaasjes, dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamintsk.
Mei it each op de Twadde Keamerferkiezings fan oktober 2025, hat it EBLT yn july in brief ferstjoerd nei dielnimmende politike partijen, mei sân kearnpunten foar de minderheidstalen Frysk, Papiamintsk, Nedersaksysk en Limboarchsk dy’t partijen opnimme kinne yn harren ferkiezingsprogramma’s.
Sân kearnpunten
Friezen moatte altiten Frysk prate kinne by de rjochtbank Noard-Nederlân en it gerjochtshôf Ljouwert-Arnhim, lykas wetlik fêstlein sûnt 1956[1]. It Frysk is gjin útlânske, mar in lânseigen taal. De finansiering fan de offisjele gerjochtstolken Frysk wurde apart regele en falle net langer ûnder de oanbestegingsproseduere foar tolken fan útlânske talen.
Kultuersubsydzjes wurde lykweardich en rjochtfeardich oer alle provinsjes ferdield. In earmerke part fan de filmsubsydzjes komt te’n goede oan produksjes yn ’e erkende minderheidstalen[2] fan it Frysk, Limboarchsk, Nedersaksysk en Papiamintsk.
Der komt in strukturele dialooch tusken regearing en parlemint mei de fertsjintwurdigers fan de sprekkers fan de regionale of minderheidstalen. Dat soe kinne yn ’e foarm fan in Minderhedesektetariaat, lykas dat yn Dútslân funksjonearret.
Fersterkje it ûnderwiis fan en yn it Frysk op alle ûnderwiisnivo’s. Op alle middelbere skoallen hawwe learlingen de mooglikheid om it Frysk te kiezen as eineksamenfak. As dat nedich is, foarsjocht de oerheid yn ekstra finansiering.
De partij set yn op fierdere ûntwikkeling en fersterking fan meartalich ûnderwiis mei dêryn romte foar it Frysk, Nedersaksysk, Limboarchsk en Papiamintsk, yn oerienstimming mei de ambysjes dy’t yn ’e regio libje.
It Frysk en Papiamintsk binne offisjele talen en foarmje mei it Nederlânsk de rykstalen. De partij set yn op in bettere sichtberens fan it Frysk as twadde rykstaal, ûnder mear op treinstasjons en ferkearsbuorden. Bekendmakkingen fan ’e (Ryks)oerheid foar it algemiene publyk binne struktureel sawol yn it Nederlânsk as it Frysk beskikber.
De posysje boargje fan organisaasjes dy’t de pylders fan ’e Fryske taal en kultuer foarmje, lykas Omrop Fryslân, Tryater, de Fryske Akademy, Afûk en Tresoar.
[2] Erkende (minderheids- of regionale) talen yn Nederlân binne: Frysk, Papiamintsk, Nederlânkse Gebeartetaal, Nedersaksysk, Limboarchsk, Jiddysk en de talen fan ’e Roma en Sinti.
Al meer as 25 jaor is de combinatie van Drentse schrieverij, meziek en eten geliefd. Streektaolorganisatie Huus van de Taol organiseert daorum vanof september een nei seizoen Taal an Taofel in Noord-Slien en Nörg.
Vrijwilligers van Huus van de Taol bint drok gangs met de veurbereidingen van het neie seizoen van Taal an Taofel. Op acht zundagen, van september tot an april, kunt bezukers naor streektaolschrievers en -artiesten lustern. In de middagpauze kreg elkenien te eten. En dat is aal keren wat aans, van een 12-uurtje tot stamppot an toe. Taal an Taofel begunt um 11.00 uur en stopt um 14.00 uur. De entree is € 25,00. En daor kriej dan een kop koffie/thee en eterij veur.
Dit jaor is Taal an Taofel in Restaurant-Zalencentrum Wielens in Noord-Slien en in Café-Zaal Zwaneveld in Nörg. Op zundag 14 september is de oftrap in Nörg, waor het publiek lustern kan naor poëzie en verhaolen van Harma de Roo en Johan Veenstra. De meziek die dag is van Sylvia Fledderus. Op 19 oktober kuj naor Noord-Slien. Bezukers kunt daor genieten van poëzie en verhaolen van Anne Doornbos en Toendertied. Martin Hietkamp verzörgt de muziek.
Praktische informatie Taal an Taofel seizoen 2025-2026
In Noord-Slien is Taal an Taofel op 19 oktober, 14 december, 8 febrewaori en 12 april. Risserveren kan tot de dunderdag derveur.
In Nörg is Taal an Taofel op 14 september, 16 november, 17 jannewaori en 15 meert. Risserveren kan tot de dinsdag derveur.