Pjutten Burum massaal nei iepening Heit&Mem-beurs

Reis nei Ljouwert as startskot twatalige berne-opfang Burum 

Op freed 25 oktober is it stil yn Burum. Goed 20 pjutten fan pjutteboartersplak Pinkelotje en bernedeiferbliuw Vila Kakelbont – beide oansletten by Amarins Kindercentra – binne dan nei Ljouwert foar de iepening fan de Heit&Mem beurs. De pjutten sille dêr persoanlik de flachjes oerlange dy’t se yn it ramt fan de Tomke-wedstryd makke hawwe foar dat evenemint.

De reis hat in spesjale oanlieding. It pjutteboartersplak en it bernedeiferbliuw fan Burum sette nei de hjerstfakânsje útein mei in twatalich belied. Al hoewol’t de measte bern yn Burum fan-hûs-út Nederlânsktalich binne, fine de âlden it wichtich dat harren bern ek it Frysk meikrije en harren sadwaande meartalich ûntwikkelje. Mei de ekspedysje nei Ljouwert wolle âlden en lieding in feestlik startskot jaan oan it trajekt om sertifisearre te wurden as twatalige instelling.

Heit&Mem beurs

De Heit&Mem-beurs is op 25, 26 en 27 oktober yn it WTC-expo yn Ljouwert. De spiksplinternije beurs rjochtet him mei “alles” wat mei bern te krijen hat op oansteande en nijbakken âlders en gesinnen mei pjutten, beukers en bern oant 12 jier. En net te ferjitten op de bern sels en op harren pakes & beppes. Op de beurs is Tomke fansels ek oanwêzich om alle pjutten in hantsje te jaan, mei se te dûnsjen, te lêzen, sjongen en noch folle mear. Ek foar de âldere bern binne der leuke aktiviteiten lykas in foksejacht, it bakken fan grizeltaarten, sels in Heit & Mem & Ik-tydskrift meitsje of in nammestimpel ûntwerpe. De hiele dei lêze bekende skriuwers foar yn in grutte tipi mei spannende en leuke ferhalen voor jong & âld.

Provinsjale ûnderwiisbelied

De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. Doel dêrfan is alle pjutten yn Fryslân de kâns te bieden har meartalich te ûntwikkeljen, mei it each op de maatskiplike en taalkundige foardielen dy’t soks biedt. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om organisaasjes foar pjuttewurk en berne-opfang te helpen by de ynfiering fan in Frysk- of meartalich belied. It tal lokaasjes dat dêrmei wurket stiet boppe de 140 en is noch altyd groeiende.

Yn Kollumerlân wurkje twa lokaasje mei in formeel twatalich belied. Neist de lokaasje fan Amarins Kindercentra yn Burum is dat it partikuliere bernedeiferbliuw Thuishuis Twinkel yn Kollum.

Amarins Kindercentra

Amarins Kindercentra fersoarget pjuttewurk en berne-opfang yn de gemeenten Achtkarspelen, Kollumerlân en Dantumadiel. Op in soad lokaasjes wurdt mei VVE wurke. De organisaasje is in foarstanner fan meartalich belied. Underwilens binne 4 pjutteboartersplakken fan Amarins Kindercentra sertifisearre as twatalige instelling, nochris 2 lokaasjes binne dwaande mei dat trajekt.

Pinkelotje en Vila Kakelbont

Pjutteboartersplak Pinkelotje en bernedeiferbliuw Vila Kakelbont binne húsfêstige yn in pand oan de Herestraat yn Burum. Bern dy’t op it bernedeiferbliuw sitte meie ek gebrûk meitsje fan it pjutteboartersplak. De ynstelling wurdt wykliks troch sa’n 35 bern besocht.

Burum leit op ‘e grins mei Grinslân. De measte bern binne fan-hûs-út Nederlânsktalich. Dochs hawwe de âlden yn it doarp oanjûn priis te stellen op in struktureel plak foar it Frysk yn it pjuttewurk en de berne-opfang. De liedsters sille dêr nei de hjerstfakânsje fol entûsjasme mei oan de gong.

Boarne: SFBO

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *