Wat it slavernijferline no mei ús docht. Byienkomst oer diversiteit en ynklusy yn Fryslân
We meie op 1 july dan wol betinke dat it 150 jier lyn is dat Nederlân de slavernij yn de eardere koloanjes ôfskafte, mar hoe wurket dat ferline noch altyd troch yn ús maatskippij? Oer dy fraach organisearret Tresoar op tongersdei 22 juny in temajûn, yn gearwurking mei opinyblêd De Moanne en FryslânDOK, dokumintêreplatfoarm fan Omrop Fryslân. Op dizze jûn wolle we ûndersykje hoe ynklusyf de Fryske maatskippij no echt is. Wurket it slavernijferline noch altyd troch yn ús hâlden en dragen ten opsichte fan minsken mei in ôfkomst fan de eardere wingewesten?
(ûn)lykwurdigens
De Moanne ferskynt healwei juny mei in edysje dy’t folslein yn it teken stiet fan dit tema ûnder de paraplu fan (ûn)lykwurdigens. Yn dizze edysje lêst ûnder mear in grut artikel mei in fraachpetear mei Jaleesa Schiphorst, wichtich adfiseur foar de Pier21-foarstelling Un dia nobo – Wan nyun dey – In nije dei en bestjoerslid Comité 30 juni / 1 juli Fryslân.
slavernijferline yn Fryslân
FryslânDOK stjoert ein juny twa ôfleverings út wêryn’t sjoen wurdt nei de trochwurking fan it slavernijferline yn Fryslân. By de slavehannel tinke we gau oan VOC en WIC en ‘dus’ oan Amsterdam, mar ek yn Fryslân wennen keaplju dy’t oandielen hienen yn plantaazjes mei slavenarbeid, of seelju dy’t meiwurken oan it transport fan minsken of guod fan dizze plantaazjes. FryslânDOK praat mei ynwenners fan ús provinsje dy’t woartels ha yn dizze histoarje oer wat sa’n ferline noch altyd mei har docht. Boppedat sjogge de programmamakkers hoe’t de ekonoamyske machtsbasis dy’t yn de koloniale tiid lein waard, noch altyd hannels-ûngelikensens yn stân hâldt – wat bygelyks sichtber is yn it bakje kofje dat wy alle dagen drinke en dat noch altyd in produkt is fan ûnearlike hannel.
Byienkomst oer diversiteit en ynklusy yn Fryslân
Yn kafee De Gouden Leeuw fan Tresoar sjogge en harkje we nei dizze ferhalen en prate dêr fierder oer. De makkers fan De Moanne en FryslânDOK skowe oan, tegearre mei gasten dy’t yn harren ferhalen foarkomme, wêrûnder Jaleesa Schiphorst. Mei har en oaren prate we oer de hâlding dy’t de maatskippij oannimt ten opsichte fan dit tema en hoe’t de media hjir in rol yn spile ha en yn spylje kinne.
De byienkomst begjint om 20:00 oere en is fergees by te wenjen. Wol freegje we dy om in plak te reservearejen yn ferbân mei de beskikberheid. Reservearje kin hjir.