28e Ynterfrysk Kongres: De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne

Fan 15-17 septimber hat it 28e Ynterfrysk Kongres plak yn Ljouwert en Dokkum. It tema fan it kongres is: De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne.

It Ynterfrysk Kongres wurdt organisearre troch de Fryske Rie en is dit jier yn gearwurking mei de ynternasjonale Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen, organisearre troch û.o. de Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle en Ryksuniversteit Grins. Dielnimmers fan it Friezenkongres kinne harren oanslute by de publyksmiddeis fan 15 en 16 septimber. Op 17 septimber organisearret de Fryske Rie it sympoasium mei de titel De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne.

Sprekkers

De haadsprekkers op it sympoasium fan 17 septimber binne binne û.o. Nelleke Ijssennagger van der Pluijm en Han Nijdam (Fryske Akademy), Pieter van der Valk (Universiteit Wageningen) en Ynze Salverda, Martin Cnossen en Otto Knottnerus.

Nei it sympoasium is der in ekstra program mei in rûnlieding troch de Bonefatiuskapel en oekumenyske meartalige tsjerketsjinst en de jûns sil der ôfsluten wurde mei muzyk.

De útnûging en it folsleine programma (FRY, NL, DE) is hjir te finen.

Lokaasje en opjefte

It sympoasium op sneon 17 septimber hat plak yn Dokkum, yn De Ijsherberg oan de Harddraversdijk 1.

Kosten dielnimmers Deiprogram 25 euro, ynklusyf jûnsiten en jûnsprogram 52,50 euro, koarting studinten 7,50 euro. It opjefteformulier is te finen yn de flyer.

Dútske premjêre Fryske film Stjer by 21ste ‘Friesendroapen’ op Hilgelân    

Sneon 21 maaie is op Hilgelân (Helgoland) de Dútske premjêre fan de Fryske aksjekomeedzje Stjer. It is ien fan de programmaûnderdielen fan it 21ste Friesendroapen dat fan 20 oant en mei 22 maaie plakfynt. De Frysktalige bioskoopfilm fan de band De Hûnekop en regisseur Janko Krist is op 6 septimber 2021 útkaam en wurdt yn opdracht fan de Fryske Rie spesjaal foar dizze gelegenheid fan Dútske ûndertitels foarsjoen troch Geertrui Visser yn oparbeidzjen mei dr. Claas Riecken fan it Nordfriisk Instituut.

Filmposter Stjer

Freedtejûn 20 maaie draait de film ‘Der Krug an der Wiedau’. De earste Noardfryske film ea. In komyske misdiefilm yn fiif talen: it Noardfrysk, Suderjysk (Súd-Jutlânsk), Platdútsk, Deensk en Dútsk. Dy film is in koproduksje fan it Nordfriisk Teooter yn Husum en de Bund Deutsche Nordschleswiger fan de Dútsktalige minderheid yn Denemarken en regisearre troch Gary Funck. Begjin fan it jier is de film fan Fryske ûndertitels foarsjoen troch Geertrui Visser foar de premjêre yn Nederlân, dat organisearre wie op Ynternasjonale Memmetaaldei troch it EBLT, Mercator Europeesk Kennissintrum en Slieker Film.

“Wy bin bûn, ferparte mar nea oerwûn…” sa begjint it nije Ynterfryske liet wêrfan’t de tekst troch de dielnimmers fan in wurkwinkel wilens it Friesendroapen yn 2019 skreaun waard ûnder begeleiding fan de Fryske folkband Baldrs Draumar. It is no op muzyk set en dit Friesendroapen is Baldrs Draumar presint om it nije Ynterfryske Liet foar it earst live nei foaren te bringen. It doel fan it liet is om de ferbining tusken de Fryslannen te beklamjen en te fergrutsjen.

Oan it begjin fan de sechstiger jierren ûntstiene de earste oerwagingen foar in ynterfryske gearkomste foar alle leeftiidsgroepen. Yn 1962 wie it earste treffen op Hilgelân, dat om ‘e trije jier East-, West- en Noard-Friezen yn de betide simmer foar trije dagen nei it eilân lûkt. 20–22 maaie 2022 is it wer safier. De organisaasje wikselet om ‘e trije jier fan seksje en dit jier is de organisaasje yn hannen fan de Frasche Rädj (Sektion Nord). De Fryske Rie is presint mei sa’n 60 dielnimmers, wêrûnder De Fryske Dûnsers.

EBLT, Mercator en Slieker hawwe premjêre fiiftalige film op Memmetaaldei

Op 21 febrewaris is it de Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjtatyf fan de Feriene Naasjes. Yn it ramt dêrfan organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film de Nederlânske premjêre fan de meartalige film Der Krug an der Wiedau/Æ kro ve æ Virå/ E krouf bai e Wiidou/ De Krooch an de Wiedau/ Kroen ved Vidåen.

Yn de humoristyske krimy wurdt op it stek tusken Denemarken en Dútslân in lyk fûn, de holle yn it iene lân en de fuotten yn it oare. Fanwegen it deadlik grinsgefal moatte sawol in Dútske en in Deenske resjersjeur op paad om de saak op te lossen. Oft de stamgasten fan de lokale kroech harren dêrby helpe sille is mar de fraach.

Screenshot fan de film, mei it lyk op it stek foar wylde swinen. © Bund Deutscher Nordschleswiger

De film is tige bysûnder, want yn dy kroech klinkt der folle mear as allinne mar bierglêzen. Dêr wurde nammentlik op natuerlike en lykweardige wize de fiif talen praat fan de streek yn Sleeswyk. It giet om it Noardfrysk, Suderjysk (Súd-Jutlânsk), Platdútsk, Deensk en Dútsk. Dy meartalige situaasje is troch de jierren hinne ûntstien en elk is wend om de eigen taal te praten en de oare talen yn alle gefallen te ferstean.

De film is regissearre troch Noardfries Gary Funck. It is in koproduksje fan it Nordfriisk Teooter yn Husum en de Bund Deutsche Nordschleswiger fan de Dútsktalige minderheid yn Denemarken. Op 21 febrewaris wurdt de film noch meartaliger, mei’t de film yn it Frysk ûndertitele wurdt, mei tank oan Geertrui Visser.

It is alwer de achtste kear dat it EBLT en Mercator yn gearwurking mei Slieker Film films en dokumintêres oer en mei taalminderheden presintearje mei de Memmetaaldei. It EBLT is in koepelorgaan dy’t him ynset foar de promoasje en beskerming minderheidstalen yn Nederlân. By it EBLT sitte mear as tweintich organisaasjes dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.

Trailer

De film is allinnich te te sjen op Ynternasjonale Memmetaaldei, moandei 21 febrewaris, yn Slieker Film, Ljouwert. Der binne twa foarstellings mei de feestlike premjêre om 14:30 oere en in twadde fertoaning om 20:00 oere.

Fanwege de beheinde kapasiteit yn de bioskoop is it ferstannich om yn’t foar kaartsjes te keapjen by Slieker Film.

Lidorganisaasjes en gasten fan it EBLT kinne harren oanmelde fia de útnûging of by it sekretariaat.

Ynternetkonsultaasje 15% Ingelsk, Dútsk of Frânsk op de basisskoalle

Foto: Mercator Research Centre
De Ryksoerheid freget fia de saneamde “Internetconsultatie” om reaksjes op it wetsfoarstel om njonken it Nederlânsk ek oare Europeeske talen ta te stean as ‘dielfoertaal’ yn it basisûnderwiis. It giet om in wetswiziging fan artikel 9, tsiende lid, fan de “Wet op het primair onderwijs” en artikel 18 fan de “Wet op de expertisecentra” om skoallen de mooglikheid te jaan ta 15% fan de ûnderwiistiid yn it Ingelsk, Dútsk of Frânsk oan te bieden.

Mocht dit ûnderwerp jo tige oansprekke, dan kinne jo fan de ynternetkonsultaasje gebrûk meitsje fia dizze link. Jo kinne reagearje oant ‘e mei 13 maaie.