It is hjoed de Europeeske Dei fan de Talen!

It EBLT, Europeesk Buro foar Lytse Talen, en it Mercator Europeesk Kennissintrum (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) brochten dêrom hjoed in besite oan Firda by de oplieding Travel & Hospitality. Sy sleaten oan by in les Meartalige Kommunikaasje yn de Beropspraktyk dy’t Tsjikke van der Veen en Wieger van Keulen fan de Afûk fanút Wy binne mbû en it Praktoraat Frysk & Meartaligens dêr fersoargen foar sa’n 30 earstejiers studinten, yn gearwurking mei dosint Ingelsk Marcel Keizer.

Janneke Brakels yn de klasse. Foto: EBLT

Meartalige les

Mei meardere talen – it Frysk, Biltsk, it Amelânsk en it Ingelsk – en ûnder lieding fan Janneke Brakels hawwe de studinten oan ’e slach west mei meartaligens. Doel is de studinten bewust te meitsjen fan lytse talen en harren te stimulearjen om iepen te stean foar oare talen yn de toeristyske sektor, harren takomstige fakgebiet. It giet dan om it Ingelsk en Frysk, mar bygelyks ek it Grinslânsk, Stellingwerfsk en Biltsk. 

Gerard de Jong fan it EBLT, Jelske Dijkstra fan Mercator Europeesk Kennissintrum en Jacob Roep fan Tresoar fersoargen in moaie yntroduksje oer de ferskillende lytse talen en ús meartalige provinsje. De studinten diene dêrnei in spul mei ferskillende stellingen, om sa sichtber te meitsjen hoe’t studinten omgeane mei talen. 

Tsjikke van der Veen: “Mei dizze moarn kreëarje wy bewustwêzen by de studinten fan dy meartaligens yn ús provinsje en se ûnderfine dat it handich is om mear talen prate en ferstean te kinnen yn dizze toeristyske sektor. Dat kin bygelyks liede ta it bewust kiezen foar in kardiel (keuzedeel) Frysk of in oare taal yn de oplieding.”

By in feestlike dei as Europeeske Dei fan de Talen heart ek gebak.

Oer de organisaasjes

It EBLT is in koepelorgaan dat de promoasje en beskerming fan de minderheidstalen yn Nederlân neistribbet. Der binne mear as tweintich EBLT-lidorganisaasjes, dy’t harren ynsette foar it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en hat as missy it opdwaan, tapassen en it fersprieden kennis op it mêd fan meartaligens en taallearen. De fokus fan Mercator leit benammen op de regionale en minderheidstalen yn Europa.

‘Wy binne mbû’ is in gearwurkingsferbân tusken Aeres, Firda en Afûk mei as doel de posysje fan it Frysk yn it mbû it fersterkjen. It is ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *