It prachtige bekroande berneboek Gozert, skreaun troch Pieter Koolwijk, is no oersetten nei it Frysk troch Rymke Zijlstra. De boekpresintaasje is op woansdei 7 febrewaris, tagelyk mei de premjêre fan de teäterfoarstelling ‘Gozert’ foar basisskoallen, spile troch Jeugdtheater Frets.
Yn gearwurking mei Utjouwerij Afûk is Rymke Zijlstra frege om de Fryske oersetting te fersoargjen. Rymke hat mei in soad wille oan dizze oersetting wurke.
“It ferhaal fan Gozert is prachtich en hat in belangryk boadskip. Ik bin bliid dat bern de kâns krije om dat moaie boek no ek yn it Frysk te lêzen.”
Rymke Zijlstra
Yn 2021 waard Gozert bekroand mei de Gouden Griffel foar it bêste berneboek. Om’t de teäterfoarstellingen yn Fryslân yn it Frysk opfierd wurde, ûntstie it idee om it berneboek ek oer te setten.
De Ried fan de Fryske Beweging is bot skrokken fan it berjocht dat meiwurkers fan de ING Bank gjin Frysk prate meie soene oan de telefoan tsjin klanten. De Ried hat sels in rekken by ING en wit dat de bank graach maatskiplik belutsen wêze wol. De Ried wol dêrom yn petear mei de bank oer syn hâlding tsjin de Fryske taal oer om opheldering te krijen oer it foarfal en misferstannen de wrâld út te helpen.
It nijs kaam oan it ljocht nei oanlieding fan in melding fan rjochtbanktolk Fedde Dijkstra, in klant fan ING. Dijkstra spruts oan de telefoan mei in meiwurker fan ING dy’t wol Frysktalich is, mar dat fan de bank net prate mocht. Neffens de bank hat dat te krijen mei de technology dy’t brûkt wurdt om petearen fan meiwurkers te analysearjen.
“In bank dy’t der foar elkenien is, soe der ek foar de Friezen wêze moatte. It is ûnbesteanber dat twa Friezen ûnderling gjin Frysk prate meie,” lit bestjoerslid Pieter de Zwart út namme fan de Ried fan de Fryske Beweging witte. Neffens de Ried meie technologyske beheiningen it rjocht om Frysk te praten net yn de wei stean. “Wy tinke graach mei ING mei oer hoe’t sy dat oplosse kinne. Dêrom hawwe wy de bank fia in brief benadere om yn petear te gean.”
De Ried fan de Fryske Beweging giet derfan út dat ING ree is om yn petear te gean. En as dat net sa is? “Dan sille wy ús nochris beriede oer wat wy mei ús rekken by de bank dogge, mar lit ús earst it goede petear mar ris oangean”, sa seit De Zwart.
Op 21 febrewaris is it de Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes. Yn it ramt dêrfan organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film de Nederlânske premjêre fan de suksesfolle Dútske film Mittagsstunde fan regisseur Lars Jessen.De film is basearre op de bestseller mei deselde titel fan skriuwster Dörte Hansen. Der binne twa ferzjes fan de film makke: ien mei dialogen yn it Platdútsk, en ien mei dialogen yn it Heechdútsk. It EBLT presintearret de Platdútske ferzje, mei ûndertitels yn it Frysk.
Mittagsstunde
Mittagsstunde (“middeisoere”) folget universitêr dosint Ingwer (47) út Kiel, dy’t in sabbatical nimt omdat syn âldelju Sönke en Ella op it Noard-Fryske plattelân harren sels net mear rêde kinne. Heit is kwetsber, mar besiket achter de rollator stân te hâlden as kroechbaas en mem is it paad hieltiid mear bjuster. Ingwer komt der al gau achter dat net allinnich syn aldelju feroare binne, mar ek it doarp Brinkebüll. De skoalle en de winkel binne ticht en de kastanjebeammen yn de buorren moatte wike foar de grutte frachtauto’s en lânboumasines. Fan de mienskip is net folle mear oer…
De wat mankelike film Mittagsstunde giet oer de bysûndere famyljeskiednis fan Ingwer en de – ek foar ús Fryslân – tige werkenbere feroarings op it plattelân en wat dy mei de minsken dogge. Wat bynt de plattelânsbewenners noch as alles ferdwynt?
Nederlânske premjêre
Boek én film hawwe yn heech tempo it Dútske taalgebiet ferovere. De film wie de bêst besochte filmhûsfilm fan Dútslân yn de winter fan 2022/2023. De Dútske media wiene loovjend en neamden de film ‘in Noarddútske pearel’ en de film waard priizge as humoristysk, weemoedich en gefoelich.
Mittagsstunde wie net earder te sjen yn in Nederlânske bioskoop of filmhûs. EBLT, Mercator en Slieker bringe dêr feroaring yn en presintearje de film ûnder de Fryske titel Middeisoere. De premjêre wurdt in meartalige fertoaning. Yn de film wurdt neist it Dútsk benammen in soad Platdútsk sprutsen, in taal dy’t besibbe is oan it Nedersaksysk. De film wurdt troch Geertrui Visser foarsjoen fan ûndertitels yn it Frysk.
Ynternasjonale Memmetaaldei
It is alwer de tsiende kear dat it EBLT mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film dokumintêres of films oer en mei taalminderheden presintearje op ’e Ynternasjonale Memmetaaldei.
EBLT
It EBLT is in koepelorgaan dat de promoasje en beskerming fan de minderheidstalen yn Nederlân neistribbet. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.
Wês wolkom
De film is te te sjen op Ynternasjonale Memmetaaldei, woansdei 21 febrewaris, by Slieker Film, yn Ljouwert om 19:30 oere. De film wurdt nochris werhelle op sneon 24 febrewaris om 13:30 oere. Kaarten binne te ferkrijen foar 11,50,-
Kampanje foar pakes en beppes: Praat mar Frysk, ek mei dyn bernsbern
pakes en beppes & meartalige ûntwikkeling
Fan 9 o/m 23 jannewaris is der ekstra omtinken foar de pakes en beppes yn Fryslân. Mei de pake & beppe-kampanje wol de Afûk (oansteande) pakes en beppes bewust meitsje fan de bysûndere rol dy’t sy spylje kinne yn de taalûntwikkeling fan harren bernsbern. As mei-opfieder kinne pakes en beppes de twa- of meartalige ûntwikkeling ekstra stimulearje, hielendal as sy geregeld oppasse. Boppedat kinne sy de Fryske taal dochs oan harren bernsbern meijaan, as dy benammen yn it Nederlânsk grutbrocht wurde.
Yn de kampanjeperioade hingje rûnom yn de provinsje posters mei de fraach ‘Wurdsto pake of word jij opa?’ en ‘Wurdsto beppe of word jij oma?’. Op www.pakebeppe.frl is mear ynformaasje te finen en wurde tips jûn foar it stimulearjen fan de twatalige ûntwikkeling.
Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek
De start fan de pake&beppe-kampanje is op sneon 13 jannewaris om 11 oere by Van der Velde Boeken yn Snits. Jan Arendz sil dan foarlêze út It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek fan Mirjam van Houten. Dat prachtige nije foarlêsboek bestiet út mear as tweintich foarlêsferhaaltsjes, spesjaal geskikt om foarlêzen te wurden troch pakes en beppes oan bern fan 2 oant en mei 6 jier. Mei in QR-koade yn it boek kinst de ferhaaltsjes ek noch belústerje. De ferhalen binne ynsprutsen troch Hilly Harms, Leny Dykstra, Jan Arendz en Joop Wittermans.
Dy foarlêzers lêze live foar:
Op freed 19 jannewaris om 11.00 oere lêst Leny Dykstra foar yn de Afûkwinkel yn Ljouwert
Op sneon 20 jannewaris om 11.00 oere lêst Joop Wittermans foar by Van der Velde Boeken yn Drachten
Op sneon 27 jannewaris om 11.00 oere lêst Hilly Harms foar by Boekhandel Burgum.
oppastas
Spesjaal foar de pakes en beppes dy’t oppasse (sille) is in prachtige ‘oppastas’ te keap, mei dêryn It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek, in kuierbingo, in boekje mei oppastips en oare aardichheidsjes. In moai kadootsje foar oansteande pakes en beppes of as in tankjewol foar al it oppassen! De tas is te keap yn de Afûk Fryske Boek- en kadowinkel en fia websjop.afuk.frl.
It Mercator Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen yn Ljouwert, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, hat op ’e nij in Europeeske subsydzje takend krigen. Mei dizze stipe út it Erasmus+ programma foar ûnderwiis & training, jeugd en sport, sil Mercator it projekt Read with MEE koördinearje, dat as doel hat om lêsfeardigens by jonge meartalige bern te stimulearjen en lykweardige edukative kânsen te befoarderjen. It projekt wurdt útfierd yn oparbeidzjen mei partners út Fryslân (NHL Stenden Hegeskoalle en 8D Games), Ierlân, België en Spanje.
Read with Multilingual Early Education (Read with MEE)
Oan ’e ein fan desimber set it Europeeske projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) útein. Read with MEE wol de belangrike lêsfeardigens by jonge meartalige bern (tusken de 2 en 6 jier âld) stimulearje en lykweardige edukative kânsen kreëarje. De klam fan it projekt leit by bern dy’t in nasjonale, regionale, migrante- of flechtlingeminderheidstaal prate. Dêrby kin yn Fryslân bygelyks tocht wurde oan Fryske, Biltske, Turkske of Oekraynske bern.
It projekt hat as doel om a) kennis te fergrutsjen oer in ynklusive ûntwikkeling fan meartalige lêsfeardigens, b) ymplemintaasje en ynklúzje fan meartalige lêsfeardigens op foarskoalsk ûnderwiis en thús te stypjen, en c) in positive hâlding te ûntwikkeljen wat taalferskaat en thústalen oangiet.
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen sil dit nije Erasmus+ projekt koördinearje. Partners yn it projekt binne ATiT (België), NHL Stenden Hegeskoalle (Ljouwert), 8D Games (Ljouwert), Trinity College Dublin (Ierlân) en Universidad del País Vasco (Spanje).
Read with MEE wurdt stipe troch de Europeeske Uny mei in bedrach fan €400.000,-.
foto: Pixabay
Oer Mercator en de Fryske Akademy
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje oer regionale en minderheidstalen yn Europa. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa.
De Fryske Akademy docht, dielt en fasilitearret wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf. De fokus leit dêrby op taal en meartaligens, skiednis en erfgoed, de minske en syn omjouwing en de ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren; it leafst yn dwersferbân en yn komparatyf perspektyf. Fan septimber 2023 oant septimber 2024 fiert de Fryske Akademy it 85-jierrich jubileum.
By Utjouwerij Afûk is in nije jeugdroman fan I.E. Bloem ferskynd: De Freon. In feest! Dat is wat Jeroen en syn freonen yn coronatiid wol brûke kinne. En wêr kin soks better as yn it bosk, dêr’t fierder gjinien him yn it donker sjen litte sil. Hielendal net no’t soks ferbean is fanwegen de jûnsklok.
Emma komt fansels ek. It is dan wol út tusken har en Jeroen, mar se wol withoegraach werris útgean mei har freondinnen, seker no’t se dy krekt har grutte geheim ferteld hat. Samira wit ûnderwilens noch net oft se wol nei it feest ta mei. En hiel feilich is it ek net. Want hoe sit dat mei dy oanrander? It gefaar loert tusken de beammen…
De Freon is de tredde Young Adult-roman fan I.E. Bloem. Mei It neidiel fan ’e twivel wûn de skriuwer yn 2022 de Simke Kloostermanpriis foar it bêste Fryske jongereinboek.
22 novimber is it wer tiid om nei de stimbus ta te gean. Mar wêrom is de stimpas eins folslein yn it Nederlânsk? Oer dy fraach bûgden de studinten fan Yung Frysk harren de ôfrûne wiken. Dat late allinnich mar ta mear fragen: wat wurdt der eins dien mei it Frysk yn de stimproseduere? En wa bepaalt dat?
ûndersyk
Om dy fragen te beäntwurdzjen gienen de studinten op ûndersyk út. Dat ûndersyk begûn op de website fan de Ryksoerheid, mar al gau sochten se kontakt mei it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en mei de ferskillende Fryske gemeenten. Dêrneist ynterviewden se prof. dr. Arjen Versloot, de ynterim-heechlearaar Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins, en Jan Koster, foarsitter fan DINGtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal. Fierder ûndersochten se de miskien noch wol wichtichste stim fan allegear, en gie it Yung Frysk-team de strjitte op yn Fryslân om te hearren hoe’t de Friezen sels tinke oer it (net) brûken fan de Fryske taal yn de stimproseduere.
soad mooglikheden om mear te dwaan mei it Frysk
De studinten hawwe harren ûndersyk yn in fideo fêstlein. Dêrby kamen se der al gau achter dat gemeenten in hiel soad mooglikheden hawwe om mear te dwaan mei it Frysk, mar dat dat op it stuit noch net bart. En dat wylst neffens prof. dr. Versloot taal krekt in middel is om in bân ta stân te bringen tusken de sprekker en de harker of de lêzer. “In hiel grut part fan de Friezen is Frysktalich en fielt him ek thús yn dy taal. Dus har oansprekke yn dy taal fersterket ek de bân as mienskip, as maatskippij, en ferkiezingen binne út soarte in middel om yn de maatskippij nije besluten te nimmen mei-inoar, en dêr wolle je elkenien by behelje. Dan is it wol sa ‘aardich’ om de Frysktaligen ek dúdlik te meitsjen dat se der by hearre, dat sy ek diel binne fan dy polityk.”
Frysktalige stimpas
Nei harren ûndersyk hawwe de studinten oan in oantal boargemasters in Frysktalige stimpas oerhandige, as in symboalysk advys om mear mei it Frysk te dwaan yn de stimproseduere.
Yung Frysk
Yn it projekt Yung Frysk fan de Afûk wurkje mbû- en hbû-studinten fan ferskate mediaopliedingen deroan om mear Frysk ûnder de jongerein te krijen. Yn de online omjouwing, bygelyks op Instagram, TikTok en YouTube, mar ek yn de fysike omjouwing, bygelyks om it stimloket hinne en by it stimproses.
De tiid fan dichtsjen en rymjen komt der wer oan as Sinteklaas ynkoarten foet oan wâl set. Yn it ferlet fan alle helpsinteklazen, hobbyrappers en aspirant-dichters wurdt no foarsjoen.
Op sneintemiddei 12 novimber 2023, hat de Fryske Akademy, yn ‘e mande mei rapper/kollumnist Pieter Zijlstra en syn maten, Sweder Oosterkamp en Teun de Vries, it ‘rymwurdboek’ pesintearre.
rymwurdboek op Frysker
It rymwurdboek is in útwreiding fan Frysker.nl, it digitale skriuwark dat stipe jout by it opstellen, staverjen en oersetten fan Fryske teksten. It rymwurdboek is streekrjocht te benaderjen fia Frysker.nl/rymje en fia rymwurdboek.nl.
Al langer hie de Fryske Akademy de winsk om wat mei rym te dwaan, mar dan wol op wittenskiplike basis. Der lei ek in ferlet yn de mienskip. Dat waard earder dit jier ferwurde yn in kollum fan Pieter Zijlstra yn de Leeuwarder Courant. Yn ‘e mande mei him en twa fan syn maten, Teun de Vries en Sweder Oosterkamp, is wurke oan in earste ferzje dy’t fan 12 novimber ôf troch elk brûkt wurde kin.
Hoe’t it wurket It rymwurdboek is basearre op wurdlisten en fonetysk skrift, de wize wêrop’t klanken yn in taal fêstlein wurde. Nei it ynfieren fan in rymwurd, siket it wurdboek yn trije stappen nei wurden dy’t rymje. As earste wurdt bepaald mei welk part fan it rymwurd socht wurde sil. Dat bart op basis fan it tal wurdlidden (lettergrepen), dêrby wurdt der ek rekken mei holden dat guon bylûden fuortfalle yn it fonetyske alfabet en mei stomme lûden. Dêrnei wurdt sjoen hokker wurden gelyk einigje kwa klank. As lêste wurde alle resultaten filtere en sortearre. It rymwurdboek sjocht dan nei hoe faak oft de wurden foarkomme, oft se ferâldere binne, en oft it foarkarsfoarmen binne of farianten. By it sortearjen wurdt earst groepearre op tal wurdlidden en dan oardere op suver rym of healrym, ynterne oerienkomsten, en op Frysk alfabet.
Healrym en takomstwinsken It rymwurdboek wurket op basis fan standert-Frysk. Ek is it mooglik om nei ‘healrym’ te sykjen. Dan wurdt sjoen nei klanken dy’t ticht byinoar lizze, lykas ‘ii’ en ‘ie’ yn ‘priis’ en ‘Fries’. Mei de tiid hopet de Fryske Akademy it rymwurdboek better te meitsjen troch noch mear foarmen fan healrym te identifisearjen en dêrneist ek mear omtinken te jaan oan it ferskaat oan regionale útspraken.
Op Freed 20 oktober binne de earste eksimplaren fan de prachtige nije boekesearje ‘De groep fan mees bok’, foar begjinnende Frysk-lêzers, oanbean oan de bern fan groep 3-4 fan CBS De Oanrin yn Twizel. De rige fan fiif nije boekjes binne skreaun troch Lida Dykstra en mei yllustraasjes fan Ina Hallemans. Earder binne se útbrocht yn it Nederlânsk (De klas van Mees Bok) en dêr is no in Fryske oersetting fan makke.
Boekerige
Yn elts diel fan de rige stiet in oar bistke út de groep fan mees bok sintraal. De dielen binne los fan elkoar te lêzen en binne skreaun op it nivo fan begjinnende Frysk-lêzers. De dielen slute allegearre oan op in seizoen fan it jier, sa is de ynhâld aktueel troch it jier hinne.
Derneist binne de boekjes ek tige geskikt om as toaniellêsboekjes yn te setten. Dat hawwe de bern fan De Oanrin sjen litten troch ‘de hut fan Das’ te meitsjen wylst Lida Dykstra mei de groep it ferhaal lies. Geandewei it ferhaal ûntstie der in prachtige hutte dêr’t alle bisten, spile troch in tal learlingen út groep 3-4, op harren eigen wize in bydrage oan leveren.
De skriuwster is tige wiis en grutsk dat de boeken der binne en fynt it wichtich dat der ek foar de begjinnende lêzer yn it Frysk goeie materialen binne.
“Mei dizze searje is der foar it earst in rige kleurige boeken om it begjinnend lêzen yn it Frysk foarm te jaan.”
Lida Dykstra
Yn de rige binne de folgjende fiif boeken ferskynd:
Foto: Afûk
Pas op, baarch!
Baarch fynt in hiel bysûndere pin. Hy makket allegear prachtige tekeningen. Dat is leuk! Mar as er in enge foks tekenet… Dan blykt dat syn tekeningen begjinne te libjen!
Knyn yn de put
Knyn wol graach in kado oan Mees Bok jaan. Se giet op syk yn de bosk. In lekkere nút of in moaie bloeiende tûke? As se in hege tûke plôkje wol, falt se yn in âlde put. Wat no?
Pup giet te fier
Mees Bok giet mei de groep nei it strân. Se bouwe in kastiel fan sân, genietsje fan de sinne en Mees Bok docht in knipperke. Se ha net yn ’e gaten dat Pup mei syn flot fierstente fier de see yn driuwt. Mei-elkoar kinne se Pup krekt op ’e tiid rêde.
Laam, wat bist tûk!
Mees Bok is siik! Hy hat it sop fan in din nedich, mar dat is op! Laam beslút om it op te heljen yn de bosk. Mar dêr leit in berch snie. De freonen geane mei. Soe it se slagje om de beam te finen en op ’e tiid wer thús te kommen?
De hut fan Das
Das bout in hut en yn dy hut is hy de baas. Mar de oaren meie der ek yn. Se nimme allegear wat mei en as der ek noch in fee lânskomt, wurdt it hielendal feest.